Springe nei ynhâld

Keesing

Ut Wikipedy

Keesing Media Groep is in útjouwer fan puzeltydskriften. De útjouwerij fersoarget puzelútjeften yn hiel Jeropa ûnder ferskillende merknammen. Bekende merknammen yn it assortimint binne Denksport (Nederlân en Flaanderen), Sport Cérébral (Frankryk), 'Megastar' (Frankryk, Spanje, Itaalje en Dútslân) en Tankesport (Denemark, Noarwegen en Sweden). Neist it Amsterdamske haadkantoar hat it bedriuw ynternasjonale kantoaren yn Londen, Parys, Madrid, Stockholm, Antwerpen en Kopenhagen. Keesing hat dik 300 meiwurkers, dêrfan wurket ûngefear de helte yn Amsterdam.'[1] It bedriuw hie yn 2017 in omset fan 150 miljoen euro. [2]

Yn 1911 wie Isaäc Keesing jr. de oprjochter fan útjouwerij Systemen Keesing. Dit bedriuw wie útjouwer fan Keesings Financieel Archief voor Beurs, Handel en Nijverheid, in blêd mei ynformaasje foar beursspesjalisten. In jier of wat letter krige Keesing in eigen setterij, drukkerij en binerij. Yn 1930 ferskynde it earste puzelboekje ûnder de namme Denksport. Dit wykliks ferskinende earste puzelboekje mei sechtjin krúswurdpuzels koste tweintich sinten. [3]. Yn 1931 begûn Keesings Historisch Archief, in Nederlânsk tydskrift oer aktuele ûnderwerpen, dat yn it begjin in wykblêd wie en doel hie om objektive ynformaasje te jaan oer aktuele ûntwikkelingen oer de hiele wrâld, en dy ynformaasje tagonklik te meitsjen troch in tematyske yndeks. Yn de Twadde Wrâldoarloch hie de útjouwerij slim te lijen ûnder de besetting troch nazy-Dútslân, mei omdat alle Joadske meiwurkers ûntslein waarden, wêrûnder Isaäc sels en syn soan Leo. Isaäc en Leo Keesing wisten Nederlân op 'e tiid te ûntflechtsjen, mar troffen nei de oarloch in slim tehavene útjouwerij oan.

Yn 1955 waard puzelbedriuw Keesing France oprjochte. Yn 1975 fêstige Keesing him definityf yn Parys. De útjouwerij joech puzels út ûnder de namme Sport Cérébral. Keesing begûn oan de ein fan de jierren santich mei it stjerresysteem. Dêrby waarden de puzels yndield op swierrichheidsgraad.

Yn 1997 waarden de Deenske puzelútjouwers POB en Interpresse oernomd. Ein njoggentiger jierren rjochte Keesing him op de útjouwerij en waarden de drukaktiviteiten ôfstjitten. Yn 2006 waard it famyljebedriuw Keesing ferkocht oan TMG. In jier letter waarden de puzelútjeften fan útjouwerij Sanoma ferkocht oan Keesing, dat sa eigener waard fan puzelblêdnammen as Puzzelsport, Bingo! en 10 voor Taal. [4] Yn 2012 folge de oername fan it Frânske Megastar.[5] De namme Megastar waard ek brûkt foar de Spaanske, Dútske en Italjaanske taalgebieten.

Yn 2017 waard Keesing troch TMG ferkocht oan de Belgyske ynvestearringsmaatskippij Ergon. [6] Keesing gie dêrnei op oernamepaad. Yn septimber 2017 waard it Ingelske Eye to Eye Puzzles oernomd. De posysje op de Nederlânske merk waard yn jannewaris 2018 ferstevige troch de oername fan konkurrint Sanders Mediagroep út Vaassen. [7] Yn oktober 2018 naam Keesing in belang yn de Amerikaanske brainapps-ûntwikkelder Elevate Labs út San Francisco.[8]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: