Springe nei ynhâld

The Curse of Chalion

Ut Wikipedy
The Curse of Chalion
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2001, New York
oarspr. útjwr. Eos
prizen Mythopoeic Award 2002
nom. Hugo Award 2002
nom. World Fantasy Award 2002
rige
rige The World of the Five Gods
● folgjend diel Paladin of Souls
kodearring
ISBN 0 38 09 79 012

The Curse of Chalion is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The World of the Five Gods, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Curse of Chalion, dêr't Bujold in Mythopoeic Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 2001 en is ûnderwilens oerset yn tolve talen.

The Curse of Chalion wie it earste boek fan The World of the Five Gods, dat Bujold skreau yn 1999 en 2000. It wie har twadde útstapke nei it sjenre fan 'e fantasy, mei't hja har foartiid, op it net bjuster súksesfolle The Spirit Ring út 1992 nei, by science fiction holden hie, mei har populêre en bekroande Vorkosigan-kroniken. The Curse of Chalion, dat oerset wurde kin as "De Flok fan Chalion", spilet yn in fiksjonele, midsiuwskige wrâld dy't oerdúdlik basearre is op Jeropa. Op Bujold har webside is sels in lânkaart te finen wêrop't Jeropa gewoan 180 graden draait is, sadat it Ibearysk Skiereilân nei it noarden wiist.[1] Dêrút kin ek opmakke wurde dat it lân Chalion oerienkomt mei it âlde keninkryk Kastylje, en de buorlannen Ibra, Brajar en Darthaca mei it âlde keninkryk Aragon, resp. Portegal en Frankryk, wylst de fijannige Roknaarske foarstedommen lykslein wurde kinne mei de Moarske emiraten fan Andalúsje.

Net inkeld geografy, mar ek oare eleminten fan 'e wrâld fan 'e The Curse of Chalion hawwe in protte wei fan Midsiuwsk Jeropa. Sa is de oarloch dy't allegeduerigen oangiet tusken de keninkriken Chalion, Ibra en Brajar oan 'e iene kant en de Roknaarske foarstedommen oan 'e oare kant dúdlik basearre op 'e Werovering of Reconquista, de bemastering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristlike keninkriken nei de mear as fiifhûndertjierrige oerhearsking troch de Arabieren. Yn har tankbetsjûging foaroan yn it The Curse of Chalion skriuwt Bujold sels dêroer: "De skriuwster wol graach perfester William D. Phillips, Jr. betankje foar "Skiednis 3714", de nuttichste fjouwerhûndert dollar en tsien wiken dy't ik ea op skoalle trochbrocht haw; Pat "O, toe no ju, dat is leuk" Wrede foar it letterspultsje dat foar it earst de proto-Cazaril [de haadpersoan], knipperjend mei de eagen en heal stroffeljend, oan it djipst fan myn ferstân ûntlokte en foar 't ljocht helle; en, nim ik oan, teffens it nutsbedriuw fan Minneapolis, foar dy waarme dûs op in kâlde febrewarisdei, dy't makke dat de earste beide dingen yn myn holle byinoar op botsten en sa in nije wrâld en alle minsken dêryn skepen."[2] The Curse of Chalion is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 2001, troch Eos, in ymprint fan útjouwerij HarperCollins Publishers. It kaam út as e-boek yn 2002 en as audioboek yn 2004.

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

The Curse of Chalion iepenet as oan 'e ein fan in winter de aadlike castillar Lupe dy Cazaril folslein ta reapsein, klaaid yn fodden en skeind fan lichem en geast weromkeard yn it keninkryk Chalion, nei't er befrijd is fan 'e slavernij op 'e Roknaarske galeien. Hy hopet in plak te bemachtigjen yn 'e hofhâlding fan 'e âlde provincara-dûairiêre fan Baocia, wa har man oft er yn syn jonkheid as paazje tsjinne hat. Hy mient lykwols dat er yn syn hjoeddeiske skabeljeuze steat inkeld op wurk as kokenfeint rekkenje mei, wat foar him op dit stuit al in ûnbidige stap foarút wêze soe.

Deunby de stêd Valenda, syn bestimming, wurdt er steande holden troch in troep soldaten fan 'e Oarder fan 'e Dochter (ien fan 'e fiif goaden) en om it paad frege. Syn oanwizings wurde by fersin beleanne mei in goudene munt ynstee fan in koperenien. Cazaril is der frij wis fan dat de soldaat dy't dat goudstik ûntgloep, in feint stjoere sil om it by need mei geweld werom te foarderjen, dat hy siket beskûl yn wrakke âld wynmûne. Dêr treft er it lyk fan in begoedige keapman oan, mei by him de kadavers fan in rôt en in krie, bisten dy't hillich binne foar de Bastert (ien fan 'e fiif goaden), in teken dat de man deadetsjoenderij bedreaun hat. Sokke deadetsjoenderij, dêr't nimmen krekt wis fan is hoe't it wurket, easket às it wurket altiten twa slachtoffers: dejinge dy't men dea hawwe wol en jinsels. De keapman woe blykber in oar leaver dea hawwe as sels fierder libje. Cazaril helpt de boer op waans lân oft de âld mûne stiet om 'e boufal mei it lyk der noch yn te ferbaarnen en kriget yn ruil dêrfoar de kreaze klean fan 'e keapman mei.

Mei it goudstik fan 'e soldaat betellet er yn Valenda it waskjen fan 'e klean en in besyk oan 'e barbier en it badhûs. Neitiid meldt er him yn 'e keapmansdracht by de poarte fan it kastiel fan 'e provincara-dûairiêre, mar troch syn feroaring fan uterlik is er no by steat en fersykje om in audiïnsje mei de âlde frouwe sels. Dy ken him wer fan syn jierren as paazje, en Cazaril wurdt yn har hofhâlding opnommen. Oaren dy't diel útmeitsje fan dy hofhâlding binne de provincara har kastielwarder, de ser dy Ferrej, en dy syn tsjeppe dochter Betriz. Ek de provincara har dochter Ista en dy har bern Teidez en Iselle ferbliuwe op it kastiel fan Valenda. De as sljochtsinnich beskôge Ista is de royina-dûairiêre fan Chalion, de widdo fan 'e eardere roya (kening) Ias en de styfmem fan 'e hjoeddeiske roya Orico. Mei't Orico gjin bern hat, is syn fjirtjinjierrige healbroer Teidez syn erfgenamt. Teidez syn suster, de sechstjinjierrige royesse Iselle, is in opnimstich, foarlik fanke, miskien wol te opnimstich en foarlik as dat goed foar har is. Se driuwt har gûvernantes ta wanhope. De provincara kriget dan it lumineuze idee om Cazaril ta har siktaris anneks hûsûnderwizer te beneamen, yn 'e hope dat hy har wol de baas kin en om't it in maklik baantsje is dat hy yn syn hjoeddeiske skeinde steat wol oan kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sa bringt Cazaril de maityd en de simmer troch op it kastiel fan Valenda. Hy mijt himsels wat en betteret dêrtroch stadichoan wat op. En hy ûnderrjochtet net allinne Iselle, mar ek Betriz, dy't har kammeraatske en hofdame is, yn talen, skiednis, rekkenjen en oare saken. Dêrby merkt er fan himsels dat er stadichoan fereale rekket op Betriz, mar hy hâldt him foar dat it ferskil yn âldens fiersten te grut is, mei't hysels al fiifentritich is en sy noch mar njoggentjin. De iennichste opskuor fynt plak as Cazaril syn âlde maat, de march dy Palliar, byneamd Palli, opdaagjen komt. Hy is alhiel feralterearre om Cazaril oan te treffen, mei't er dy al jierren dea waand hie. Se kenne inoar fan it belis fan Gotorget; Cazaril wie de kommandant fan it Chalioneeske garnizoen fan dat kastiel, wylst Palli syn ûnderbefelhawwer wie. Njoggen moannen lang ferdigenen se it tsjin 'e Roknaarske belegerders, oant se op 't lêst alle rotten opiten hiene en libbene skeletten wiene. Doe kaam it berjocht dat Martou dy Jironal, de kânselier fan Chalion, in ferdrach mei de Roknaren sletten hie wêrby't Gotorget oan 'e fijân oerdroegen wie. It Chalioneeske garnizoen moast him oerjaan en waard frijkocht, mar de namme fan Cazaril kaam op 'e list net foar. De Roknaren lieten him de list sjen: dy wie skreaun yn Dy Jironal syn eigen hanskrift. Cazaril wist doe wat der bard wie. Hy wie in jiermannich earder wat tefolle oan 'e weet kommen oer Martou syn folslein korrupte broer Dondo dy Jironal; en dit wie de manear fan 'e bruorren om fan him ôf te kommen. Cazaril kaam dêrnei op 'e galeien en oerlibbe dat mar nauwerneed. No is er hoegenamt net fan doel om 'e oandacht fan 'e Dy Jironals wer op him te fêstigjen, dat hy drukt Palli op it hert om him oer de saak stil te hâlden.

Oan 'e ein fan 'e simmer komt lykwols it berjocht út Cardegoss, de haadstêd fan Chalion, dat roya Orico syn healbroer en -suster oan syn hof ûntbiedt. Mei royesse Iselle moat dan ek Cazaril him nei it Zangre, it keninklik kastiel yn Cardegoss, bejaan; dat is it sintrum fan 'e macht yn Chalion en it lêste plak dêr't er wêze wol, mar syn miening wurdt fansels net nei frege. Ear't se út Valenda ôfsette, smeket royina Ista him om om har dochter te tinken, en Cazaril beswart har dat er Iselle mei syn libben ferdigenje sil. Ienris yn it Zangre oankommen, wurdt Cazaril al rillegau wer opmurken troch de bruorren Dy Jironal. Dondo blykt noch neat feroare te wêzen: in leechrinder sûnder skrupules, dy't him oerjout oan in libben fol drank en seks, en ûnderwilens safolle mooglik macht besiket yn te klauwen. Hy is daliks al net by royse Teidez, de troanopfolger, wei te slaan. Koarte tiid letter wurdt ser dy Sanda, Teidez syn troch de provincara oanstelde gûverneur, en de iennichste dy't besocht om him yn it Zangre op it rjochte paad te hâlden, deastutsen by in nachtlike strjitrôf yn 'e stêd. Foar Cazaril bestiet der gjin twifel oer dat Dondo derefter sit. Cazaril sels is tsjin dy tiid ek al it doelwyt wurden fan in gearspanning om syn posysje oan it hof ûnmooglik te meitsjen, mar troch Iselle har rislute yngripen is dat mei in skamper ôfrûn.

Underwilens komt Cazaril mear te witten oer de gong fan saken oan it Keninklik Hof. Roya Orico is in syklik man, dy't it grutste part fan 'e dei fersliept en it regear oerlit oan syn kânselier, Martou dy Jironal. In grut diel fan 'e oeren dat er wekker is, bringt de roya troch yn syn menazjery, mank bearen, gazellen, loaihoarsen, pappegaaien, sjongfûgels en oar bistespul. Cazaril kriget te hearren dat der in flok oer it keningshûs fan Chalion leit, en yn it ferlingde dêrfan oer it hiele lân. Twa generaasjes earder hie de Goudene Generaal, de grutste kriichshear dy't de Roknaren ea fuortbrocht hawwe, suver hiele Chalion ferovere, doe't roya Fonsa de Wize him mei it gebrûk fan deadetsjoenderij ûnder fuotten helle. (Dêrby kaam de roya sels uteraard ek om en sûnt dy tiid stiet er dan ek better bekend as Fonsa de Healwize.) De ûnferfolle lotsbestimming fan 'e Goudene Generaal wie lykwols sa grut dat it by syn dea oerrûn en as in swarte útwazeming fan ûngelok en bitterens oer Fonsa syn neiteam hinne kaam te lizzen. Dejinge dy't Cazaril dit alles fertelt, is de "stâlfeint" Umegat, dy't oer de menazjery giet, mar eins in hillige fan 'e Bastert is dy't mei it bistespul de ynfloed fan 'e flok weromkringt en Orico sa yn libben hâldt.

Lykwols is Orico gjin sûn man, en hy is maklik te beynfloedzjen. Dat docht ek wer bliken as er, ûnder ynfloed fan syn kânselier, syn healsuster Iselle beslút út te hylkjen oan Dondo dy Jironal, sûnder dat er har miening dêroer freget. Iselle, Cazaril en Betriz besykje alles dat se mar betinke kinne om dat houlik foar te kommen, mar neat slagget en Orico is net op oare gedachten te bringen. Einlings en te'n lêsten hellet Cazaril de jûns foar de brulloft it notysjeboekje foar 't ljocht dat er in healjier earder yn 'e klean fan 'e deade keapman yn 'e wynmûne fûn hat en dêr't dyselde yn koade syn eksperiminten mei deadetsjoenderij yn beskreaun hat. Nei't Cazaril de lêste side ûntsifere hat, docht bliken dat syn lêste eksperimint neat oars as ynmoedich gebed omfette. Cazaril betellet in paazje om in grouwe kastielrôt foar him te fangen (hy beart dat er ûnwennich is fan 'e smaak fan roastere rôt, dêr't er ûnder it belis fan Gotorget in foarleafde foar opdien hawwe soe) en fangt sels in krie dy't er al in hoartsje fuorre hie mei bôlekrommen. Hy offeret de bisten oan 'e Bastert en bidt dan dat Dondo dy Jironal stjerre mei. Hy kriget skriklike pinebúk en falt derhinne.

As er de oare moarns wekker wurdt, stelt er fêst dat syn plan mislearre wêze moat: hy libbet sels ommers noch, dus dan kin de deadetsjoenderij net slagge wêze. Lykwols blykt Dondo dy Jironal de foargeande jûns wol deeglik stoarn te wêzen. Cazaril stiet foar in riedsel. As er úteinlik Umegat dernei freget, ûndersiket dy him en fertelt him dan wat ûnwolkom nijs. Der blike net ien, mar twa godswûnders plakfûn te hawwen. Cazaril hat oan 'e Bastert bidden om 'e dea fan Dondo en de god hat him ferheart en ien fan deadsdemoanen stjoerd om Dondo en Cazaril harren sielen op te heljen. Mar ear't dy syn taak folbringe koe, hat de Dochter fan 'e Maityd yngrepen en de demon en Dondo syn siel ynkapsele yn in kyste yn Cazaril syn ûnderbúk. Sadree't de goadinne har hannen fan Cazaril ôflûkt, sil de demon as noch syn wurk dwaan en sil Cazaril stjerre.

Wylst Cazaril almeast dwaande is mei syn nije kostgongers, rikt Dondo út it grêf wei nei de wrâld fan 'e libbenen. Doe't er noch miende dat er mei Iselle trouwe soe, hied er nammentlik in snoad plan optocht dat in roya dy't nei syn âldere broer Martou harke, ferfange moast troch ien dy't nei himsels harke. Dondo wist nammentlik fan 'e flok en de útwurking fan 'e menazjery ôf, want dat hie Orico oan Martou ferteld en Martou oan him. Dat doe makke er de jonge Teidez, dy't er doe sa stadichoan suver yn 'e bûse hie, wiis dat de menazjery in Roknaarske gearspanning wie, dêr't roya Orico mei behekst waard. No't syn grutte freon Dondo dea is, beslút Teidez op eigen manneboet aksje te ûndernimmen: mei syn liifwachten kringt er de menazjery binnen en deadet dêr alle bisten, wylst de hillige Umegat swier ferwûne rekket. Teidez mient hjirmei syn healbroer Orico rêden te hawwen, mar op it stuit dat de bisten stjerre, wurdt de roya mei blynheid slein en falt út syn stoel. Syn libben hinget oan in rottich toutsje. Yn alle trelit wurdt pas fiersten te let dúdlik dat Teidez, by it ôfmeitsjen fan in loaihoars, de hiele skonk suver iepenklaud is. Hy rint bloedfergiftiging op en binnen in pear dagen is er wei. Dêrmei is Iselle de erfgenamte fan 'e deadlik sike Orico wurden.

It wurdt dúdlik dat Martou dy Jironal net fan doel is en jou syn macht samar op. Hy tidiget derop om regint foar Iselle yn 't plak te wurden. Sy sil dan ûnder syn fâdij stean en dat sil sa bliuwe oant se trout (en oft, wannear't en mei wa't dat barre sil, kin hy, as har fâd, dan fansels ek moai sels beslisse). Dêrop stjoert Iselle Cazaril werom nei Valenda, sabeare om har sljochtsinnige mem te fertellen fan Teidez syn dea. Dy Jironal lit him gean, mei't er bliid is om fan him ôf te wêzen. Mar Cazaril hat in geheime opdracht. Hy giet yndie nei Valenda om royina Ista yn te ljochtsjen, wat útrint op in petear dat foar Cazaril tige ûntrêstigjend is. Ista, dy't net sljochtsinnich blykt te wêzen, mar inkeld, krekt as Cazaril, fan 'e goaden oanrekke, fertelt him nammentlik oer har jammerdearlik betearde besykjen om mei de help fan 'e Mem fan 'e Simmer de flok fan Chalion ôf te nimmen. Hja seit him ek yn in fizioen hjitten te wêzen dat inkeld in man dy't trijeris foar it keningshûs fan Chalion stjert, de flok weinimme kinne sil.

Cazaril hat lykwols in oar idee dat sawol Iselle ûnder Dy Jironal syn tomme wei krije, as har fan 'e flok befrije moat: fan Valenda riidt er fierder nei it buorkeninkryk Ibra, om Iselle har hân oan te bieden oan royse Bergon. Want as Iselle trout, ûntkomt se oan Dy Jironal syn fâdij. En boppedat: Ista, oer wa't de flok ek leit, is dermei oanhelle rekke om't hja mei roya Ias troude; sy is yn 'e flok troud, om samar te sizzen, en Cazaril riddenearret dat Iselle troch mei Bergon te trouwen, der úttrouwe kin. Ibra hat krekt in boargeroarloch efter de rêch tusken Bergon syn heit, de roya, en syn âldere healbroer, dy't fûn dat er te lang op 'e troan wachtsje moast. De striid is besljochte mei de dea fan Bergon syn broer, sadat hy no de troanopfolger is. Bergon is in jonge fan in jier as santjin en gâns feroare sûnt Cazaril him mear as in jier lyn foar it lêst seach: it docht bliken dat se tegearre op itselde Roknaarske galei finzen holden binne. De trewanten fan Bergon syn healbroer hiene him nammentlik ûntfierd en oan 'e Roknaren útlevere; Cazaril hat nea witten wa't er wie, mar op 'e lêste dei fan harren finzenskip offere er himsels op om 'e jonge te beskermjen en waard dêrop alhiel oan stikken gisele. Inkeld de befrijing fuort dêrnei en de fersoarging yn in sikehûs fan 'e Mem makken dat hy it, by de dea om 't ôf, helle. Bergon hat neitiid om sykje litten, mar syn mannen koene Cazaril net fine. No wurde hja beiden einlings weriene, en harren mienskiplike ferline makket Cazaril syn diplomatike missy der in stik makliker op.

Cazaril keart nei Chalion werom mei royse Bergon by him en nettsjinsteande in oanfal op harren, troch Dy Jironal syn trewanten, witte se feilich Iselle te berikken. Dy is ûnderwilens de kânselier troch de fingers glûpt en hat beskûl socht by har omke, de provincar fan Baocia, yn Taryoon. Dêr fynt hastich it keninklik houlik plak, mar de oare moarns sjocht Cazaril ta syn ôfgriis (mei't er sûnt syn dûbeld wûnder de flok op 'e leden fan it Chalioneeske keningshûs rêsten sjen kin as in soarte fan swart skaad) dat Iselle net út 'e flok troud is, mar Bergon deryn.

Ear't se lykwols in oar plan betinke kinne om 'e flok wei te nimmen, kringt Martou dy Jironal mei in útsochte karkloft Taryoon yn, mei as doel om Bergon dea te dwaan en Iselle te ûntfieren. Cazaril wurdt oermastere, mar wit mei syn wurden Dy Jironal ta sa'n razernij te driuwen, dat dy him mei it swurd dwers troch it liif stekt. Op dat stuit brûst de deadsdemon by it blêd fan it swurd op en troch Dy Jironal syn lichem hinne, dêrby de sielen fan sawol Dondo as Cazaril en ek dy fan Dy Jironal meiskuorrend nei it hjirneimels (dat gewoan op itselde plak as de wrâld fan 'e libbenen blykt te lizzen, mar dan oare kant de wale fan 'e dea). Dêr wachtet it fjouwertal in "blauwe Oanwêzigens": de Dochter fan 'e Maityd, dy't Cazaril út it selskip fan 'e oaren souwet. Martou dy Jironal swynt fuort nei de omearming fan 'e Heit fan 'e Winter, wylst de deadsdemon Dondo dy Jironal meisleept nei de hel fan de Bastert. Cazaril syn siel, lykwols, wurdt troch de Dochter wer yn syn eigen lichem stoppe, en it wurdt him dúdlik makke dat dit de trêde kears is dat er syn libben opjûn hat foar it keningshûs fan Chalion: 1) syn beskerming fan Bergon op 'e galei; 2) syn deadetsjoenderij om Iselle te behoedzjen foar in houlik mei Dondo; 3) syn ferdigening fan 'e fertrekken fan Bergon en Iselle en syn dea troch de hân fan Martou dy Jironal. Dan makket de goadinne gebrûk fan 'e skuor yn 'e wrâld dy't syn dea feroarsake hat en rikt nei de wrâld fan 'e libbenen om 'e flok fan Chalion gear te garjen en mei te nimmen nei de wrâld fan 'e goaden, dêr't er thúsheart.

Nei Dy Jironal syn dea jouwe syn mannen de striid op. Syn politike bûnsgenoaten witte ek net hoe fluch oft se no fan partij feroarje moatte. Iselle en Bergon, no befrijd fan 'e flok, reizgje nei Cardegoss, dêr't se kroane wurde ta royina en roya-gemaal fan Chalion. Cazaril hat by de graasje fan 'e Dochter syn wûnen oerlibbe en wurdt kânselier fan Chalion makke foar Dy Jironal yn 't plak. Op fersyk fan Betriz wurdt er har troch de nije royina ta man jûn.

  • Kroätysk (Prokletstvo Chaliona), fert. ?, 2001;
  • Russysk (Prokljatije Šaliona), fert. T. Zimjenkova, 2002;
  • Bulgaarsk (Prokljatieto na Šalion), fert. Milena Ilieva, 2003;
  • Frânsk (Le Fléau de Chalion), fert. Mélanie Fazi, 2003;
  • Italjaansk (L'Ombra della Maledizione), fert. Annarita Garnieri, 2003;
  • Poalsk (Klątwa nad Chalionem), fert. Kinga Dobrowolska, 2003;
  • Spaansk (La Maldición de Chalion; earst yn 2 dielen útbrocht: Los Cuervos del Zangre en El Legado de los Cinco Dioses, dy't pas by de twadde printinge, yn 2005, gearfoege binne ta 1 boek), fert. Manuel de los Reyes, 2003;
  • Dútsk (Chalions Fluch), fert. Michael Morgental, 2004;
  • Tsjechysk (Prokletí Chalionu), fert. Karel Stirius Vik, 2005;
  • Sineesk (?), fert. ?, 2006;
  • Roemeensk (Blestemul Chalionului), fert. Raluca Chirvase, 2007;
  • Hongaarsk (Chalion Átka), fert. Eszter Hoppán, 2012.[3]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wûn de Mythopoeic Award foar Folwoekseneliteratuer 2002;
  • wûn de lêzerskar-priis foar bêste boek fan 2001 fan The SF Site;
  • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2002;
  • nominearre foar de World Fantasy Award foar de bêste roman fan 2002.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Map of the Ibran Peninsula (www.dendarii.com).
  2. Bujold, Lois Mcmaster, Acknowledgements yn: The Curse of Chalion.
  3. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  4. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The World of the Five Gods
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Masquerade in Lodi • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos • The Orphans of Raspay • The Physicians of Vilnoc • The Assassins of Thasalon • Knot of Shadows
oare boeken
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf)