Mira's Last Dance
Mira's Last Dance | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2017 (e-boek) 2018, Burton | |
oarspr. útjwr. | Subterranean Press | |
rige | ||
rige | Penric and Desdemona | |
● foarich diel | Penric's Mission | |
● folgjend diel | The Prisoner of Limnos | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 59 60 68 544 |
Mira's Last Dance is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "Mira's Lêste Dûns". It boek fertelt it ferhaal fan 'e mei in ynderlike demon bejeftige jonge tsjoender Penric, dy't mei twa selskipslju út it lân Cedonia sjen moat te ûntsnappen wylst se hjitfolge wurde troch de autoriteiten. Mira's Last Dance makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is in ferfolch op fjouwer eardere novelles dy't de auteur yn 'e rige Penric and Desdemona skreau. Yn 'e ynterne gronology fan 'e rige giet Mira's Last Dance daliks troch dêr't Penric's Mission ophold. De novelle waard yn 2017 publisearre as e-boek, en kaam yn 2018 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. Yn 2020 waard Mira's Last Dance yn 'e mande mei Penric's Mission en The Prisoner of Limnos, werpublisearre yn 'e omnibus Penric's Travels, dy't útkaam by Baen Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De jonge Penric waard, doe't er njoggentjin jier wie, troch in ûnderweis hommels ferstjerrende timpeltsjoenster folslein ûnferwachte bejeftige mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften joech. Dat barren feroare de koerts fan Penric syn libben folslein. No, alve jier letter, is er sels in machtich timpeltsjoender fan 'e Oarder fan 'e Bastert (de god dy't de master fan 'e alle demoanen is), en hat er in hechte freonskip opboud mei syn demon, dy't er de namme Desdemona jûn hat. Hja is al mear as twahûndert jier yn 'e wrâld, in ûngewoan hege âlderdom foar in demon, en hat tolve eardere 'gastfroulju' hân: in merje, in liuwinne en tsien froulju, fan wa't de lêste fiif timpeltsjoensters wiene. Fan al dy eardere gastfroulju fan Desdemona is soarte fan 'ôfdruk' fan 'e persoanlikheid efterbleaun by de demon, dy't se nei goedtinken oproppe kin. Dat komt handich út by it nije aventoer fan Penric en Desdemona, yn Mira's Last Dance.
Yn it foargeande diel fan 'e rige, Penric's Mission, wie Penric troch syn nije master, de aartsprelaat fan Lodi, útliend oan 'e hartoch fan Lodi, dy't him op in oerseeske misje nei Cedonia ta stjoerde, in lân dêr't Lodi mei op foet fan oarloch ferkearde. It doel wie om kontakt op te nimmen mei generaal Adelis Arisaydia, dy't mooglik oerrinne woe nei Lodi. Doe't Penric lykwols yn 'e Cedonyske havenstêd Patos oankaam, waard er daliks finzen set. Doe die bliken dat de hiele briefkerij tusken Adelis en de hartoch fan Lodi beävensearre wie troch de fijannen fan 'e generaal, dy't dêrmei in reden skeppe woene om Adelis foar ferrie te feroardieljen. De generaal waard blyn makke troch siedende jittik yn syn eagen te jitten. Mar Penric ûntsnapte en wist mei syn tsjoenderij Adelis te genêzen, wêrnei't er mei de generaal en dy syn suster Nikys, in widdo, dat út flechte nei de grins mei it hartochdom Orbas. Underweis rekken Penric en Nikys fereale opinoar. It boek einige mei in konfrontaasje wêrby't de trije flechtlingen ôfweefden mei harren efterfolgers.
Mira's Last Dance begjint fuort dêrnei, as Penric, Nikys en Adelis harren in pear dagen beskûlhâlde yn 'e oanswettende delling, dêr't se ûnderdak fine by ferskate boerespultsjes efterinoar. Uteinlik bedarje se yn it stedsje Sosie, dêr't se de nacht hoopje troch te bringen yn 'e pleatslike timpel. Dat draait lykwols op neat út om't de timpel it toaniel is fan in plechtichheid dy't de hiele nacht duorje sil. Mei't se gjin jild mear hawwe, moatte de trije flechtlingen in oar plak sjen te finen dêr't se sliepe kinne sûnder dat se derfoar hoege te beteljen. Op harren omdoarmings troch it stedsje binne se der jûns let tsjûge fan dat in pear soldaten, leden fan it pleatslike garnizoen, wegere wurdt oan 'e doar fan in bordeel om't dêr in útbraak fan skamlûs hearsket dêr't de hoeren earst fan ôf sjen moatte te kommen. As de soldaten har ôfjûn hawwe, biedt Penric syn tsjinsten oan: in gaosdemon lykas Desdemona jout oanhâldend gaos ôf, in soarte fan byprodukt fan har tsjoenderij, en it útrûgjen fan ûngedierte is in teologysk ferantwurde manear om fan sokke gaos ôf te kommen sûnder dat der skea troch oanrjochte wurdt. Yn ruil foar syn tsjinsten betinget Penric dat hy, Adelis en Nikys yn it bordeel oernachtsje meie.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wylst hja yn it bordeel ferbliuwe, betinke de trije flechtlingen hoe't se de swierbewekke grinsoergong fan Cedonia nei Orbas passearje sille, dy't op tweintich myl ôfstân fan Sosie leit. Mei help fan madam Zihre makket Penric syn lange hier dûnkerder en stekt it op, om himsels dan yn frouljusklean te klaaien. As Nikys en Zihre mei him klear binne, sjocht er derút as in kreaze frou. En sa beweecht er him ek, mei de help fan Mira fan Adria, de 'ôfdruk' fan in eardere gastfrou fan Desdemona, dy't in ferneamd koertisane wie. De momkape bringt him lykwols yn 'e swierrichheden as generaal Egin Chadro, de kommandant fan it garnizoen fan Sosie, de folgjende jûns yn it bordeel komt en it mei him oanlizze wol. Mira, oan wa't Penric de behearsking fan syn lichem tydlik oerdroegen hat, seit lykwols tsjin Chadro dat se dat soarte wurk net mear docht, en dat se boppedat de regels hat.
Dêr foeget se, ta ôfgriis fan Penric, lykwols oan ta, dat se him miskien wol op in oare wize fan tsjinst wêze kin. Mira nimt generaal Chadro mei nei in aparte keamer, dêr't se oer him gear giet nei't se him mei sidene doeken fêstbûn hat. Wat der krekt bart, bliuwt ûndúdlik, hoewol't de oansleine Penric syn beide selskipslju der letter fan bewissiget dat er neat oanrekke hat dat er yn syn eardere wurkpaad as dokter by syn pasjinten net ek oanrekke. (Soks is no krekt de reden wêrom't demoanen ornaris fan frou op frou en fan man op man trochjûn wurde en net fan 'e iene sekse nei de oare.) Penric is lykwols noch it lulkst oer it feit dat Mira gjin betelling frege hat foar har tsjinsten. De oare deis, as Penric, Adelis en Nikys besykje te betinken hoe't se sûnder jild fierder sille, arrivearret der lykwols in klinkende ponge fan generaal Chadro. Penric ferwachtet sulver, mar de ponge blykt fol mei goudene muntstikken te sitten.
Mei dat jild kinne de trije flechtlingen in koets hiere dy't harren nei de grins ta riidt. Healwei wurde se byhelle troch generaal Chadro, dy't Mira efternei kommen is om har te freegjen mei him te trouwen. Nei't Penric him sa foarsichtich mooglik ôfwiisd hat, begeliedt de generaal harren koets nei de grins, mei as gefolch dat Penric, Adelis en Nikys sûnder swierrichheden Cedonia ferlitte kinne. Yn Orbas reizgje se nei de haadstêd Vilnoc, dêr't Penric de oaren meinimt nei de pleatslike kapittelseal fan 'e Oarder fan 'e Bastert. Dêr kinne se har waskje en liene se nije klean. As se neitiid harren opwachting meitsje oan it hof fan hartoch Jurgo fan Orbas, wurde se mei iepen earms ûntfongen. Adelis kriget daliks in plak yn it leger fan Orbas oanbean, wylst Nikys as hofdame fan ien fan 'e dochters fan 'e hartoch oannommen wurdt. Dêrmei liket Penric syn misje, om Adelis mei werom te bringen nei Lodi, foargoed mislearre. Wat slimmer is, ek syn hope op in relaasje of moogliks sels in houlik mei Nikys liket op 'e non te rinnen. Troch de hiele episoade mei Mira hat Nikys nammentlik foar it ferstân krigen dat se troch in relaasje mei Penric oan te knoopjen, ek in relaasje mei Desdemona, Mira en njoggen oare froulju begjinne sil, om oer de liuwinne en de merje mar te swijen. Dêr is se begryplikerwize huverich foar, en as Penric syn hân oerspilet en har freget om mei him te trouwen, wiist se him ôf. [It ferhaal giet fierder yn The Prisoner of Limnos.]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|