Penric and Desdemona

Ut Wikipedy
Penric and Desdemona
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre fantasy
skreaun 2016 – no
oarspr. útjwr. Subterranean Press
rige
rige The World of the Five Gods

Penric and Desdemona is in rige novelles dy't sûnt 2016 skreaun wurdt troch de Amerikaanske fantasy- en science fiction-auteur Lois McMaster Bujold. De rige giet oer de tsjoender Penric sibbe Jurald, dy't bejeftige is mei de gaosdemon Desdemona. De ferhalen fan Penric and Desdemona, dy't yn it personele perspektyf skreaun binne, meitsje diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, dêr't Penric and Desdemona winliken in spin-off-rige fan is.

Utgongspunt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Penric sibbe Jurald is in jonge ealman út 'e Kantonnen dy't op in dei oan 'e kant fan 'e wei in âlde tsjoenster stjerrend oantreft nei't hja in hertoanfal krigen hat. It âldminske bejeftiget him mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften jout, sadat Penric fan it ien op it oare momint in tsjoender wurdt. Syn libben nimt dêrtroch in folslein ûnferwachtse kear. Hy wit him dêr lykwols skoan oan oan te passen en slút in hechte freonskip mei de froulike demon, dy't er de namme Desdemona jout. Tegearre reitsje yn alderhanne aventoeren fersyld.

Searje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(op folchoarder fan 'e ynterne gronology fan 'e searje, ynstee fan op folchoarder fan útjefte)

Omnibusútjeften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pleatsing yn The World of the Five Gods[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje The World of the Five Gods spilet Penric's Demon 160 jier nei de foarfallen yn The Hallowed Hunt en goed 100 jier foàr The Curse of Chalion en Paladin of Souls. De rest fan 'e Penric and Desdemona-rige folget op Penric's Demon: Penric and the Shaman fiif jier dêrnei, Penric's Fox in jier dêr wer nei en dêr wer in jier as fiif nei Penric's Mission, Mira's Last Dance en The Prisoner of Limnos (dy't suver naadleas opinoar oanslute).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

The World of the Five Gods
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Masquerade in Lodi • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos • The Orphans of Raspay • The Physicians of Vilnoc • The Assassins of Thasalon
oare boeken
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf)