Springe nei ynhâld

Hynstesprong

Ut Wikipedy
Hynstesprongpuzel
Hynstesprongpuzel mei in siswize
Hynstesprongpuzel mei trije siswizen

In hynstesprong is in puzel wêrby't it wurd rieden wurde moat mei help fan in oanjûn fjouwerkant mei njoggen hokjes.

It oplossen fan de hynstesprong fan 3 x 3 hokjes kin linksom of rjochtsom mei de wizers fan de klok mei. Nei de earste letter folgje der twa hokjes dy't oerslein wurde moatte. Dan wurdt de folgjende letter deroan plakt. Troch hielendal rûn te gean, ûntstiet stadichoan it wurd. It spul wurdt slimmer as sawol de begjinletters as de spylrjochting foarrôf net bekend is.

De H is de startletter (sjoch hjirnjonken). De D en J wurde oerslein, wêrneist útkomst by de Y. Dêrnei de E ensfh. Uteinlik ûntstiet it wurd: HYNDERJE.

De namme komt út it skaakspul, wêryn it hynder op dizze manier fersetten wurde moat: ien rjocht en dan ien skean (of ien skean en dan ien rjocht).

Dit soarte puzels waard sa no en dan brûkt yn it taalprogramma Lucky Letters, TROS Triviant en ôfleveringen yn de Nederlânske telefyzjekwis Twee voor Twaalf.

Letterdamjen

In fariant fan de hynstesprongpuzel is is letterdamjen. It fjouwerkante spylfjild fan meastentiids 9 by 9 fekjes is fold mei letters en damstiennen. De earste letter fan it oplossingswurd stiet oan in sydkant fan it fjild. Fanôf de begjinletter moat neffens de regels fan it damjen oer de swarte stiennen sprongen wurde.

Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm