Springe nei ynhâld

The Prisoner of Limnos

Ut Wikipedy
The Prisoner of Limnos
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre fantasy
1e publikaasje 2017 (e-boek)
2019, Burton
oarspr. útjwr. Subterranean Press
rige
rige Penric and Desdemona
● foarich diel Mira's Last Dance
● folgjend diel The Orphans of Raspay
kodearring
ISBN 978-1 59 60 68 841

The Prisoner of Limnos is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "De Finzene fan Limnos". It boek fertelt it ferhaal fan 'e mei in ynderlike demon bejeftige jonge tsjoender Penric, dy't mei Nikys, de frou op wa't er fereale is, weromkeart nei it lân Cedonia, dêr't se koartby wei ûntsnapt binne en dêr't se noch altyd socht wurde troch de autoriteiten. Nikys har mem is nammentlik finzenset op it eilân Limnos, en Penric en Nikys moatte har befrije.

The Prisoner of Limnos makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is in ferfolch op fiif eardere novelles dy't de auteur yn 'e sub-rige Penric and Desdemona skreau. Yn 'e ynterne gronology fan 'e rige pakt The Prisoner of Limnos it ferhaal fan Penric op dêr't it oan 'e ein fan Mira's Last Dance stûke wie. De novelle waard yn 2017 publisearre as e-boek, en kaam begjin 2019 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. Yn 2020 waard The Prisoner of Limnos yn 'e mande mei Penric's Mission en Mira's Last Dance, werpublisearre yn 'e omnibus Penric's Travels, dy't útkaam by Baen Books.

De jonge Penric waard, doe't er njoggentjin jier wie, troch in ûnderweis hommels ferstjerrende timpeltsjoenster folslein ûnferwachte bejeftige mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften joech. Dat barren feroare de koerts fan Penric syn libben folslein. No, alve jier letter, is er sels in machtich timpeltsjoender fan 'e Oarder fan 'e Bastert (de god dy't de master fan 'e alle demoanen is), en hat er in hechte freonskip opboud mei syn demon, dy't er de namme Desdemona jûn hat. Hja is al mear as twahûndert jier yn 'e wrâld, in ûngewoan hege âlderdom foar in demon, en hat tolve eardere 'gastfroulju' hân: in merje, in liuwinne en tsien froulju, fan wa't de lêste fiif timpeltsjoensters wiene.

Wat foarôf gie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it foarfoarige diel út 'e rige, Penric's Mission, wie Penric foar de hartoch fan Lodi op in oerseeske misje nei Cedonia stjoerd, in lân dêr't Lodi mei op foet fan oarloch ferkearde. It doel wie om kontakt op te nimmen mei generaal Adelis Arisaydia, dy't mooglik oerrinne woe nei Lodi. Doe't Penric lykwols yn 'e Cedonyske havenstêd Patos oankaam, waard er daliks finzenset. Doe die bliken dat de hiele briefkerij tusken Adelis en de hartoch fan Lodi beävensearre wie troch de fijannen fan 'e generaal, dy't dêrmei in reden skeppe woene om Adelis foar ferrie te feroardieljen. Dat koe no wurde, en de generaal waard by wize fan straf blyn makke troch siedende jittik yn syn eagen te jitten.

Mar Penric ûntsnapte en wist mei syn tsjoenderij Adelis te genêzen, wêrnei't er mei de generaal en dy syn suster Nikys, in widdo, dat út flechte nei de grins mei it hartochdom Orbas. Underweis rekken Penric en Nikys fereale opinoar. It folgjende diel, Mira's Last Dance, beskreau hoe't de trije flechtlingen úteinlik in feilich taflechtsoard yn Orbas berikten. Dêr oankommen, frege Penric oan Nikys om mei him te trouwen, mar dêrmei oerspile er syn hân. Nikys hie nammentlik twifels oer in houlik mei in tsjoender, dat ommers ek in houlik mei in demon wêze soe, mei't Penric en Desdemona letterlik ûnskiedber wiene.

The Prisoner of Limnos begjint yn Vilnoc, de haadstêd fan Orbas. Generaal Arisaydia is inkele wiken tefoaren oan it haad fan in Orbassyske leger nei it easten ta ôfset om tsjin 'e ynfallende Rusylli te fjochtsjen. Nikys is as hofdame opnommen yn 'e hofhâlding fan hartoch Jurgo fan Orbas. Penric hie ûnderwilens al lang weromkeare moatten nei Lodi, no't folslein dúdlik is dat er de generaal nea oerhelje sil om tsjinst te nimmen by de hartoch fan Lodi. Hy hat ek al trije kear per brief opdracht ûntfongen fan syn master, de aartsprelaat fan Lodi, om werom te kommen, eltse kear yn minder hoflike taal. Syn ferealens op Nikys hâldt him lykwols yn Vilnoc, ek al hat er amper noch hope dat it wat tusken harren wurde sil.

Dan komt Nikys op in dei by him mei in brief dat se út Cedonia ûntfongen hat, en dêr't yn bedutsen taal yn meidield wurdt dat har mem, Idrene Gardiki, troch de autoriteiten finzenset is. Hja sil as gizelster fêstholden wurde oant har soan, generaal Arisaydia, weromkeart nei Cedonia en himsels oerleveret oan it gesach dêre. Nikys ken it hânskrift fan it brief werom: it is skreaun troch Surakos Bosha, in eunuch dy't de sekretaris is fan frouwe Tanar Xarre, om wa't Adelis Arisaydia stike foarôfgeande oan syn fal yn ûngenede. Nikys fertrout Bosha en is derfan oertsjûge dat it boadskip yn it brief wier is. Yn oerlis mei hartoch Jurgo fan Orbas beslute Penric en Nikys om temûk werom te kearen nei Cedonia, om te besykjen en befrij Nikys har mem. Yn ruil foar harren ûnthjit om Adelis bûten de saak te hâlden, sadat dy net ôflaat wurdt fan syn taak om ôf te weven mei Rusylli, jout Jurgo oan Penric en Nikys in grouwe ponge mei jild om harren rêdingsasksje mei te bekostjen.

Mei help fan Jurgo syn ûnderhearrigen stekke Penric en Nikys sadwaande in deimannich letter temûk de grins mei Cedonia wer oer, dy't se noch net sa lang lyn yn omkearde rjochting oerflechte binne. Se reizgje ûnder de momkape fan in begoedige frou en har tsjinner nei Thasalon, de Cedonyske haadstêd ta. Idrene wurdt finzenholden op it eilân Limnos, foar de kust fan Thasalon, dat in dreech berikber frouljuskleaster en beafeartsoard fan 'e Oarder fan 'e Dochter is. Bûten de stêd kringe Penric en Nikys it lângoed fan 'e famylje Xarre binnen. Penric, dy't him by de wurden 'eunuch' en 'sekretaris' in boekige, korpulinte persoan yn syn middeljierren foarsteld hie, komt bedragen út as Surakos Bosha net inkeld de sekretaris fan frouwe Tanar blykt te wêzen, mar ek har (tige goed oefene) liifwacht en dêropta in albino, feitsjes dy't Nikys fergetten is om oan him te fertellen. Nei't Penric syn earste moeting mei de eunuch suver mei de dea bekeapje moat, witte hy en Nikys Bosha derfan te oertsjûgjen om harren by frouwe Tanar te bringen.

Hja is in tige tsjeppe jonge frou fan omtrint tweintich jier, dy't as erfgenamte fan it fortún fan 'e Xarre-famylje de frijers allegeduerigen suver fan har ôfslaan moat (of dat alteast troch Bosha dwaan lit). Generaal Adelis Arisaydia wie ien fan dy frijers foar't er oan it Cedonyske Hôf yn ûngenede foel, mar hy wie de iennichste dy't fernimstich genôch wie om, sa't Tanar it sels útdrukt, har in suster te jaan. Dêrmei wol se sizze dat Adelis syn suster Nikys oantrune om freonskip te sluten mei Tanar, sadat sy syn saak by Tanar bepleitsje koe. Tanar tinkt noch altyd goedgeunstich oan Adelis werom, en as Nikys letter trochfreget, docht bliken dat se fan doel is om op him te wachtsjen. Oan 'e oare kant wurdt it Nikys ek dúdlik dat Tanar eins fereale is op Bosha (dy't twa kear sa âld is as sy), en Bosha op har. Se sil har broer op 'e iene of oare wize dúdlik meitsje moatte dat er Tanar en Bosha tegearre oannimme moatte sil of net ien fan beiden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op oanstean fan Penric fertelt Bosha dat er in âldere suster hat, Hekat, dy't as wijelinge fan 'e Oarder fan 'e Dochter op Limnos wennet. In pear kear yn 't jier besiket er har dêr, yn it kleaster dêr't gjin inkele man komme mei (mar hy wol, want hy is gjin man mear). It kleaster, dat dreech te berikken is trochdat it op 'e rotsen heech boppe de kust fan it eilân boud is, en trochdat it fan 'e rest fan it eilân skaat wurdt troch in djippe kleau, wurdt troch it Cedonyske regear út en troch brûkt om foarname froulike finzenen fêst te hâlden. De lêste kear dat Bosha dêr wie, fong er it geroft op dat Idrene Gardiki, de mem fan Adelis Arisaydia, dêr koartby hinne brocht wie. Doe't er dat letter oan Tanar fertelde, stie dy derop dat der in brief nei Adelis yn Orbas stjoerd wurde soe om him dêroer te warskôgjen.

