Springe nei ynhâld

Paladin of Souls

Ut Wikipedy
Paladin of Souls
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2003, New York
oarspr. útjwr. Eos
prizen Hugo Award 2003
Nebula Award 2004
Locus Award 2004
nom. Mythopoeic Award 2004
rige
rige The World of the Five Gods
● foarich diel The Curse of Chalion
● folgjend diel The Hallowed Hunt
kodearring
ISBN 0 38 09 79 020

Paladin of Souls is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The World of the Five Gods, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. It rju priizge Paladin of Souls, dêr't Bujold sawol in Hugo, in Nebula as in Locus Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 2003 en is ûnderwilens oerset yn trettjin talen.

Nei The Curse of Chalion wie Paladin of Souls it twadde boek fan Bujold har The World of the Five Gods, dat hja skreau yn 2002. Krekt as The Curse of Chalion spilet Paladin of Souls, dat oerset wurde kin as "Paladyn fan 'e Sielen" of (frijer fertaald) "Foarfjochtster fan 'e Sielen", yn in fiksjonele, midsiuwskige wrâld dy't oerdúdlik basearre is op Jeropa. Op Bujold har webside is sels in lânkaart te finen wêrop't Jeropa gewoan 180 graden draait is, sadat it Ibearysk Skiereilân nei it noarden wiist.[1] Dêrút kin ek opmakke wurde dat it lân Chalion oerienkomt mei it âlde keninkryk Kastylje, en de buorlannen Ibra, Brajar en Darthaca mei it âlde keninkryk Aragon, resp. Portegal en Frankryk, wylst de fijannige Roknaarske foarstedommen lykslein wurde kinne mei de Moarske emiraten fan Andalúsje. Mei't it klimaat yn Bujold har wrâld yn it noarden waarmer is as yn it suden, kin konkludearre wurde dat Chalion op it súdlik healrûn lizze moat.

Net inkeld geografy, mar ek oare eleminten fan 'e wrâld fan 'e The Curse of Chalion hawwe in protte wei fan Midsiuwsk Jeropa. Sa is de oarloch dy't allegeduerigen oangiet tusken de keninkriken Chalion, Ibra en Brajar oan 'e iene kant en de Roknaarske foarstedommen oan 'e oare kant dúdlik basearre op 'e Werovering of Reconquista, de bemastering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristlike keninkriken nei de mear as fiifhûndertjierrige oerhearsking troch de Arabieren. En it keningspear Bergon en Iselle, dy't de keninkriken Ibra en Chalion ferienje, binne sûnder mis basearre op 'e saneamde "Katolike Monargen" Isabelle en Ferdinand, dy't yn 1479 Kastylje en Aragon ferienen en sa Spanje stiften. Paladin of Souls is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 2003, troch Eos, in ymprint fan útjouwerij HarperCollins Publishers. It kaam noch datselde jiers út as e-boek en as audioboek yn 2005. Hoewol't it yn prinsipe in op himsels steand boek is, sitte der guon plotbedjerrende eleminten yn oer wat foarôf gie en beskreaun is yn The Curse of Chalion; dat as men fan doel is en lês beide boeken, dan liket it de baas om earst oer de The Curse of Chalion gear, en dêrnei pas Paladin of Souls te lêzen.

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Ista dy Baocia is de widdo fan in eardere roya (kening) fan Chalion en de mem fan 'e hjoeddeiske royina (keninginne) Iselle, dy't trije jier lyn op 'e troan kommen is. Fan har is lang oannommen dat se ta sljochtsinnigens ferfallen is, mar yn wurklikheid is hja tweintich jier lyn fan 'e goaden oanrekke wurden by in folslein mislearre besykjen om it keningshûs fan Chalion te ferlossen fan in flok. By dat besykjen is troch har skuld Arvol dy Lutez omkommen, dy't doedestiden de heechste ealman fan it lân en de minner fan har man de roya wie. Sûnt wurdt se troch spyt en skuldgefoelens pleage en har mystike uterings wurde foar dwylsinnich holden. (Sjoch The Curse of Chalion foar it ferhaal fan hoe't de flok einlings dochs fan keningshûs en lân weinommen waard.)

Nei de dea fan har mem, de âlde provincara-dûairiêre fan Baocia, beslút Ista om te ûntsnappen út har benearjende semy-finzenskip yn har memme âld kastiel te Valenda, en de manear dy't se dêrfoar kiest, is troch op pylgertocht te gean yn it selskip fan Chivar dy Cabon, in eksintrike preester fan 'e Bastert (ien fan 'e fiif goaden), en in troep soldaten fan 'e Oarder fan 'e Dochter (ek ien fan 'e fiif goaden), ûnder lieding fan 'e bruorren Ferda en Foix dy Gura. As iennichste hofdame nimt se in jonge koerierster fan 'e kânselier yn 'e tsjinst dy't fan Liss hjit. Mei gjin oar plan as om sa fier mooglik fan Valenda ôf te kommen, en har foar de út har eachpunt minder wichtige religieuze aspekten fan har reis alhiel ferlittend op Dy Cabon, begjint se oan in swalktocht dy't har almar fierder nei it noarden ta bringt, sij it noch altiten op feilige ôfstân fan 'e noardgrins, dêr't de oarloch tsjin 'e Roknaarske kustfoarstedommen einlik yn it foardiel fan Chalion keard is, sûnt de flok fan it lân weinommen is.

Mar dan slacht it needlot ta en dûkt der dochs in ôfdieling Roknaarske soldaten op, dy't, sa't letter bliken docht, in wraam op 'e stêd Rauma dien hawwe, djip yn it buorlân Ibra. Dêrwei binne se troch de Ibranen de bergen yn dreaun en doe oer de Chalioneeske eastgrins flechte, en no besykje se dwers troch Chalion hinne werom te slagjen nei har eigen lân. Ista har selskip kin net oan 'e Roknaren ûntkomme, al witte se noch al Liss op har flugge koeriershynder foarút te stjoeren om help te sykjen, en Dy Cabon yn in dûker ûnder de wei te ferstopjen (mei't de kwadreenske Roknaren de Bastert as in kweageast beskôgje en eltse preester fan 'e Bastert dy't se yn 'e hannen krije, deafolterje). Ista sels en de soldaten fan 'e Dochter wurde finzen nommen en meifierd op 'e wylde flecht fan 'e Roknaren troch twa Chalioneeske provinsjes hinne, oant se, fuort by de noardgrins, nachts oerfallen wurde troch in kloft mannen yn grize tabberts. De lieder fan dyselden rêdt Ista úteinlik persoanlik as de Roknaarske kaptein mei har as gizelder besiket út te naaien. De mannen yn 'e grize tabberts blike soldaten fan Kastiel Porifors te wêzen, en harren oanfierder is de march fan Porifors, Arhys dy Lutez: nimmen oars as de jongste soan fan 'e man dy't Ista sa lang lyn deadien hat. Hy bringt har nei syn kastiel ta, dêr't nei ferrin fan tiid ek Liss en Dy Cabon opdûke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wat langer oft Ista op Kastiel Porifors ferbliuwt, wat dúdliker oft it wurdt dat dêr nuvere dingen geande binne. De march, Arhys dy Lutez, yt en drinkt frijwol neat, en docht inkeld op 'e middeisoere in lyts slûchje. Syn healbroer en rjochterhân Illvin dy Arbanos, op wa't Ista daliks fereale wurdt, leit al hast in fearnsjier yn koma, mar wurdt midden yn 'e nacht besocht troch Arhys syn mear as fyftjin jier jongere frou, Cattilara. Underwilens wurdt Ista sels hjitfolge troch de Bastert, dy't har yn dreamen en fizioenen besiket oer te heljen om 'e iene of oare taak op har te nimmen. Mar Ista hat nei har lêste jammerdearlik ôfrûne ûnderfining mei godlik yngripen in ôfwearze fan 'e goaden opfette en akselet op alle mooglike manearen tsjin, ek al wurde har ferskate jeften opkrongen, lykas it "twadde sicht", wêrmei't se de sielen fan minsken en oare boppenatuerlike ferskynsels sjen kin.

Uteinlik wurdt har nijsgjirrigens har oermânsk en giet se nettsjinsteande har beswieren tsjin 'e goaden op ûndersyk út. Dan docht bliken dat Arhys dy Lutez al in fearnsjier dea is. Trije moannen lyn kaam der op Kastiel Porifors in Roknaarsk gesantskip út it foarstedom Jokona oan, mei dêrûnder de prinsesse Umerue. Neffens de Roknaren wie it de bedoeling dat de prinsesse úthylke wurde soe oan Illvin, mar doe't se ienris arrivearre wie, liet se har each falle op Arhys, dy't alhiel fan har besleifere rekke; letter die bliken dat Umerue beset wie troch in demon, dy't syn boppenatuerlike krêften brûkte om Arhys te ferlieden. (Demoanen binne wêzens fan gaos en dusoarder dy't yn 'e hel fan 'e Bastert thúshearre, mar út en troch ûntglûpt der ien oan 'e god en naait út nei de materiële wrâld ta.) De jaloerske Cattilara krong op in stuit de prinsesse har sliepkeamer yn, dêr't se Arhys mei Umerue betrape. Dêrop besocht se Umerue del te stekken, wylst Illvin har ûnderwilens besocht tsjin te hâlden, en yn 'e wrakseling om it mês waard ynstee fan 'e prinsesse Arhys delstutsen. Wylst Illvin him om syn broer bekroade, stiek Cattilara, doe alhiel breinroer, as noch Umerue dea. Doe sprong de demon oer nei de tichtstbye libbene minske, en dat wie Cattilara, dy't syn krêften daliks brûkte om Arhys syn siel werom te tropjen yn syn ferstoarne lichem, dat se dêrnei op oanwizing fan 'e demon mei Illvin syn libbenskrêft ûnderhold. Arhys hie neitiid gjin oantinkens mear oan it hiele barren en fertroude op wat Cattilara him deroer fertelde. En dy fertelde him dat Illvin en Umerue delstutsen wiene troch in oergeunstige Roknaarske minner fan 'e prinsesse. Trochdat syn libbenskrêft him ûntstellen waard, lei Illvin de hiele dei yn swym, dat dy koe har ferhaal net ûntstride. De hiele dei behalven in lyts hoartsje om 'e middeisoere hinne, as him gau-gau safolle mooglik iten opfuorre waard as er mar troch de kiel krije koe; dy mominten dat Illvin by besleur wie, foelen gear mei Arhys syn hazzesliepkes. Sa waarden se allebeide yn ûnwittendheid holden oant Ista de hiele saak útfigelearre en útbrocht.

It is Ista lykwols ûndúdlik wat se deroan dwaan moat, want Arhys is no al sa lang dea, dat syn siel ôfskifte rekke is fan syn god, de Heit fan 'e Winter. Dat as Ista de bân tusken Arhys en Illvin ferbrekt, wat se no, troch de Bastert syn jeften, dwaan kin, dan sil dat inkeld berikke dat Arhys syn siel losrekket fan syn deade lichem en omdoarmet oant er weiwurdt ta ferjitnis. Foar't se betinke kin hoe't se dit probleem oplosse sil, ferskynt der in grut Roknaarsk leger dat belis slacht foar Kastiel Porifors. De Roknaren hawwe in grut tal tsjoenders (lju dy't fan demoanen beset binne) by har en sette dy yn om it strategysk wichtige kastiel te feroverjen. Binnen in etmiel is it grutste part fan it garnizoen fan it kastiel útskeakele troch sykte, wylst alle itensfoarrieden ferkeard wurden binne, it wetter út 'e reservoirs weilekt is en it kastiel sels grutdiels troch brannen en ierdbevings ferwoeste is. Uteinlik beslút Arhys nachts in útfal te dwaan mei de lêsten fan syn mannen dy't noch ride kinne, mei't se ûntdutsen hawwe dat hy (om't er dea is) ymmún is foar tsjoenderij. Krekt foar't er útriidt, ferskynt oan Ista ynienen de Heit fan 'e Winter, dy't har mei in tút op har foarholle ta syn poarte makket; Ista har tút op Arhys syn foarholle ferbynt him mei har troch in boppenatuerlike rêdingsline. Arhys riidt út en wit sân fan 'e sechstjin tsjoenders te deadzjen ear't de Roknaren him oermânsk wurde en yn stikken houwe; op dat punt ferbrekt Ista de bân tusken Arhys en Illvin en wurdt Arhys syn siel troch de Heit ynhelle as in fisk oan 't angeltou en troch Ista har siel hinne nei it hjirneimels lutsen. As hja dat gewaar wurdt, rekket Cattilara sa telider slein, dat har demon har oermânsk wurdt en besiket te ûntkommen troch har fan 'e kastielmuorre ôf te smiten. Hja wurdt lykwols oermastere, en dan begrypt Ista einlings wat de Bastert fan har wol: hja skiedt de tsjinakseljende demon fan Cattilara har siel en triuwt it wêzen troch har eigen siel hinne nei de oare wrâld, dêr't de Bastert klearstiet om it oan te nimmen. Sa is Ista in hillige fan 'e Bastert wurden mei as taak om syn ôfdwaalde demoanen de materiële wrâld út te bonsjoeren.

Underwilens wie earder, op grûn fan in ûnderfreging fan Cattilara har demon, al dúdlik wurden dat yn it Roknaarske foarstedom Jokona de prinsesse Joen, de mem fan 'e hjoeddeiske foarst, de macht grepen hat mei help fan har demon, in oerâld wêzen dat in mannichte mindere demoanen oan him bûn hat. De Roknaarske tsjoenders bûten it kastiel binne beset troch dy mindere demoanen, wylst it leger sels oanfierd wurdt troch Joen. Ista lit har no finzen nimme troch de Roknaren (ien fan 'e easken dy't de belegerders steld hiene, wie har útlevering) en wurdt foar Joen brocht. Dy besiket har te bejeftigjen mei ien fan har ûnderhearrige demoanen, mar dat wêzen sweltsjetipt dwers troch Ista har siel hinne nei de Bastert ta, en dan wurde Joen en har demon en alle mindere demoanen dy't dêrmei ferbûn binne, op krekt deselde manear ynhelle troch de Bastert as earder de siel fan Arhys troch de Heit. Sa wurdt Chalion foar in grut gefaar behoede, want Joen har demon wie oermachtich en sysels skrille nearne foar tebek.

No't Joen dea is en it grutste part fan har neiste ûnderhearrigen alhiel ferbûke troch it ferlies fan harren demoanen, rekket it Roknaarske leger yn ûnstjoer. Foar de Chalioneeske troepen dy't krekt dan opsetten komme om Kastiel Porifors te ûntsetten, is it sadwaande in kâld keunstke om harren te ferslaan. Neitiid foarmet Ista in reizgjende hofhâlding, mei Illvin as har seneskalk, wylst ek Liss, Foix dy Gura en Chivar dy Cabon der wer diel fan útmeitsje. Hja risselwearje om mei it Chalioneeske leger op te tsjen nei it no iepenlizzende foarstedom Jokona, dêr't troch Joen har tadwaan noch hiel wat ûntsnapte demoanen omskaaie. It boek einiget as Ista en Illvin einlings en te'n lêsten minners wurde.

  • Kroätysk (Paladin Duša), fert. ?, 2003;
  • Bulgaarsk (Ricarjat na Šalion), fert. Milena Ilieva, 2004;
  • Frânsk (Paladin des Âmes), fert. Mélanie Fazi, 2004;
  • Italjaansk (La Messaggera delle Anime), fert. Rossana Terrone, 2004;
  • Spaansk (Paladín de Almas), fert. Antonio Calvario Márquez, 2004;
  • Dútsk (Paladin der Seelen), fert. Alexander Lohmann, 2005;
  • Poalsk (Paladyn Dusz), fert. Kinga Dobrowolska, 2005;
  • Russysk (Paladin Duš), fert. A. Jutanova, 2005;
  • Tsjechysk (Ochránkyně Duší), fert. Karel Stirius Vik, 2005;
  • Sineesk (?), fert. ?, 2006;
  • Roemeensk (Paladinul Sufletelor), fert. Raluca Chirvase, 2008;
  • Japansk (?), fert. ?, 2011;
  • Hongaarsk (Lelkek Lovagja), fert. Eszter Hoppán, 2012.[2]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Map of the Ibran Peninsula (www.dendarii.com).
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The World of the Five Gods
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Masquerade in Lodi • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos • The Orphans of Raspay • The Physicians of Vilnoc • The Assassins of Thasalon • Knot of Shadows
oare boeken
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf)