Springe nei ynhâld

Kryptogram

Ut Wikipedy
Diagram fan in kryptogram

In kryptogram is in bysûndere foarm fan in krúswurdriedling. De omskriuwing fan yn te foljen wurden is makke op in kryptyske, ferburgen manier. Troch kreatyf neitinken en troch assosjearjen kin men ta de oplossing komme. De omskriuwings by in kryptogram binne yn it earste oankommen fakentiden tige ûnlogysk. Mei goed lêzen is lykwols wol út te finen wat de bedoeling wie fan de makker. Om ta in oplossing te kommen is it wichtich alle wurden fan de sin op harren betsjutting(s) of synonimen en homonimen te besjen en net sasear te sjen nei de frjemd formulearre sin as ien gehiel. Meastentiids is it in spultsje fan ‘sjen’. Ien fan de meast foarkommende reaksjes by it oplossen fan kryptogrammen is dan ek faak: ‘Och ja...!’

Der binne wol wat oanwizings te jaan om út de omskriuwings te kommen. Hjirûnder in ta punten mei ien of mear foarbylden dy’t helpe kinne by it oplossen fan dizze puzelsoarte.

Dûbelde omskriuwing - By in goed kryptogram is de omskriuwing faak dûbeld. Ien min ofte mear direkt en it twadde kryptysk:
  • Sa’n plant fyn ik yn in stel = "stikel" : st-ik-el. Letterlik dus 'ik' yn 'stel'. It direkte part is no 'Sa’n plant' en it kryptyske part is 'ik yn stel'. In wat slimmer omskriuwing is: Sa’n plant is troch my yn in stel te finen = "stikel".
Yn twaen - It yn twaen of trijen knippen fan de wurden en de beskate dielen omskriuwe ta in goed rinnende sin.
  • In swiere stim en in hege stim wurde sa hurd as Stien = "basalt" : bas + alt. De 'swiere stim' is 'bas' en in 'hege stim' is 'alt', de 'stien' is 'basalt'.
  • Dizze woastynbewenner hat in fûgel foar syn iten = "kamiel" : ka + miel. De fûgel is 'ka' + syn iten is 'miel' = "kamiel". It wurdsje ‘foar’ tsjut oan dat dat de 'ka' foar it 'miel' komt.
Efterstefoarst - It oantsjutten dat in wurd efterstefoarst lêzen wurde moat (wat fansels allinnich in doel hat at it gjin palindroom is). Soks kin oanjûn stean mei de wurden 'wer', 'werom', 'tebek', 'oarsom', 'op ’e kop' ensfh.
  • It stik klean komt efter de man let werom = "mantel" : Man + let werom (tel) = mantel
Meardere betsjuttings - It brûken fan in wurd mei twa ferskillende betsjuttings:
  • Yn de bibleteek lêst men artikels fan dy beam = "boek" : Likegoed is lêsboek as bûkebeam hjirby werom te finen.
Anagram - De tapassing fan anagrammen. In anagram wurdt meastentiids oantsjutten mei beskate wurden lykas 'skodde', 'troch inoarren', 'net goed', 'yn de tiis', 'oan diggels' ensfh. Der wurdt lykwols net altiten oanjûn dat jo mei in anagram te krijen hawwe.
  • Sa’n fyn doel is oars wol gaadlik foar eigen ynbring = "ynfloed" : de letters 'fyn doel' foarmje in anagram fan ynfloed.
  • De koster en de stoker binne yn it muzyk net te plak = "orkest"
Weistreek-anagram - In bepaalde foarm fan it anagram is it weistreek-anagram. Hjirby moat de oplossing ek troch letterfersetten foarme wurde út wurden dy’t yn de omskriuwing steane. En sà dat út dy wurden earst in oar wurd ( of part fan in wurd ) weilitten wurde moat. Dit wurdt meastentiids oanjûn troch de wurden 'net', 'minder', 'sûnder', 'misse', 'útsein', ensfh.
  • As de ielreager syn eare ferliest, kinne wy net mear op him oan = "liger" : Earst moat 'eare' weistreke wurde út 'ielreager', oantsjutten troch it wurdsje 'ferliest'. De rest fan de letters foarmet in anagram fan liger: men kin net mear op him oan.
  • As wy apen út 'e itenspanne helje , hâlde wy it lytsjild oer = "sinten" : 'Apen' út 'itenspanne' levert nei weistreekjen in anagram fan sinten op.
Weilitte - De mooglikheden dat yn de omskriuwing in wurd stiet dat ek yn de oplossing stiet, mar dêr’t in diel fan weilitten wurde moat. It diel dat weilitten wurde moat stiet yn de oplossing tusken skrapkes. Krekt en gelyk as by it weistreekanagram wurdt dit oanjûn mei wurden lykas 'net', 'minus', 'gjin', 'sûnder', 'misse' ensfh.
  • Foar it momint komt de manke ek net mei in stik klean = "mantel" : man(ek)tel
  • As it losjild de muzyknoat falle lit, komt it rôfdier dêr as nepert efter = "jildwolf" : (los)jild + wolf
Ferbining - It oantsjutten dat it sochte wurd mei in oar wurd ferbûn wer in nij wurd oplevert:
  • Jouwe wy dy winkel oan 'e Sint, dan ha wy noch wat foar letter = "sparsint" : (spar)sint. It wurd dat ferbûn mei in oar wurd de oplossing jout, stiet tusken skrapkes. Oan ‘dy winkel’ is te sjen dat dêr de oplossing socht wurde moat en 'sparjild' is foar letter.
  • Set ‘m foar de fretter en it resultaat jout jin (n)eat fan Sinteklaas = "miter". 'Gjin miter' betsjut 'neat' en de 'miter' op sinteklaas syn holle.
Ferskûlje - De mooglikheid de oplossing te ferskûljen yn in bepaald wurd fan de omskriuwing.
  • Yn in pokerface falt in kleur fansels gau op = "pokerface" : p-oker-face. De oplossing oker sit dus ferskûle yn it wurd pokerface
  • De wetterbewenner wennet yn in snotterpôt = "otter" : sn-otter-pôt.
Oplossings wurde ek wol weistoppe yn mear as ien wurd fan de opskriuwing.
  • Dizze rivier stiet yn twa almenakken oanjûn = "Waal" : (t)Wa al(menakken). De oplossing Waal sit no ferskûle yn twa wurden: 'twa almenakken'. In oanwizing hjirfoar is it wurdsje 'yn'.
  • Dat diel fan in horloazje is grif earne yn dizze sin weikrûpt = "fear" : (gri)f ear(ne).
Tsjinstelling - De mooglikheid om earst in wurd yn hiele hear en fear te omskriuwen en dan as tsjinstelling of oare kombinaasje:
  • De striid mei in âld skip as ynset = "wrakseling" : wrak(seling). 'Striid' is wrakseling en in 'âld skip' is in wrak. 'As ynset' wol hjir sizze dat wrak foaroan stean moat.
  • Sa’n oerienkomst is op it lêst lang net mis = (ôfsp)raak. 'Oerienkomst' is ôfspraak en ‘op it lêst net mis’ tsjut oan dat raak efteroan moat.
Assosjaasje - De assosjaasje, meastentiids oanjûn mei in fraachteken:
  • Groeie dêr wite hynsteblommen oan? = "skimmelplant" : de assosjaasje is hjir ‘wite hynst’ as skimmel
  • Tapaslike winsk foar begjinnende gewichtheffers = "sterkte" : by gewichtheffers tinkt men al gau oan 'sterk' en krêft.
Boartlik - By boartlike omskriuwings, de wurdboarterij is de oplossing net letterlik omskreaun, mar mei help fan wurdboarterij. De oplossing kin net daliks út de omskriuwing fûn wurde.
  • Rint tsjalskonkich yn de rûnte = "passer"
  • Kop fan in tizeboel = "tiisholle"
  • In samling sânmantsjes = "karafaan"
Klankoerienkomst - De klankoerienkomst, meastal oantsjut troch wurden as 'beharkje', 'sa te hearren', 'sasein' ensfh. It giet hjirby om wurden dy’t by it útsprekken in oare bestjutting krije kinne as wannear’t se opskreaun binne. De oplossings steane ek gauris ferskûle yn in oar wurd, lykas by it earste foarbyld te sjen is:
  • Dat diel duorret sa te hearren net sa lang = "kwart" : ‘diel’ is kwart, 'net sa lang’ is koart. It wurdsje ‘dat’ jout oan dat kwart bedoeld wurdt en net koart.
  • Sa ’t sein wurdt feecht dy simmergriente fan him ôf = slaad : 'slaat'
Splitse - It bedoelde wurd splitse en yn in sin brûke:
  • De arrestant koe him der mei need útlige = "meineed" : mei + need
Klam ferlizze - It ferlizzen fan de klam. Troch it ferlizzen fan de klam gin in wurd in gâns oare betsjutting krije, lyks oèrlizze / oerlìzze en foàrkomme / foarkòmme en ûndergean / ûndergèan.
  • Sa’n stik fruit wurdt yn it leger alle moarnen kontrolearre = "appel". It 'stik fruit' is 'àppel' en 'soldaten' wurde kontrolearre op it 'appèl'.
Oare talen - Guon Fryske wurden komme ek yn oare talen foar, mar ha dan in oare betsjutting. Dit wurdt meastentiids oanjûn mei : 'Yn Ingelân', 'Yn Madrid', 'neffens Frânsk', 'yn it easten' (Dútslân) ensfh.
  • Dizze Frânske stêd meie de Ingelsken wol lije = "Nice" : Nice as Frânske stêd en 'wol lije meie' is yn it Ingelsk 'nice'.
  • Dat bist is altyd yn Amearika te finen = "ever" : In ever as evert, en ever as Ingelsk wurd foar altyd.
  • In Famyljelid is net by ús easterbuorlju = "nicht" : ‘Nicht’ as Dútsk (leit East fan Nederlân) wurd foar 'net'.
Letters - Ek mei letters wurde ferskate oanwizings te jaan. Sommige letters foarmje by de útspraak in wurd of kinne as diel fan in wurd brûkt wurde lykas 'Bee', 'see' (c), 'ha', 'ka', 'El' (famkesnamme), 'pee', 'er', 'tee', 'fee' (v), 'wee' en 'set' (z). Oare betsjuttings dy’t oan letters jûn wurde kinne binne bg. de 'earste' (a), 'em' (m), 'neat / nul / rûntsje' (o), 'parkearplak' (p), 'lêste' (z) en sa. Kombinaasjes fan letters kinne by it útsprekken en in bepaalde betsjutting krije lykas 'aas' (aa), 'effen' (ff), 'Gees' (gg), 'iis' (ii), 'Els / Ellen' (ll), 'Emmen' (mm), 'Ens' (nn), 'pees' (pp), 'Essen' (ss), 'ús' (uu), 'wees' (ww) en 'setten' (zz)
  • As Els yn in bien komt, krijt se foar de kont = "billen" : bi-ll-en
  • Ik mei gjin ranje fan sa’n kleur = "oranje" : o-ranje
  • Yn Essen komt de mot om iten = "smots" : s-mot-s
Sifers - Inkele telwurden kinne in oare betsjutting hawwe, bygelyks 'sân' en 'acht'.
  • Ik ha respekt foar dat siferke = "acht"
  • Ien fan de Acht = "sân" (8-1=7)
  • Ik ha 551 kear in abonnemint op dy panne hân = "lid" : 551 is yn Romeinske sifers LDI, in anagram fan 'lid'
Ferwizing - Ferwizing nei eardere útkomsten. It wurd dat al earder as oplossing fûn is, wurdt brûkt yn in nije omskriuwing. Foarbyld: de oplossing fan omskriuwing 13 horizontaal is it wurd "pleats". Dan stiet by 14 horizontaal:
  • As 13 syn pas kwytrekket, komt er net ier: pleats - pas = "let"

De swarte fekjes yn de puzel stiene yn de begjinjierren fan it kryptogram symmetrysk of yn spegelbyld ferspraat yn de puzel. In soad brûkte diagrammaat is 15 by 15 fekjes. Yn it diagram fan 15 × 15 fekjes moasten meastentiids 2 × 16 oplossings ynfold wurde. Letter ferskynden ek oare ôfmjittings en frijere foarmen fan it diagram. It diagram fan kryptogrammen hat sawat 30% swarte fekjes, by krúswurdpuzels is dat heechút 20%. Yn de njoggentiger jierren rûn it tal opjeften werom ta krekt boppe de tweintich en de symmetry waard minder strak oanhâlden. In kryptogram hat folle minder krúsjende wurden as in krúswurdpuzel.

Nederlânske kryptogrammen

It wurd ‘kryptogram’ waard op 4 desimber 1884 foar it earst neamd yn Nederlân en hie doe de betsjutting fan ‘geheimskrift’. It betreffende artikel giet oer it omsetten fan symboalen, sifers en letters yn skreaune tekst. Oan de ein fan de njoggentjinde iuw waard yn kranten wol faker skreaun oer kodearre berjochten, dy’t brûkt waarden yn de Frânsk-Dútske oarloch fan 1870. Sa publisearre De Amsterdammer yn 1888 in rige artikels oer de begjinsels fan de ‘kryptographie’. Nei de earste Wrâldoarloch pleatste dyselde krante fannijs in rige artikels oer de 'Untsiferkeunst'. Kodearre berjochten krigen yn de Twadde Wrâldoarloch in soad omtinken troch it Enigma kodeartastel.

In ienfâldige manier om in wurd te kodearjen is it anagram, bygelyks yn de foarm fan in ‘besitekaartsje’ of in sjarade. Dat in soad minsken niget ha oan it ûntsiferjen fan taalfoarmen blykte yn 1981 út de populariteit fan it boek Opperlandse taal- & letterkunde. De oergong fan krúswurdpuzel nei kryptogram waard as in lestige opjefte sjoen foar puzelders. Op 12 febrewaris 1949, in wike foardat it earste ‘kryptogram’ ferskine soe, sette wykblêd De Groene dêrom in earste foarbyldkryptogram yn de krante ûnder it kopke ‘Kruiswoord-puzzles worden volwassen - Kryptogrammen’. Njonken it diagram stie in taljochting mei oplossing hoe’t de puzel oplost wurde koe. By de yntroduksje fan de nije puzelsoarte wie it brûken fan anagrammen in wolkomme stipe. Om de puzelders op it goede spoar te setten waard it wurd anagram der tusken skrapkes by setten. Yn it earste ‘kryptogram’ fan 19 febrewaris 1949 stiene dan ek in soad anagrammen. Yn de rin fan de jierren soe de betsjutting fan wurden in hieltiten gruttere rol krije. In wike neidat de foarbyldpuzel yn de krante stien hie kaam neist De Groene Amsterdammer ek it Algemeen Handelsblad mei in puzel dy’t de puzelders sels oplosse moasten. Dy ‘tafallichheid’ fan tagelyk ferskinen wie krektas by de yntroduksje fan it earste Nederlânsk krúswurdriedsel op 12 jannewaris 1925. De ‘kryptokruiswoordpuzzle’ fan it Algemeen Handelsblad op 19 febrewaris 1949 hie eksakt itselde diagram as dat fan it earste foarbyldkryptogram yn De Groene fan in wike dêrfoar. It Algemeen Handelsblad skreau boppe har earste kryptogram: ‘Zoek eens wat langer – In de krypten van het Puzzlerijk’. De krant murk dat de nije ‘kryptokruiswoordpuzzle’ troch de lêzers goed ûntfongen waard. Hoewol’t noch in skoft de namme 'krypto-puzzle' brûkt waard, rekke de puzelsoarte geandewei mear ynboargere as 'cryptogram'.

It brûken fan neat = o as yn: ‘Neat út myn skoat is sa kostber' (5) (sk-o-at) lykas yn it earste kryptogram soe noch hiel faak yn kryptogrammen brûkt wurde. In kryptogramdiagram wie ornaris sterk symmetrysk. De omskriuwings waarden yn de rin fan de tiid koarter. De koartst mooglike omkriuwing is it kryptonym, in kryptysk synonym dat mar út ien wurd bestiet. [1] Yn 1955 ferskynde it wurd ‘cryptogram’ foar de earste kear yn in Nederlânsk wurdboek. Dêrmei ferdwûn de lange omskriuwing 'woordspelingen-kruiswoordraadsel'. As puzelsoarte kin it kryptogram as in unike Nederlânske (en Fryske) puzelsoarte beskôge wurde. [2] Yn it Ingelske taalgebiet bestiene soartgelikense puzelsoarten wol ûnder de namme cryptic crossword, koartsein 'crossword' neamd. It Ingelske wurd 'cryptogram' hat lykwols te krijen mei geheime koades.

Fryske kryptogrammen

It earste Fryske kryptogram ferskynde yn 1981 yn it FNP-blêd De Frijbûtser. Sûnt 1982 ferskynt yn de Ljouwerter Krante om de fjirtjin dagen in Frysk kryptogram fan de hân fan Douwe van der Meulen.[3] Yn 1983 ferskynde by de Friese Pers Boekerij syn Frysk Puzelboek dat foar de helt fold wie mei Fryske kryptogrammen. Yn dat puzelboek stie ek in hânlieding om de puzelders op ’e gleed te helpen.

Henk Scheltes (1921–1987) fan it NRC kin beskôge wurde as dejinge dy’t it Nederlânske kryptogram yn in oare rjochting ûntwikkele hat as it ingelske Engelse en Amerikaanske ‘crossword’. It Ingelsk hat folle mear as it Nederlânsk en Frysk koarte wurden foar komplekse begrippen. Sa hjit it wite feltsje ûnder de skyl fan in sinesappel, dy’t de skyl skiedet fan it fruchtfleis, yn it Ingelsk pith. It Nederlânsk en Frysk hawwe dêr gjin wurd foar en dat is ek sa yn in soad oare gefallen. Yn it Nederlânsk en Frysk wurde nije wurden ek faker foarme troch gearstallings. Neist it minder brûken fan anagrammen brûkte Scheltes ek geandewei mear wurdlingtes fan 8 of mear letters. De oandacht foar de foarm feroare hieltyd mear yn neidruk op de betsjutting fan wurden. De oandacht foar de foarm feroare by Scheltes hieltyd mear yn it wurkjen mei wurdbestjuttings. ‘Palindroomkening’ Piet Burger bleau as kryptograaf by Elsevier in soad anagrammen brûken en hie omtinken foar de foarm fan wurden en wurdboarterij. Scheltes wie ien fan de lêsten dy’t as redakteur wurke op de krante en yn dy hoedanichheid de kryptogrammen makke. Scheltes sette de puzelders op in dwaalspoar troch mear wurdboarterijen en klankferoaring en minder troch anagrammen. Boppedat ferdwûn by him de symmetry út de diagrammen. Trochdat hy ek ôfstapte fan it 15x15 formaat fan de diagrammen koene der langere puzelwurden brûkt wurde. Sûnt 1959 brûkte Scheltes de stavering Cryptogram ynstee fan kryptogram. Yn 1970 waard hy opfolge troch Jelmer Steenhuis. It earste (anonym pletste) Nederlânske kryptogram waard makke troch de earste kryptograaf, H.A. Sluyter. Sluyter waard by De Groene letter opfolge troch cryptografen as Jac. Van der Ster, Wouter Klootwijk en Henk Jongebloed. Oare bekende Nederlânske kryptogrammemakkers of 'cryptografen’ binne Jan Meulendijks, Frans Wentholt en Henk Verkuyl.

De krantepuzels waarden yn de rin fan de tiid hieltiten faker oanlevere troch grutte puzelútjouwerijen as Denksport (Metro, Rotterdams Dagblad, Kidsweek) en Puzzelsport (de Volkskrant, Algemeen Dagblad, Elsevier, HP/De Tijd) en lytsere bedriuwkes JFS (Parool), Pzzl.com (Trouw) en Jelmer Steenhuis (NRC Handelsblad, Vrij Nederland).

Trochûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In moetingsplak foar kryptogrammeleafhawwers is ‘Jaspers Cryptogrammensite’.[4] It is in briedplak foar ynnovaasje dêr’t it kryptogram him yn in soad rjochtings ûntwikkele hat. De besikers dêrfan ha mear niget oan harsenskrabers mei assosjative en dûbele betsjuttings: 'Stêffunksjonaris', 'Chefstêf' of 'Dakruter' mei as oplossing 'Sinteklaas'. Meiwurkers fan it genoatskip binne ûnder oaren puzelmakkers as Frans Weltholt, Adri Altink en Jan Beuvink.

Ien fan de rjochtings dêr’t it genoatskip mei fierder gie wiene de troch Piet Burger ûntwikkele 'rebuskryptogrammen'. Dêrby giet it om klearebare wurdboarterij, los fan de betsjutting. De opjeften freegje om de meast ferskillende tinkrjochtings. Sa wurdt bygelyks boarte mei plakbepalende foarsetsels. It fisuele aspekt spilet by rebuskryptogrammen ek in grutte rol. Bekende rebuskryptografen binne Henk Jongebloed (Groene Amsterdammer) en ‘Dr. Denker’.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Jan Meulendijks en Bart SchuilCryptoniemen - Cryptogrammen in één woord gevat; útjouwerij Tirion (1979) ISBN 9051214014
  2. H. J. Verschuyl yn: Het geheim van de puzzel (2005)
  3. Ljouwerter Krante, tongersdei 8 april 1982, side 13
  4. Jaspers Cryptogrammensite
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm