Springe nei ynhâld

Krúswurdpuzel

Ut Wikipedy
Krúswurddiagram mei hokjes yn Italjaanske styl

In krúswurdpuzel, krúswurdriedsel of koartwei krúswurd is in taalpuzel, populêr yn kranten en tydskriften.

De wurden kinne sawol horizontaal as fertikaal ynfold wurde yn in diagram. De hokjes foar en efter it oplossingswurd binne meast swart (mar kinne ek wol in kleur hawwe) sadat bekend is hoe lang it oplossingswurd wêze moat. De swarte hokjes foarmje meastentiids in symmetrysk patroan, hoewol't dit net needsaaklik is. Wichtich wol dat de wite hokjes ien oaniensletten gebiet foarmje en der gjin ïsolearre 'eilannen' yn it diagram steane. De flakferdieling yn wite en swarte hokjes wurdt diagram of reaster neamd. De measte letters hearre by in horizontaal wurd én by in fertikaal wurd. In antwurd bestiet út twa letters of mear. Yn Noard-Amearika moat elk oplossingswurd út trije letters of mear bestean. Yn sokke puzels binne de swarte hokjes mar 17% fan it totaal. Yn lannen Grut-Brittanje, Súd-Afrika, Yndia en Austraalje kin dit persintaazje swarte hokjes wol 25% wêze.

Ynstee fan swarte hokjes dy ’t de antwurden fan elkoar skiede, kinne ek ferdikke (fette) balkjes brûkt wurde.

Spegeling

Yn guon lannen moatte de puzelûntwerpen in symmetrysk diagram fan 180 graden rotaasje ha, ek wol bekend as radiaal). Dan bliuwt it patroan gelyk as it papier ûnderstboppest draaid wurdt. Boppedat eaget it diagram dan rêstiger. By duale of dûbelde symmetry is de spegeling links/rjochts en tagelyk boppe/ûnder sadat it diagram der fan alle kanten itselde út sjocht. De measte puzelûntwerpen easkje ek dat alle wite hokjes ortogonaal oangrinzjend binne, dus inkeld mei de platte kanten tsjin elkoar.

Alle puzelsoarten hawwe in eigen soarte diagram. Yn in krúswurdpuzel sitte bygelyks mear wite hokjes as yn in kryptogram.

Puzel mei de nûmering bûten it diagram
Ofmjittings

Puzels wurde meastentiids net lytser as 4x4. Elke krante of puzelboekje hat faak standertmjitten. Sa binne in soad krantediagrammen (lykas dy fan de Ljouwerter Krante) faak 15 × 15 hokjes. Puzels fan guon wykeinkranten kinne wol 21 × 21, 23 × 23 of 25 × 25 wêze. De New York Times-puzels ha in mienskiplik patroan fan Amerikaanske krúswurdpuzels dy 't yn de rin fan de wike yn swierrichheid tanimme: de moandeispuzels binne it maklikst en de puzels wurde alle dagen slimmer oant sneon. De diagrammen hoege net perfoast rjochthoekich te wêzen. Yn de Friesland Post steane bygelyks faak krúswurddiagrammen yn de foarm fan in pompeblêd of in krystbeam.

Nûmering

Yn de measte krúswurdpuzels steane de lytse nûmerkes fan de frege wurden binnen de wite hokjes. Mar de wite hokjes wurde ek wolris oantsjutten oan de bûtenside fan it diagram. Sa kinne kolommen nûmere wêze yn Arabyske (1, 2, 3, etc.) of yn Romeinske sifers (I, II, III, ensfh.) of sels yn haadletters (A, B, C, ensfh.), en dat jildt ek foar de rigen. It jout foar puzelders minder betizing as der foar de rigen oare tekens brûkt wurdt as foar de kolommen. De omskriuwings steane meastentiids bûten it diagram, ferdield yn in horizontaal en in fertikaal-list. It nûmer fan de omskriuwing ferwiist nei it numerke binnen it diagram. De hokjes yn it diagram wurde fan links nei rjochts nûmere, begjinnend op de boppeste rige en dan fierder nei ûnderen ta. Guon Japanske krúswurdpuzels binne fan boppen nei ûnderen lâns elke kolom nûmere, te begjinnen mei de meast linkse kolom en dan nei rjochts.

Troch yn in patroan fan hokjes de letters fan wurden yn te foljen is de puzel op te lossen. De antwurden kinne jûn wurde oan de hân fan omskriuwings. De omskriuwings binne nûmere, en yn it diagram moat by datselde nûmer it antwurd ynfold wurde. In goede puzelmakker brûkt gjin seldsume ôfkoartings, slimme sykten en brûkt leaver inkelfâld. De omskriuwings wurde sa koart mooglik hâlden. De puzelantwurden wurde meastentiids oanjûn yn haadletters. Dat betsjut dat de haadletter fan eigennamme krúsje kin mei in lytse letter fan in gewoan wurd. By Fryske puzels bliuwe diakrityske tekens stean, in û kin dus allinnich mei in û krúsje en net mei in ú of in gewoane u. Yn oare talen wurde alle letters as haadletters beskôge en wurde diakrityske tekens dus negearre.

Tips foar begjinnende krúswurdpuzelders
  • Begjin net ten koste fan alles mei de wurden by 1 horizontaal en 1 fertikaal (meastentiids links boppe-oan).
  • Gean skriks en skrank troch it diagram en ful earst de ‘maklike’ wurden yn
  • Skriuw earst wurden op dy’t fêstlein wurde kinne troch krúsjende wurden
  • Brûk in potlead en gom ynstee fan in pinne
Satorfjouwerkant
Krúswurdopjefte fan Giuseppe Airoldi uit 1890
Wurdskower as foarbyld fan werskikking
Arthur Wynne syn earste krúswurdpuzel fan 21 desimber 1913
Krúswurdpuzel fan Calvé yn de LC fan 2 maaie 1925. Underoan it berjocht oer de útslach
Kruiswoord-Raadsel troch in 14-jierrige yn de LC fan 13 maart 1925

Al iuwenlang binne minsken dwaande mei it oplossen fan riedsels, en it mei taal ferbergjen of ferfoarmjen fan ynformaasje. De mienings oer de oarsprong fan de krúswurdpuzels binne ferdield. Amerikaanske puzzels binne âlder as de Nederlânske. Yn Amearika bestie sûnt 1883 it puzelplatfoarm ‘The National Puzzlers’ League’. [1] Leden besprutsen dêryn besteande, ôflate en nije puzelsoarten. Puzels waarden rûchwei yn trije groepen ferdield. De ‘cryptograms’ bestiene út geheimskrift lykas dy troch geheime tsjinsten brûkt waard. De ‘flats’ wiene iendiminsjonale puzels wêrby't elke omskriuwing ien-op-ien nmar ta ien út te skriuwen oplossing liede koe. Ta de flatsoarten hearre bygelyks anagrammen, rebussen en sjarades. De tredde groep wiene de ‘forms’ dêr't neist wiskundige figueren ek krúswurdriedsels en kryptogrammen ûnder falle. It Nederlânske en Fryske ‘kryptogram’ hat him ta in dúdlik oare puzelsoarte ûntwikkele as it Ingelske 'cryptogram’. Wa’t de earste krúswurdpuzel publisearre hinget ôf fan wat ûnder in krúswurdpuzel ferstien wurdt. Yn 1980 waard yn de ruïnes fan Pompejy it âldste satorfjouwerkant fûn. It wie in spul mei palindromen dat te fergelykjen is mei in krúswurdpuzel (al brûkte it wol bustrofedons). De earste puzels ferskynden yn deiblêden en wiene basearre op in tal útgongspunten:

  • werskikking
Oanset ta de earste Nederlânske krúswurdpuzel yn it Algemeen Handelsblad fan 20 desimber 1913)
Iere Nederlânske 'kruisraadsels' lykas dy om 1914 ferskynden yn de rubryk "Raadsels" fan it Algemeen Handelsblad.

De ienfâldichste foarm is de skopuzel, troch it horizontaal ferskowen fan wurden kin fertikaal in oplossingswurd sichtber makke wurde. Hjir is dus sprake fan krúsjende letters.Ta werskikking kinne ek iepen wurdopjeftes rekkene wurde: Meitsje safolle mooglik wurden fan 4 of 5 letters dy’t makke wurde kinne út in opjûn wurd, wêrby’t de letters net twaris foarkomme meie. Wat slimmer is it ynfoljen fan omskreaune wurden wêrby’t alle nedige puzelletters oanjûn steane. ‘Gjin roazen sûnder 1, 12, 9, 6, 17, 14, 17’ (toarnen). Ynstee fan oanjûne letters kinne ek wurdlidden jûn wurde. Foarbylden fan werskikking binne ek anagrampuzels, sitaatpuzels, besitekaartsjes en hynstesprongpuzels.

  • ferfanging

By de Rebus is natuerlike taal ferfongen troch byldtaal. Oare foarbylden binne de sifer- en letterriedsels: der is gjin ien-op-ienferbân tusken in letter en in sifer. Sifer- en letterriedsels kinne beskôge wurde as de foarrrinder fan de filippinepuzel.

  • taheakking/weilitting

In foarbyld fan taheakking en weilitting is de omskriuwing: 'Jou ien op redens in bylûd en hy wurdt fan adel'.(rider-ridder). In omskriuwing dy’t al wat liket op de lettere kryptogrammen is: 'De barbier zit zonder drank aan de tap' (barbier-bier=bar) Troch in letter foar, yn of efter in omskreaun wurd te setten ûntstiet bygelyks fertikaal in oplossingswurd mei in nije betsjutting. Ynstee fan in letter taheakje kin ek in letter weilitten wurde. De weilitten letters foarmje dan de einoplossing. De sjarade is in faak brûkte puzel.

Ingelske krúswurdpuzels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn de achttjinde ieu waarden guon puzels opnomd yn The Stockton Bee (1793-1795), in koarte publikaasje. [2] De term krúswurdpuzel waard foar it earst skreaun yn 1862 troch Our Young Folks yn de Feriene Steaten fan Amearika. Krúswurdriedlingspuzels, bygelyks Double Diamond Puzzles, ferskynden yn it tydskrift St. Nicholas, publisearre sûnt 1873.[3] In oare krúswurdpuzel ferskynde op 14 septimber 1890 yn it Italjaanske tydskrift Il Secolo Illustrato della Domenica. Dy waard ûntwurpen troch Giuseppe Airoldi en hie as titel Per passare il tempo (Om de tiid te deadzjen). Airoldi syn puzel wie in 4x4-reaster sûnder swarte hokjes, en it hie horizontale en fertikale oanwizings.[4]

Krúswurdpuzels yn Ingelân yn de 19de iuw wiene fan in elemintêr soarte, bygelyks ôflaat fan it wurd fjouwerkant, in groep wurden, sadat de letters fertikaal én horizontaal gelyk wiene, en waarden ôfdrukt yn bernepuzelboeken en ferskate tydskriften.

In cartoon út 1925 yn Punch oer "The Cross-Word Mania. In man skillet syn dokter yn’e midden fan de nacht en freget om "de namme fan in lichaamlike steurnis fan sân letters, dêr ’t de twadde letter in N fan wêze moat.

Op 21 desimber 1913 publisearre Arthur Wynne, in ymmigrantesjoernalist út it Ingelske Liverpool, in word-cross-puzel yn de New York World. Wynne wie redakteur by dy krante dy ’t eigendom wie fan krantemagnaat Joseph Pulitzer. Syn puzel hie de measte skaaimerken fan de hjoeddeiske puzels. Syn krúswurdpuzel wie oars omdat der gjin swarte hokjes yn brûkt waarden. De puzel wurdt faak neamd as de earste krúswurdpuzel, en Wynne as de útfiner. Letter waard de namme word-cross fan de puzel feroare yn cross-word. [5]

Krúswurdpuzels ferskynden alle wiken yn de World en oare kranten folgen: de Pittsburgh Press (1916) en The Boston Globe (1917).[6] Yn de tweintiger jierren fan de tweintichste iuw krigen krúswurdpuzels mear omtinken. Yn 1925 meldde de iepenbiere bibleteek fan New York dat it de nijste raazje is om nei de bibleteken te gean om de krúswurdpuzels, en klage dat as "de puzzel" útkomd wie, de leafhawwers nei de wurdboeken en ensyklopedyen swaarmen en sa lêzers en studinten fuortjagen dy't dy boeken brûke moasten. Hoe kinne lêzers yn de bibleteek beskerme wurde dy’t sokke boeken nedich hawwe foar harren deistige wurk. Is it net de taak fan de bibleteek wie om syn legitime lêzers te beskermjen?[7]

It earste Ingelske boek mei krúswurdpuzels ferskynde yn 1924, en waard útjûn troch Simon & Schuster. 'Dit frjemd útsjende boek mei in potleadsje der oan' wie daliks in boppeslach en waard de raazje fan 1924. De raazje fan de krúswurdpuzels krige wiidweidich omtinken, net allinnich posityf: yn 1924 klage de New York Times oer de sûndige fergrieming yn de folslein nutteleaze fynst fan wurden dêr’t de letters fan passe yn in foarôf ôfsprutsen patroan, min ofte mear yngewikkeld. Soks is hielendal gjin spultsje, it kin amper in sport neamd wurde... [oplossers] leare der neat fan, útsein in primitive foarm fan mentale oefening, en súkses of falen is likemin fan belang foar mentale ûntwikkeling. [8] In dûmny neamde de wurking fan krúswurdpuzels it skaaimerk fan in bernige mentaliteit en sei: It is ûnsin om te bewearen dat puzeljen yntellektuele wearde hat. [9] In oar skreau lykwols in folslein Bibel Krús-Wurd Puzel Boek. De New York Times soe lykwols gjin krúswurdpuzel publisearje oant 1942; yn 2017 is de Times-puzel ien fan de populêrste fan Amearika.

It earste krúswurdpuzel yn Grut-Brittanje wie neffens Tony Augarde yn syn Oxford Guide to Word Games (1984), stie yn ferbrewaris 1922 yn Pearson's Magazine. Acht jier letter, op 1 febrewaris 1930, ferskynde de earste puzel yn de Times. [10] Yn it Feriene Keninkryk wie de Sunday Express de earste krante dy't op 2 novimber 1924 in krúswurdpuzel publisearre. De term krúswurdriedsel ferskynde foar it earst yn it Oxford Ingelsk Wurdboek yn 1933. [11]

Yn de 21ste iuw binne der in soad populêre krúswurdpuzels yn kranten en online. De meast prestizjeuze (en fan de swierrichste om op te lossen) binne de New York Times-puzels. De earste redakteur fan de krúswurdpuzels fan de New York Times wie Margaret Farrar, dy’t fan 1942 oant 1969 redakteur wie. Sûnt 1993 wurde de puzels fersoarge troch Will Shortz, de fjirde krúswurdpuzelûntwerper fan Times. Yn 1978 wie Shortz de inisjator en organisator fan it jierlikse Amerikaanske Krúswurdpuzeltoernoai.

Nederlânske krúswurdpuzels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kranten en wykblêden stiene oan de basis fan de opkomst fan krúswurdpuzels. It Algemeen Handelsblad hie yn de njoggentjinde iuw al rubriken dy’t bedoeld wiene om bern en folwoeksenen yn oanrekking te bringen mei saken dy’t as ûntspannen en learsum beskôge waarden. Benammen it Algemeen Handelsblad ûntwikkele al gau in brede puzeltradysje. Ek De Telegraaf sette al gau puzels foar bern. Fan de wykbladen pleatste De Groene al yn de njoggentjinde iuw logyske, wiskundige en taalpuzels. De deiblêden De Tijd en Het Volk kamen pas yn de tweintichste ieu mei puzels foar harren lêzers.

Yn de earste helte fan de tweintichste iuw krigen puzels in fêst plak neist it skaken, it damjen en yn in soad kranten ek it bridgen. By de puzelrubriken stiene gauris taalgrapkes, fersprekkings en waarden singeliere misferstannen besprutsen. Doe’t de kranten yn de jierren foar de earste Wrâldoarloch dikker waarden ûntstie romte foar puzeljen. It Algemeen Handelsblad hie fan 1907 ôf de deistige rubryk 'Onder de Streep' mei wurdboarterijen, rekkenpuzels en stripferhalen foar de jeugd, ferskes, rymkes, anekdoates en ferskate foarmen fan puzeljen lykas de sjarade: ‘Myn earste diel is in lichemsdiel, myn twadde diel it tsjinstelde fan “boppe”, my tredde en fjirde diel sitte op in wizerplaat, myn gehiel sjochst alle dagen op skoalle’ (haad-ûnder-wizer). De Ljouwerter Krante krige op moandei 18 desimber 1911 syn earste ‘Kinderblad der Leeuwarder Courant’ ûnder redaksje fan ‘een dame die zich “Hermanna” neamde. Yn dit ûnderdiel fan de krante stiene riedsels, cartoons en puzels. Yn it ynterbellum hiene de measte kranten in spesjale redakteur foar bern mei nammen as 'Tante Helene' en 'Tante Tine' (De Telegraaf), 'Oom Jaap' (De Nederlander) en sûnt oktober 1923 ‘dr. Linkerhoek’ mei syn rubryk ‘Onder de Streep’ (Algemeen Handelsblad). Fan dy tiid ôf koene bern harren oplossing ynstjoere. Ut de 2000 oplossing waarden foar it earst puzelprizen ferlotte.

Op 30 jannewaris 1925 ferskynde yn de Ljouwerter Krante it artikel ‘De gevaarlijke kruiswoordpuzzle’. Yn it stikje waarden puzelders troch in Ingelske eachspesjalist warskôge foar pine yn’e holle, oerspandheid en minne eagen. In moanne letter ferskynde yn de LC in kommersjele ‘puzzle’ fan sûkelarjefabrikant Van Houten dêr’t dikke prizen mei te winnen wiene. Op freed 25 maart 1925 ferskynde yn it ‘Kinderblad’ op side 36 fan de Ljouwerter Krante in ‘’Kruiswoord-Raadsel” (‘Ingezonden door een 14-jarigen stadsgenoot’). Op sneon 8 augustus 1931 sette de LC har earste ‘Kruiswoordraadsel’ yn it ‘Fjirde blêd’ fan de krante. Fan dat jier ôf soene yn de Ljouwerter faker krúswurdpuzels yn de sneonskrante ferskine. De earste krúswurdpuzels waarden makke troch redakteuren dy’t it puzels meitsjen neist harre gewoane wurk diene. Under it kopke ‘Kruiswoorden-puzzles’ sette Dr. Linkerhoek op 12 jannewaris 1925 yn it Algemeen Handelsblad de earste Nederlânske krúswurdpuzel. Njonken twa diagrammen beskreau hy hoe’t it riedsel oplost wurde moast. Hy sette der ek by dat in ‘kruiswoordenpuzzle’ eins gjin bernewurk wie, en kundige oan dat de earstkommende sneon (17 jannewaris) krekt sa’n ‘puzzle pleatst wurde soe. Foar de ynstjoerders wiene fiif edukative prizen beskikber. De puzels dy’t dêrnei ferskynden wiene bedoeld foar ‘elke leeftyd’, en de rubryktitel ‘Onder de Streep voor Kinderen’ krige as namme ‘Denken en Doen’. Fiif dagen nei it ferskinen fan de yntroduksje yn it Algemeen Handelsblad ferskynde ek op 17 jannewaris yn wykblêd ‘Het leven’ in ‘’Cross-Word-puzzle’’, in puzel dy’t op folwoeksenen rjochte wie. It wie krekt soksoarte puzel as dy yn it Algemeen Handelsblad. Neidat op 7 febrewaris 1925 by in krúswurd- fan sûkelarjefabrikant Bensdorp in bedrach fan ‘’f’’100 ‘wûn wurde koe reägearre sûkelarjefabrikant Kwatta daliks mei út in totale prizepot fan f 25.000 in haadpriis fan f1000 beskikber te stellen (trije kear it jierlean fan in tsjinstfaam). De puzeloplossing bestie út in reclameslogan. Troch it súkses publisearren folle mear firma’s in krúswurdpuzel. Troch de dikke prizen waarden de krantepuzels populêr. De NRC brûkte as earste de namme ‘puzzel’ ynstee fan ‘puzzle’. Puzelders waarden yn de tritiger jierren befrege op it mêd fan mytology, de bibel en benammen wurdkennis. Neist oare puzelsoarten ferskynde yn de measte kranten om de fjirtjin dagen in krúswurdpuzel. Yn de Twadde Wrâldoarloch ferskynden yn de saneamde legale kranten noch lange tiud krúswurdpuzels.

De Amsterdamske útjouwer Isaac Keesing seach yn Dútslân it puzelboekje Das Deutsche Rätselbuch en kaam al gau mei in eigen Nederlânske útjefte. Syn earste Nederlânske puzelboekje ‘Denksport’- mei de ûndertitel ‘voor volwassenen’ - ferkynde op 3 oktober 1930 by útjouwerij Keesing. Op de 16 siden fan it boekje stiene ek in grut tal farianten fan de krúswurdpuzel. Haadredakteur Ger Goedegebuure lei him ta op kwaliteitsferbettering fan besteande puzels en eksperimintearre mei noch mear puzelfoarmen. Sa ferskynde fan syn hân de earste trochrinner. Yn de blêden ferskynden dêrnei puzelsoarten me nammen as sirkelriedsel, wurdljedder, keppelriedsel en traaljewurk. Der wie ek in krúswurdpuzel sûnder swarte hokjes. Boppedat wiene der farianten yn foarmen en ôfmjittings. Keesing stjoerde fergees puzels nei kranten en tydskriften dy’t noch gjin krúswurdpuzels hiene en makke reklame op oanplakpylders. De redakteuren fan de NRC makken fan 1936 ôf sels gjin krúswurdpuzels mear, mar kochten se fan Denksport. It puzelblêd ‘Denksport’ krige yn 1946 konkurrinsje fan it moanneblêd ‘Puzzlesport’ fan útjouwerij Born yn Assen. Neist krúswurdriedsels en magyske fjouwerkanten stiene yn de earste nûmers ek trochrinners en skaakproblemen.

De Nederlânske omskriuwings wiene rjochte op it wurdboek, mar de Ingelske crosswords hiene mear ensylopedyske fragen. Yn krystpuzels stiene mear kennisfragen en fragen út de mythology en de bibel. It wurd ‘denksport’ feskynde yn 1946 foar it earst yn in wurdboek. Yn ‘Kramers Nederlands woordenboek’ waard ‘denksport’ troch C.B. van Haringen omskreaun as oefening fan it tinken as ûntspanning (troch riedsels ensfh.). Doe wie der noch gjin sprake fan damjen, skaken en bridgen. De krúswurdpuzels waarden yn de fyftiger jierren grutter en de omskriuwings waarden oanpast oan it feroarjende taalgebrûk. By de omskriuwings bleaune wurdboeken de toetsstien. Dochs bleaune der ‘klassike’ omskriuwings fan koarte wurden mei jargon as ‘Open plaats in het bos’ (tra), ‘oude lengtemaat’ (el) en ‘plaats in Gelderland’ (Ede). Yn de santiger jierren kamen der neist de slimmere krúswurdpuzels ek puzelboekjes foar de jongerein. It nivo fan de measte puzelblêden waard oanjûn mei stjerren of stippen. Dy stiene foar op it kaft. Nul stjerren of stippen binne de maklikste en sân (of acht) stjerren binne it slimste. Yn de jierren santich waard it assortimint puzelboekjes útwreide nei boekjes mei ien puzelsoarte. It ferskaat oan lytse riedsels ferdwûn geandewei. In soad puzelders stapten oer fan de klassike krúswurdpuzel nei krúswurdpuzels mei in oar uterlik, de Sweedske puzel.

Yn Nederlânske krúswurdpuzels wurdt de ij beskôge as ien letter, dy’t ien hokje folt, en de IJ en de Y wurde as ûnderskieden beskôge. Dizze ôfspraak kinne fariearje by oare wurdspultsjes.

Fryske krúswurdpuzels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fryske krúswurdpuzel sûnder swarte hokjes.

Oer de publikaasje fan it earste Fryske krúswurdpuzels is net folle bekend. Wol ferskynde op 17 april 1976 in anonime krúswurdpuzel yn Frysk & Frij. It symmetryske diagram fan 15x15 ferskynde ûnder de titel Puzzelje mei Peaske. [12] Hast oardel jier letter ferskynde yn deselde krante in krúswurdpuzel fan Jan de Boer út Ljouwert. De puzelomskriuwings wiene skreaun yn de destiids nije Steatestavering. Oan de lêzers waard frege oft der ferlet wie fan no en dan in puzel.[13] It late ta meardere ynstjoerde puzels, makke troch de lêzers. Wol ûntstie sa no en dan argewaasje oer bygelyks it brûken fan bûtenlânske wurden of oer fouten yn de puzel.[14] De measte makkers waarden by namme neamd, in anonime makker út Snits levere meardere kearen in puzel oan.[15] It grutte tal ynstjoerders en de soad positive reäksjes foarmen de oanlieding foar de redaskje om mei Fryske puzels út ein te setten. Sûnt 1980 wie Jaap Wolthuizen as 'Puzelfeint' fêste meiwurker oan Frysk & Frij.

Yn 1983 ferskynde by de Friese Pers it Frysk Puzelboek fan Douwe van der Meulen mei Fryske krúswurdriedlings en Fryske kryptogrammen. In jier letter ferskynden fan Wolthuizen twa boekjes mei krúswurdpuzels en yn datselde jier ek 'Puzelstipe', in boekje mei 5.000 puzelwurden. Fan 2005 ôf ferskynden Wolthuizen syn Fryske deipuzels alle wiken yn de Ljouwerter Krante. Sûnt 1991 makket Van der Meulen Fryske krúswurdpuzels dy’t om de fjirtjin dagen ferskine yn de Ljouwerter Krante. Yn 1992 ferskynde syn Frysk Puzelwurdboek as help foar Fryske puzelders. Yn 2002 makke er mei Otto Wiersma it ynteraktive krúswurdspultsje Wurdwiis, dat útkaam op skiif, tagelyk mei de Fryske Puzelensyklopedy. Dit wie de digitale foarm fan it tsien jier earder ferskynde Frysk Puzelwurdboek. Yn 2006 en 2007 foarmen de puzelbestannen de basis foar ynteraktive puzels dy’t op de webside fan de Ljouwerter Krante spile wurde koene.

Yn it Frysk wurdt de ij beskôge as ien letter. De diakrityske tekens wurde gewoan brûkt, mei onmdat se beskiedend binne yn betsjutting: kût krijt in oare betsjutting as it teken weilitten wurdt.

Krúswurdpuzels yn oare lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Frankryk
Diagramrekôr sûnder swarte hokjes út 2004 fan J. C. Meyrignac

De earste Frânske krúswurdpuzel ferskynde yn 1924 ûnder de namme Mosaïque mystérieuse.[16]Frânsktalige krúswurdpuzels binne lytser as Ingelsktalige en net needsaaklik fjouwerkant: der binne meastentiids 8-13 rigen en kolommen, yn totaal 81-130 fjouwerkantsjes. Se hoege net symmetrysk te wêzen en wurden mei twa letters binne tastien, yn tsjinstelling ta de measte Ingelsktalige puzels. Untwerpers stribje nei sa min mooglik swarte hokjes. In swart-wyt fjouwerkantsjegebrûk fan 10% is normaal; Georges Perec ûntwurp in soad 9×9-reasters foar Le Point mei fjouwer of sels trije swarte fjouwerkantjes.[17] Ynstee fan de yndividuele oanwizings te nûmerjen, binne de rigen en kolommen nûmere as op in skaakboerd. Alle oanwizings foar in bepaalde rige of kolom wurde, tsjin it nûmer derfan, oanjûn as ôfsûnderlike sinnen. Didier Clerc makke yn 1987 mei Jean-Pierre Sangin ien fan de earste kompjûterprogramma’s dat Scrabbleje koe. It programma – mei de namme Scrabbleur – soe de wrâldkampioenskippen fan 1986 en 1987 wûn ha. Yn 1996 kaam hy mei Pierre-Claude Singer yn it Guinness Book of Records troch it meitsjen fan de grutste krúswurdpuzel ea makke yn alle talen (160.000 hokjes, 50.139 wurden en omskriuwings).

It grutste reaster sûnder swarte hokjes fan in 7x7 diagram waard yn 1989 makke troch Gabriel Raymond en publisearre yn Le Nouvel Observateur yn 1994. It ferskynde yn de 2000 ste edysje fan it Guinness Book of Records. Mar mei de komst fan tige krêftige mikrokompjûters waard dat mear as iens ferbettere. Claude Coutanceau krige it rekôr yn juny 2010 fan it grutste reaster sûnder swarte hokjes: in 9 × 9 reaster 7. 9 × 9 grids waarden ûntdekt, twa yn 1996 en trije troch Laurent Bartholdi yn 2007 troch Brice Allenbrand. Dizze diagrammen binne symmetrysk, mei horizontaal en fertikaal likense wurden yn it fjouwerkant. Yn 2018 wiene der 54 fan sokke reatsers fan 9x9 fûn.[18]

Israel

Modern Hebriuwsk wurdt gewoan skreaun mei allinnich de bylûden; lûden wurde begrepen of ynfierd as diakrityske tekens. Dat kin liede ta dûbelsinnichheden by it ynfieren fan guon wurden, en puzelûntwerpers jouwe oer it generaal oan dat antw wurden ynfierd wurde moatte yn 'Ktiv hasar niqqud' mei inkele lûden of 'Ktiv hasar niqqud' sûnder lûden. Fierders, omt it Hebrieusk fan rjochts nei links skreaun is, mar Romeinske sifers brûkt wurde en skreaun fan links nei rjochts, kin der dûbelsinnichheid wêze yn de beskriuwing fan lingtes fan yngongen, yn it bysûnder foar mearwurdsfrasen. Ferskillende puzelûntwerpers brûke ferskillende konvinsjes foar beide kwestjes.

Itaalje

Yn Itaalje binne krúswurdpuzels meastentiids langwerpich en grutter as Frânske, wêrby't 13×21 in wênstige mjitte is. Krektas yn Frankryk binne de diagrammen meastentiids net symmetrysk; twaletterwurden binne tastien; en it ynfinityf of ôfslutend mulwurd fan tiidwurden binne tastien, lykas ôfkoartings; yn gruttere krúswurdpuzels is it wizânsje om de midden fan de reastersinnen te pleatsen dy’t bestean út twa oant fjouwer wurden of foarnammen en eftternammen. In fariant fan Italjaanske krúswurdpuzels brûkt gjin kleure hokjes: wurden wurde begrinze troch it ferdikjen (fet meitsjen) fan it reaster. In oarem fariant begjint mei in leech reaster: de oplosser moat én de antwurden én de kleure hokjes ynfoegje en horizontaal en fertikaal oanwizings binnen ofwol oardere op rige en kolom, of hielendal net oardere. Tige dreech is 'it dreechste krúswurdpuzel fan de wrâld’, dat alle jierren troch Ennio Peres makke wurdt.

Japan

Yn it krúswurdriedsel fan de Japanske taal wurde fanwege it skriuwsysteem ien wurdlid (meastal katakana ) ynfierd yn elk wyt hokje fan it reaster ynstee fan ien letter. Dêrtroch liket it typyske oplossingsdiagram lyts yn fergeliking mei dy fan oare talen. Elk twadde Yoon-teken wurdt beskôge as in fol wurdlid en wurdt komselden skreaun mei in lytser karakter. Sels siferkrúswurden hawwe in Japansk ekwivalint, hoewol‘t pangrammatisiteit net fan tapassing is. Krúswurdpuzels mei kanji om yn te foljen wurde ek makke, mar yn folle lytsere oantallen omdat it mear muoite kostet om te meitsjen. Nettsjinsteande dat Japanners trije skriuwfoarmen hawwe -hiragana, katakana en kanji- wurde se komselden kombinearre mei in inkele krúswurdpuzel.

Meartalige krúswurdpuzel

In meartalige krúswurdpuzel hat wurden yn ferskillende talen, meastentiids twa. Sa kinne bygelyks in Fryske en Nederlânske puzel kombinearre wurde, wêrby’t de omskriuwings yn de iene taal binne en de oplossing yn de oare taal.

Stavering yn oare talen

Ut New York wei ha de krúswurdpuzels har ferspraat nei in soad lannen en talen. Yn oare talen as it Ingelsk wikselt it brûken fan diakrityske tekens neigeraden de stavering fan de taal, dus:

  • Yn it Afrikaansk wurde alle diakrityske markearrings negearre. Wurden as TEË (betsjutting: tsjinsteld) en TEE (wat ‘’tee’’ betsjut) wurde beide as TEE skreaun. Itselde jildt foar SÊ (sizze) en SE (hearre by) en folle oaren.
  • Yn it Esperanto wurde diakrityske tekens hanthavene.[19]
  • Yn it Frânsk, Spaansk en Italjaansk wurde aksinttekens en de measte oare diakrityske tekens weillitten, útsein de tilde yn it Spaansk: bygelyks yn it Frânsk kin de lêste E fan antwurd ÊTRE ferdûbelje as de lêste É fan CONGÉ at dy skreaun wurdt as ETRE en CONGE ; mar yn it Spaansk binne N en Ñ ferskillende letters.
  • Yn krúswurdpuzels yn de Dútske taal wurde de umlauten ä , ö en ü omsetten yn ae, oe en ue en wurdt ß feroare yn ss.
  • Yn it Hongaarsk wurde diakrityske tekens ofwol folslein respektearre ofwol net respektearre at it de lingte oantsjut, dat wol sizze I / Í , O / Ó , Ö / Ő , U / Ú , Ü / Ű wurde as itselde beskôge, mar net A / Á en E / É dy’t ferskillende lûden oanjouwe; hoewol’t it ferskill tusken de koarte/lange letterpearen in ûnderskiedend skaaimerk is yn it Hongaarsk. Digrafen folje twa hokjes.
  • Yn Ierske krúswurdpuzels wurde de aksinten op Á É Í Ó Ú allegear respektearre, dus (bygelyks) kin de Í yn SÍB net ferdûbelje as de I yn SLIABH .
  • Yn it Latyn wurde diakrityske tekens neageard. Dêrom wurdt A beskôge as itselde as Ă of Ā . Ecclesiastical Latin wurdt ornaris yn de sprektal brûkt. Sjoch it moanneblêd fan Latynske krúswurdpuzels. [20]
  • Yn it Portegeesk wurde diakrityske tekens weilitten, mei útsûndering fan Ç. Sadwaande kin A krúsje mei à of Á.
  • Yn it Roemeensk wurde diakrityske tekens weilitten.
  • Yn it Russysk ferdûbeld Ё as Е mar Й wurdt oars beskôge as И ; it sêfte teken Ь en it hurde teken Ъ nimme in oar hokje yn, oars as dat dat fan de foarige letter.
  • Yn it Spaansk krúswurdriedsel folje de digrafen l en ll twa hokjes, hoewol’t se yn in tal âlde krúswurdpuzels (fan foar de staveringsherfoarming fan 1996) ien hokje beslaan.
  • Yn it Tsjechysk en it Slowaaksk wurde diakrityske tekens respektearre en nimt ch , dy 't beskôge wurdt as ien letter, ien hokje yn beslach.

Der binne ferskate farianten op de krúswurdpuzel:

Sweedske puzel

In Sweedske puzel wurket itselde as in krúswurdpuzel, mar de omskriuwings steane yn it diagram (op it plak dêr't oars de swarte hokjes steane). In pylkje jout de skriuwrjochting fan it oploswurd oan. Yn in Sweedsk diagram steane faak ien of mear foto’s dy’t in blok mei hokjes ferfange. Of de foto's jouwe in oanwizing foar ien of mear antwurden, bygelyks de namme fan in sporter of in soarte rymke dat dat oan de foto keppele wurde kin. Sweedske puzels hawwe meastentiids gjin symmetry, mar ha wol faak in mienskiplik tema (literatuer, muzyk, natoer, geografy, eveneminten, ensfh.)

Trochrinner

By in trochrinner steane der gjin swarte hokjes yn it diagram, en moatte de wurden yn ien regel of kolom efter elkoar ynfold wurde. De puzelder wit dan net hoe lang oft elk oplossinsgwurd wêze moat. De omskriuwings fan de wurden binne ek per regel of kolom jûn. By drgere puzels is ek de regel of de kolom net oanjûn. Dat wurdt in folslein trochrinnende trochrinner neamd. Frije krúswurdpuzels ("kriskras" -puzels), mei ienfâldige asymmetryske ûntwerpen, wurde faak sjoen op skoalwurkblêden, bernemenu's en oar amusemint foar bern. Diagrammen mei oare foarmen as fjouwerkante hokjes wurde ek sa no en dan brûkt. Sa ferskine yn de Friesland Post faak diagrammen yn de foarm fan in pompeblêd of in krystbeam.

Kryptogram

In kryptogram is in krúswurdpuzel wêrby de oplossingen oan de hân fan kryptyske omskriuwings fûn wurde moatte. It populêre boerdspul Scrabble is basearre op it prinsipe fan 'krusjende wurden'.

Puzelûntwerpers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krúswurdriedsels dy't hjoed de dei op de merk komme, wurde benammen makke mei folautomatyske kompjûterprogramma's. By Denksport bygelyks wurde de measte boekjes mei ien druk op de knop makke. De puzels dy't út it systeem komme binne daliks printree. Yndividuele puzelmakkers binne troch de automatisearring seldsum wurden: In Nederlân binne Jelmer Steenhuis en Jan Meulendijks in begryp en yn Fryslân ferskine fan Douwe van der Meulen Nederlânske krúswurdpuzels yn de Friesland Post en om de fjirtjin dagen Fryske krúswurdpuzels yn de Ljouwerter Krante.

De puzels dy't yn Nederlân en Flaanderen ferskine, komme yn Nederlân trochgeans fan in puzelútjouwerij. Nederlânske titels fan puzelboekjes as Denksport, Puzzelsport, Sanders en Tien voor Taal binne allegear eigendom fan Keesing Media Groep. Keesing is in soad oare Jeropeeske lannen in grutte spiler op puzelgebiet.

De swierrichheidsgraad fan de measte puzelblêden wure oanjûn mei stippen of stjerren. It oantal stjerren stiet foarop de puzelboekjes. Ien en twa stjerren binne de maklikste en fiif stjerren is it heechste by gewoane krúswurdpuzels. By oarsoarte puzels kin it heechste nivo wol njoggen stjerren wêze.

3D-puzel

As model waard yn desimber 2000 in 3D SpaceSword makke, in trijediminsjonale romtlike krúswurdpuzel mei in spesjale struktuer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. [The National Puzzlers' League webside The National Puzzlers’ League]
  2. Oer de earste publikaasje
  3. "St. Nicholas. septimber 1875". Childrenslibrary.org. Besjoen op 3 desimber 2018
  4. Storia delle parole crociate e del cruciverba
  5. The History of Crossword Puzzles - First crossword puzzle published on December 21 1913, created by Arthur Wynne
  6. The Boston Globe, 8 april 1917, side 43 mei oplossing en puzel]
  7. Report of the New York Public Library for 1924; publisearre troch The Library, 1925
  8. Topics of the Times." The New York Times, 17 novimber, 1924 side 18]
  9. Condemns Cross-Word Fad." The New York Times, 23 desimber, 1924, side 17
  10. Short history of crosswords puzzles
  11. "crossword." OED Online. maart 2017. Oxford University Press. http://www.oed.com/view/Entry/44952?redirectedFrom=crossword& (besjoen op 28 april, 2017).
  12. Frysk & Frij, 17 april 1976
  13. Foar de pluzers ûnder ús lêzers, Frysk & Frij, 30 septimber 1978
  14. Krityk op Krystpuzel Is dit net in bytsje bryk? Us eigen taal is ek sa ryk! yn: Frysk & Frij, 20 jannewaris 1979
  15. Frysk & Frij, 22 desimber 1979
  16. Earste Frânske krúswurpuzel
  17. Histoire des mots croisés. Chapitre VI". Thússide.urbanet.ch.besjoen op 3 desimber 2018
  18. symmetrysk 9x9 reaster fan Brice Allenbrand
  19. moanneblêd fan Esperanto krúswurdriedsels Semajno de enigmoj
  20. puzels Hebdomada aenigmatum
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm