Sjarade

Ut Wikipedy

In sjarade, ek: charade (fan it Frânske charade) is in riedsel yn fersfoarm. Neist de bestjutting fan de losse wurdlidden (of gedieltlike wurden) fan in te rieden wurd wurdt ek it hiele wurd beskreaun.

Sjarades wurde meast fûn op plakken mei soartgelikense taalboarterijen lykas anagram, letter- en siferpuzel, homonym, logogryf of palindroam. Ofhinklik fan it tal wurdlidden kin ûnderskied makke wurde tusken sjarades fan twa, trije en fjouwer wurdlidden.

Talen mei in soad gearstalde wurden liene har goed foar sjarades.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan it wurd charade is ûnwis, mar kin sjoen wurde as ôflieding fan it Keltyske chwar (spul). [1] Sjarades waarden as in foarm fan literêre riedling yn de 18e iuw populêr yn Frsnkryk. Yn de twadde helte fan dy iuw waard de term 'charade' yn it Ingelsk liend út it Frânsk. De 'charade' wie yn Nederlân yn de njoggentsjinde iuw en yn de earste helte fan de tweintichste iuw populêr. [2] Charades wiene rjochte op bern en ferskynden yn tydskriften en boeken. Yn Frankryk en Itaalje ferwiist it wurd 'poppekast' noch altyd nei dit riedingsoarte. [3]

Neist wurdsjarades binne der ek byld- en silhûetsjarades. De wurdlidden en it wurd binne dan ferfongen troch ôfbylden of silhûetten. Dan is sprake fan libbene sjarades. De mimysk útspile sjarades waarden út Frankryk wei oernomd troch de Ingelske hegerein. Aktearre sjarades wurde bygelyks beskreaun yn William Thackeray syn Vanity Fair en yn Charlotte Brontë har Jane Eyre. Yn Nederlân waard de teäterfoarm fan charade yn de tweintichste iuw bekend as telefysjespultsje Hints, dat yn Ingelân Charades neamd wurdt.

Twa foarbylden fan in sjarade, it ûnderwerp sprekt:

Wat bin ik
Mei myn oarehelte bin ‘k in pear
dat wol ik it echt wol witte:
Ik mei o sa graach moai stean
Mar noch leavver lekker sitte
Myn maten binne grut of lyts
Mei myn noas kin ik net rûke
Mar mei in stielen noas
Kin’ wurklju my goed brûke
Faak hat men my te fiter
Soms wol it net gewoan
Mar mei in leppel út it leppellaad
Hat men my samar oan
Yn it wykein kom ik út de kast
Dan gean wy earne hinne
Op sneontejûn te stappen
En sneins gewoan wat rinne [4]
Wat bin ik
Rôffûgel
Rôffûgel
Traapje der net yn! [5]


Wa bin ik
Myn earste is in lichemsdiel
Mijn twadde diel it tsjinstelde fan 'boppe'
Myn tredde en lêste sitte op in wizerplaat
Myn gehiel sjochtst deis op skoalle [6]
Wêr bin ik
Myn earste is yn tel
Myn twadde is in pilske
En myn lêste is in slokje
By de wyn fan god Aeolus
Lis ik mei Piter op de klaai [7]

Logogryf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Besibbe oan de sjarade is de logogryf (Gryksk: logos (wurd, fgl. logika) + griphos (net, strikfraach, riedsel). [8] In logogryf is in riedselsftige omskriuwing dêr’t in wurd rieden wurde moat. Yn in riedseleftige gbeskriuwing wurdt ek oanjûn op hokker plak guon letters fan it wurd steane. [9] Guon letters fan it sochte wurd wurde dan dus nûmere.

Foarbyld fan in logogryf:

Sân letters foarmje myn gehiel,
Bin’ mei elkoarren myn portret
Der lykje mear as in soad fan my te wêzen
Mar ‘k bin gjin frjemde fûgel.
sûnder ein bin ik in gâns
Sûnder twa bin ik in skilder
Doch ik promoasje foar in wetterbist
sûnder 2, 4 en 5 wurd ik optein
5, 6, 7 en ien dy steane op de klaai
Mar komt 3 trije tusken 5 en 6,7
Dan sjocht elts wol by my op [10]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ensie.nl
  2. H.J. Verkuyl
  3. voorducter.com
  4. 'Skoech'
  5. Wat bin ik: 'Falkûle'
  6. Wa bin ik: 'Haadûnderwizer
  7. Wêr bin ik: 'Seisbierrum'
  8. Etymologiebank
  9. Winkler Prins, 1870
  10. oplossing logogryf: protter