Puzelboek
Yn in puzelboek steane puzeldiagrammen foar taalpuzels of oar soarte puzels.
Der binne puzelboeken mei krúswurdpuzels, Sweedske puzels, kryptogrammen, sudoku's, wurdsikers, trochrinners en mei oare puzelsoarten as bygelyks sudoku's. De antwurden fan de puzels steane soms efteryn de boekjes, mar ek wolris yn it neikommende nûmer. Bytiden kin in puzelpriis wûn wurde troch it ynstjoeren fan priispuzel.
Der boekjes wurde ferkocht yn boekhannels en supermerken. Gauris hawwe de boekjes in swierrigensgraad, fariërjend fan 1 stjer oant en mei 5 stjerren.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste (krúswurd)puzelboek waard yn 1924 makke troch de redaksje fan de Amerikaanske krante New York World. [1]
Yn 1983 ferskynde by De Friese Pers it earste "Frysk Puzelwurdboek" yn it Frysk fan Douwe van der Meulen. Yn dit boekje stiene twa puzelsoarten: krúswurdriedlings en Kryptogrammen. Der siet tagelyk in hantlieding yn foar it oplossen fan kryptogrammen.[2]
Yn 1984 ferskynden by de Afûk de "Harsenskrabje Frysk Puzelboekjes 1 en 2" fan ‘puzelfeint’ Jaap Wolthuizen.[3] Yn diel 1 stie in grut ferskaat oan puzelsoarten lykas trochrinners, spiraalriedsels, oanfolpuzels. Yn diel 2 stiene allinnich krúswurdpuzels.[4] Yn 1984 ferskynde foar bern ek noch "Puzelguod" fan Durk Wiersma, gearstald út materiaal fan it MSU yn Ljouwert.[5]
Yn 1989 waarden as fuortsetting op de puzelboekjes fan Wolthuizen de "Frysk puzelboekje 3" en "Frysk puzelboekje 4" fan Van der Meulen útjûn.[6][7] Yn de boekjes stie in grut ferskaat oan puzels, fan anagrammen, logigrammen en magyske fjouwerkanten oant lispuzels, wurdkoades en siswizers.
Yn 1994 kaam it puzelboekje Wurdsikers út. Dêryn stiene 55 tematyske trochstreekpuzels.[8] Om de lêstekens útkomme te litten, stiene de puzelwurden net yn haadletters oanjûn.
Oersjoch Fryske puzelboekjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Frysk Puzelboek (1983)
-
Harsenskrabje Frysk Puzelboekje 1 (1984)
-
Harsenskrabje Frysk Puzelboekje 2 (1984)
-
Frysk puzelboekje 3 (1989)
-
Frysk puzelboekje 4 (1989)
-
55 trochstreekpuzels (1994)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|