Ruchia, de foarrige gastfrou fan Penric syn demon Desdemona, ferfolle foar de Timpel in grut tal tsjinsten, wêrûnder dy fan spionne. Op basis fan 'e beskriuwing fan it eilân en it kleaster dy't Bosha jout, betinkt Desdemona sadwaande in plan om Idrene te befrijen, dat se sa ienfâldich mooglik hâldt. Mei't se witte dat Penric op oertsjûgjende wize in frou spylje kin (sjoch: Mira's Last Dance) is it it maklikst om in persoansferwikseling te dwaan: twa froulju komme op beafeart it kleaster yn, en twa froulju geande wer fuort, allinnich, it binne net deselde froulju. Penric nimt it plak fan Idrene yn, en Idrene kuieret kalmkes ta har finzenis út.

De oare deis reizgje Penric-as-frou en Nikys ûnder begelieding fan Bosha nei Limnos ta, dêr't Bosha deun by de igge bliuwt. Penric en Nikys litte harren, sa't dat foar froulju fan stân wizânsje is, op ezels in paad mei hierspjeldbochten op ride nei de flapbrêge oer de kleau. Dêr rint in ridel hûnen om dy't beleard binne om manlju werom te kennen, mar dy binne maklik op 'e doele brocht mei in betsjoening dy't Penric yn syn tiid by de sjamanen yn It Wold leard hat (sjoch: Penric's Fox). By in hillige boarne, dêr't de pylgers bidde, heart Nikys de Stim fan 'e Dochter yn har holle, dy't Har seine oan 'e rêdingsmisje jout. Mooglik dat dat de reden is, dat, as Penric en Nikys djipper yn it kleaster trochkringe, se daliks de sel fine dêr't Idrene yn opsletten is.

Nikys leit har mem út wat der oan 'e hân is, Idrene en Penric wikselje fan klean, de beide froulju jouwe harren ôf en Penric tsjoent de doar wer op 't slot mei himsels yn 'e sel. Idrene en Nikys ferlitte it kleaster sûnder dat immen der euvelmoed yn hat, en Bosha begeliedt harren fan it eilân ôf en nei it havenplak Akylaxio ta, dêr't se in skip hoopje te finen dat om it skiereilân fan Cedonia hinne farre sil nei de kust fan Orbas. Wylst se yn in keamer yn in herberge wachtsje oant Bosha dêr ynljochtings oer ynwûn hat (en oant Penric him dêr wer by harren jout, as er dat oprêdt), reitsje Nikys en har mem oan 'e praat. Sa fertelt Nikys dat Penric har frege hat mei him te trouwen en dat se nee sein hat. Idrene, dy't witte wol hoe en wat, befreget har dochter op snoade wize, sadat Nikys mear priisjout as dat se eins wollen hie. As se úteinlik tajout dat it wichtichste probleem is dat se net inkeld mei Penric trouwe soe, mar ek mei Desdemona, riedt Idrene har oan om dêr dan gewoan ris mei Desdemona oer te praten, wat foar Nikys in nij idee is.

Underwilens hat Penric de froulike sipiers fan Idrene foar 't lapke holden doe't se jûns har iten brochten, troch him op bêd beskûl te hâlden ûnder de tekkens as ien dy't swier deprimearre rekke is fan har finzenskip. Hy beslút dy nachts te ûntsnappen troch de doar wer fan 't slot te tsjoenen en de sydpoarte te sykjen dy't tagong jout ta de treppen fan twatûzen triemmen dy't út it kleaster wei tagong jout ta de kust, fier yn 'e djipte, dêr't er dan in skip sykje moat om him nei it fêstelân te bringen. Om't er earst wachtsje moat oant alle bewensters fan it kleaster har deljûn hawwe, beslút er sels ek even in slûchje te dwaan. Hy wurdt wekker as der in frjemde keardel yn 'e sel klimt troch it iepen finster dat útsjoch jout oer de see en de djipte.

Dat blykt Ikos Rodoa te wêzen, de foarsoan út in eardere relaasje fan Idrene, foar't se de heit fan Adelis en Nikys mette. Ikos syn bedoeling wie om syn mem te rêden, mar dêrfoar is er te let kommen. Hy is in yngenieur en in bouwer fan brêgen, dy't in yngenieus apparaat fan rimen, touwen en katrollen makke hat, dêr't him mei ôfsakje litten hat fan in balkon, fiif ferdjippings heger. Wylst de beide mannen redendiele oer hoe no, wurdt der ynienen oan 'e seldoar rattele. Penric lit Desdemona dan it slot ferroastkje, en as de sipier de kaai der ynstekt, lit er dy yn it slot ôfbrekke. Dat jout him en Ikos tiid om harren fêst te gaspjen yn Ikos syn apparaat en harren hingjend boppe de djipte as hiel hastige slakken út 'e fuotten te meitsjen. As se ienris fuort ûnder it balkon hingje dêr't Ikos syn katrollen oan fêstmakke hie, begjint er hieltyd ien katrol los te meitsjen en in ein te ferpleatsen, sadat se harren horizontaal ûnder de rige balkons troch ferpleatse. Uteinlik berikke se op dy manear de lange treppen dy't yn 'e rots úthoud is, dy't se ôfgeane nei de kust. Dêr wachtet in troch Ikos ynhierde fiskersboat op harren.

De fiskers bringe Penric en Ikos nei Akylaxio, dêr't se weriene wurde mei Nikys en Idrene. Se fine in skip dat de trije flechtlingen nei Orbas bringe kin, mar dêr't se pas de oare moarns telâne kinne. Sadwaande bringe se de nacht troch yn 'e herberge. De oare moarns ier sette se nei de haven ta, dêr't se by in dûanepost lâns moatte. Krekt op dat stuit arrivearret der in militêre koerier mei in boadskip foar de dûaniers. Penric ûnderskept de man ear't er de dûanepost berikke kin, en hjit him mei de bestjoenende stim fan in sjamaan fan it Wold om it brief dat de koerier by him hat oan Penric te jaan. Sa't er al tocht, befettet dat in detaillearre beskriuwing fan Idrene. Desdemona baarnt it brief ta jiske, wylst Penric de koerier in betsjoening opleit dy't de man miene lit dat er syn boadskip oerbrocht hat, en dat er no nedich syn útputte hynder fersoargje moat. It oplizzen fan betsjoenings oan ûnwillige minsken easket in flinke priis, en Penric is neitiid dan ek suver eefkes út 'e tiid wylst er in kopfol bloed ophoastet. Mar as er wer bekommen is, kinne hy, Nikys en Idrene sûnder fierdere swierrichheden oan board fan harren skip gean, wêrnei't se, útswaaid troch Ikos en Bosha, de haven fan Akylaxio efter harren litte.

Oan board fan it skip jout Nikys oan dat se mei Desdemona prate wol. Dêrta draacht Penric syn spraakfermogen oan syn demon oer. Dan folget der in yngeand petear oer leafde, trouwen en it krijen fan bern, dêr't Penric foar it meastepart inkeld in fernuvere taskôger by is. Nikys en Desdemona komme ta in oerienkomst, en Penric ûnthjit dat er net besykje sil om Nikys mei te nimmen nei Lodi (dêr't se net hinne wol), mar om tsjinst te nimmen by hartoch Jurgo fan Orbas, dy't al fan it begjin ôf oan besocht hat Penric oan syn hofhâlding ta te foegjen. Ek ûnthjit er om in hûs foar Nikys te keapjen, mei't in eigen hûs in lang koestere winsk fan har is. En in lêste ûnthjit dat se him ôftwingt, is dat er nea, mar dan ek nea syn hier ôfskeare mei. Ek dêr stimt er, wat ferheard, mei yn. Dan seit se einlings en te'n lêsten jo op syn houliksoansyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bujold, Lois McMaster, The Prisoner of Limnos, Burton (Michigan), 2019 (Subterranean Press), ISBN 978-1 59 60 68 841.
  • Bujold, Lois McMaster, The Prisoner of Limnos yn: Bujold, Lois McMaster, Penric's Travels, New York, 2020 (Baen Books), ISBN 978-1 98 21 24 571.
The World of the Five Gods
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Masquerade in Lodi • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos • The Orphans of Raspay • The Physicians of Vilnoc • The Assassins of Thasalon • Knot of Shadows
oare boeken
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf)