Sweedske puzel


In Sweedske puzel wurket itselde as in krúswurdpuzel, mar de omskriuwings fan de yn te foljen wurden stean yn it diagram (op it plak dêr't ornaris de swarte hokjes steane), mei in pylkje dat de rjochting oanjout wêryn it wurd ynfold wurde moat. Ek bestiet (troch de beheinde romte) de omskriuwing fan elk wurd meastentiids mar út ien of twa wurden wat dan in synonym betreft fan it te rieden wurd. By in gewoane krúswurdpuzel is dit net sa en steane der as omskriuwings bytiden hiele sinnen, útdrukkings of sprekwurden.
Fergelike mei in klassike krúswurdpuzel hat in Sweedske puzel folle gruttere hokjes, om de tekst yn de hokjes lêsber te hâlden; en in Sweedske puzel is eins nea symmetrysk opboud.
Skandinavië
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 24 septimber 1924 publisearre it Kopenhaachske deiblêd Berlingske Tidende de earste Deenske krúswurdpuzel. Yn 1924 ferskynde ek it earste Deenske puzelboekje, yn itselde jier dat yn de Feriene Steaten it earste ûnôfhinklike Ingelske krúswurdpuzelboekje útjûn waard.
Pas in pear jier letter soene de earste 'Sweedske' krúswurdpuzels ferskine mei omskriuwings binnen it diagram. It is ûnwis oft dit puzeluterlik in Deenske of in Sweedske oarsprong hat.[1]
Seker is wol dat de 'Berlingske Tidende' yn 1948 foar it earst krúswurdpuzels publisearre mei omskriuwings binnen it puzeldiagram. [2] De omskriuwings stiene yn de hokjes dy’t by gewoane krúswurdpuzels swart binne of in kleur ha. Yn 1948 tsjinne Berlingske Tidende in oktroaioanfraach yn foar dit puzeldiagram, en slagge der yn eksklusive rjochten te hawwen oant 1952, doe’t de oktroaioanfraach úteinlik ôfwiisd waard. [3] Dit puzeluterlik waard yn Skandinavië tige populêr ûnder de namme ‘Sweedske puzel'.[4]
Yn Skandinavië ha Sweedske puzels bytiden in wat oar uterlik as yn Nederlân. It meast opfallend is it grutte fek mei langere omskriuwings binnen it diagram. De nûmers fan dy lange omskriuwings korrespondearje mei de nûmers yn de puzel.
De hokjes mei omskriuwings hawwe yn Skandinavië komselden rjochtingpylkjes. Soms wurde meardielige of gearstalde nammen frege. Bygelyks ‘Foppe de Haan’. Yn it diagram wurdt dat grafysk werjûn mei ferskate pylkfoarmen. Dat kinne ek pylken ‘om in hoeke’ wêze.
Twatalige puzels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Begjin 2009 makke de Frânske heechlearaar Jérémy Arki twatalige puzels: se besteane út Frânske omskriuwings mei in oplossingswurd yn it Ingelsk, en út Ingelske omskriuwings foar in Frânsk oplossingswurd. It reaster bestiet dus út in mingsel fan Frânske en Ingelske wurden. De reade fakjes freegje om in in Ingelsk oplossinsgwurd en de blauwe fakjes freegje om in Frânske oplossing. De puzels waarden sûnt 17 july 2009 publisearre yn Le Monde 2 en dêrnei yn Le Monde Magazine. De puzels wiene 9x9 yn grutte. De maklike diagrammen binne meast fold mei ienfâldige oersettings. Yn de slimmere diagrammen naam Arki mear frijheid yn it brûken fan omskriuwings út Frânske en Angelsaksyske kultueren en yn de wurdkar yn de reasters; Guon puzels hiene in tema.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Taalpuzels | |
---|---|
anagrampuzel
• drûdel
• filippine
• hertpuzel
• hynstesprong
• kryptogram
• krúswurdpuzel
• paspuzel
• pazurgo
• pentagrampuzel
• petpuzel
• rebus
• sânglêspuzel
• scrabble
• sitaatpuzel
• slashpuzel
• spiraalpuzel
• Sweedske puzel
• taartpuzel
• trochrinner
• weefpuzel
• wordfeud
• wurdfrissel
• wurdian
• wurdl
• wurdljedder
• wurdriuwen
• wurdsiker
• wurdwjirm
|