Springe nei ynhâld

Filippine (puzel)

Ut Wikipedy
Foarbyld fan in filippinepuzel

In filippinepuzel is in puzel wêrfan de wurden inoar net kruse. Yn alle of hast alle fekjes steane sifers.

Yn in soad hokjes steane siferkes. It diagram hat in oantal kearen deselde sifers, foar it hiele diagram jilde deselde sifers. Deselde sifers jouwe deselde letters binnen de puzel.
Faak moatte alle sifers yn in oplossingsbalke setten wurde sadat in útdrukking of sitaat lêsber wurdt. Der binne boekjes yn de hannel mei allinnich filipines yn ferskate soarten.

De nûmers komme oerien mei it ûnderste diel fan de puzelopjefte wêryn meast in siswize of in sitaat fan in bekend persoan fûn wurde moat. Der binne in tal fariaasjes te meitsjen yn de omskriuwings foar it boppeste diel:

  • Normale omskriuwings (krúswurdfilippine )
  • Kryptyske omskriuwings (kryptofilippine)
  • Kwisomskriuwings (kwisfilippine)

De namme komt fan de mangel soarte 'filippine'. Dy hat in dûbele pit. Wa't in mangel iepenmakket komt in pit tsjin, mar dan tsjin de ferwachting yn is der by de filippines noch in twadde. Dit jout in ferrassende kriem. Dit is ek sa by de Filippine puzel. Men beantwurdet de fragen en folt de puzel yn. Dan, as twadde/ferrassende kriem foarmet dy oplossing ek noch ris in sin wat de ‘twadde oplossing’ fan de puzzel is (dit is de twadde pit).

Oan it mienskiplik iten fan filippines waarden yn guon fermiddens wol ôfspraken of weddenskippen ferbûn.

Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm