Lauren Saint-Onge
Appearance
Lauren Saint-Onge | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lauren Saint-Onge | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | ±1985 | |
berteplak | ? (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | yllustratrise, boekbânûntwerpster | |
jierren aktyf | ±2005 – no | |
offisjele webside | ||
www.lauensaintonge.com |
Lauren Saint-Onge (±1985) is in Amerikaansk yllustratrise en boekbânûntwerpster.[1] Se hat har oplieding folge oan it Massachusetts College of Art and Design yn Boston.[2] Sûnt 2016 libbet en wurket se yn Seattle, yn 'e Amerikaanske steat Washington.[1] Saint-Onge hat û.m. de omslaggen makke foar de novelles út 'e rige Penric and Desdemona, fan skriuwster Lois McMaster Bujold, dy't by útjouwerij Subterranean Press yn Burton (Michigan) útkamen.[3][4][5][6][7][8][9][10] Behalven omslaggen fan boeken wurket Saint-Onge ek as tekener mei oan it ûntwerpen fan fideospultsjes.[1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|