Springe nei ynhâld

Jelmer Steenhuis

Ut Wikipedy
Jelmer Steenhuis

Jelmer Jan Steenhuis, (Amsterdam, 25 maart 1954), is in Nederlânske jurist en ûntwerper fan puzels en spullen. Steenhuis is benammen bekend fan syn wyklikse puzels yn NRC Handelsblad en Vrij Nederland.

Al yn syn studintetiid yn Grins loste er it kryptogram yn de NRC op en makke puzels foar it personielsblêd fan Mobil Oil, dêr't syn heit wurke. Nei it ferstjerren fan puzelmakker Henk Scheltes folge hy dy op by de NRC en wurke ek as abbekaat. Nei in skoft beide dien te hawwen ferlear hy geandewei syn belangstelling foar de abbekatuer en sette hy der op in stuit in punt efter. Fan 1997 ôf leit hy him allinnich noch mar ta op it profesjoneel betinken fan puzels.

De bekendste puzel fan Steenhuis is it Scrypto yn NRC Handelsblad. Ek makket hy alle wiken de puzel foar it wykblêd Vrij Nederland. De puzels yn nrc.next wurde útjûn ûnder de bedriuwsnamme Studio Steenhuis dat kantoar hâldt oan de Heerengracht yn Amsterdam. Oare puzels fan Steenhuis binne: Trije-fjouwer-fiif (NRC Handelsblad), Picture This (NRC Handelsblad) en M-spul (M Magazine)

Studio Steenhuis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio Steenhuis fersoarget ek in soad oare puzels, lykas de deistige Yn de Midden-puzel yn nrc.next en de Gezocht-puzel yn it wykblêd fan NRC Handelsblad. Ek yn blêden as Safe, it sponsore magazine fan Robeco', en Resource, it studinteblêd fan de Universiteit Wageningen steane puzels fan Studio Steenhuis. Yn NRC Handelsblâd ferskynt ienkear yn it jier Econogram, wêryn it ekonomysk jier kryptysk besprutsen wurdt.

Neist syn ‘papieren’ puzels produsearret Studio Steenhuis ek online games (Bouwstiennen), telefyzjeformats (ûnder oare Superlink, dat yn 2005 troch de Evangelyske Omrop útstjoerd waard) en boerdspullen (4Getit). Boppedat levert Studio Steenhuis sûnt 2010, yn gearwurking mei NRC Handelsblad, op in eigen side puzels oan, dêr't besikersop abonnemintsbasis online puzelje kinne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]