Springe nei ynhâld

Wurdwjirm

Ut Wikipedy
Foarbyld 1
Foarbyld 2

In wurdwjirm is in taalpuzel mei wurden fan fjouwer letters. Fan elk wurd moat ien letter feroare wurde om sa in nij wurd te foarmjen. [1] Dat giet troch oant der oansluten wurdt by it begjinwurd.

Wurdwjirms ferskynden yn 2011 yn it Australyske blêd The Horsham Times yn Canberra ûnder de namme lord word worm. [2] Dy namme jout al oan wat de bedoeling is fan de puzel. De diagrammen besteane út in tal seiskanten. Yn elk seiskant moat in wurd fan fjouwer letters ynfold wurde. In tal letters stiet foarôf ynfold. Seiskanten mei wurden dy’t ien letter skille wurde mei in streepke oan elkoar keppele. Elk seiskant is dan ferbûn mei twa oare seiskanten. Om in begjin te krijen binne yn de opjefte al ien of mear seiskanten oan elkoar keppele. Oan elkoar ferbûne wurden meie mar ien letter ferskille - de oare trije letters moatte itselde wêze en op deselde posysje stean (dus net skodde). Wurden kinne net herhelle wurde. Elke puzzel hat mar ien mooglike oplossing.

By digitale wurdwjirms moat de ‘wjirm’ nei de ûnderkant fan it skerm krûpe wylst de letters omheech komme. Letters kinne selektearre wurde troch der op te klikken en dêrnei op de spaasjebalke te drukken om yn it wurd te setten. De brûkte letters ferdwine dan fan it skerm. [3]

It oplossen is in kwestje fan logika en strategy. Meastal is de earste stap by it oplossen fan drege puzels it ferminderjen fan it tal mooglike paden. Dat kin troch safolle mooglik ferbinings yn te foljen. It kin ek helpe om 'muorren' tusken seiskanten te setten om oan te jaan dat in ferbining op dat plak ûnmooglik is. As bygelyks twa oangrinzjende seiskanten mear as ien letter ferskillend ha, is it net mooglik om dy beide gear te foegjen. En as de kombinaasje fan de bekende letters fan de beide seiskanten gjin Frysk wurd opleverje kin (bygelyks in pear letters dy’t nea tegearre foarkomme yn it Frysk), dan kinne se net keppele wurde.

Oplossings fan de foarbylden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm