HarperCollins Publishers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
HarperCollins Publishers LLC
HarperCollins Publishers logo.png
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
Flag of the United Kingdom.svg Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1989
eigner News Corp
fuortk. út Harper & Row
William Collins, Sons
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.harpercollins.com

HarperCollins Publishers LLC is in Amerikaansk-Britsk bedriuw dat ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e wrâld foarmet (njonken de Hachette Book Group, Holtzbrinck-Macmillan, Penguin Random House en Simon & Schuster). It waard yn 1989 oprjochte as de útjouwerijdifyzje fan News Corp, en hat syn haadkertier oan Broadway 195 te New York.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1987 naam News Corp de Amerikaanske útjouwerij Harper & Row oer, dat in fúzje wie fan Harper & Brothers (oprjochte yn 1817) en Row, Peterson & Co. Nei't yn 1989 ek de Britske útjouwerij William Collins, Sons (oprjochte yn 1819) yn it besit fan News Corp kaam, waarden de beide útjouwerijen mei-inoar fúzjearre ta ien bedriuw, dat de namme fan HarperCollins Publishers krige. It logo fan it nije bedriuw wie ek in gearstalling fan it toartslogo fan Harper & Row en it fonteinlogo fan William Collins, Sons, en pleatst de flammen fan 'e toartse op 'e weagen fan 'e fontein.

De stand fan HarperCollins op in boekebeurs.

Tsjintwurdich hat HarperCollins semy-selsstannich operearjende ôfdielings yn 'e Feriene Steaten, Kanada, Grut-Brittanje, Austraalje, Nij-Seelân en Yndia. Boeken wurde útjûn ûnder in grut ferskaat oan ymprints, dêr't sawol eigenoprjochte ymprints ûnder binne as oernommen útjouwerijen dy't earder selsstannige bedriuwen foarmen. Sa naam News Corp yn 1999 de Hearst Book Group oer, mei dêrûnder William Morrow & Company en Avon Books, en yn 2010 waard de skoalboeke-útjouwerij Letts & Lonsdale oankocht. Dizze útjouwerijen binne no ymprints wurden fan HarperCollins.

In oare bekende ymprint fan HarperCollins is HarperVoyager, foarhinne bekend as Voyager, de wrâldwide science fiction- en fantasy-ymprint fan 'e útjouwerij. Dêryn is de Britske ymprint HarperCollins Science Fiction & Fantasy kombinearre mei de Amerikaanske ymprint Eos, dy't earder ûnderdiel útmakke fan Avon Books. Fia HarperCollins Science Fiction & Fantasy, dy't Tolkien syn oarspronklike útjouwer George Allen & Unwin oernommen hie, hat HarperVoyager tsjintwurdich û.m. de rjochten op The Hobbit en The Lord of the Rings yn 'e hannen.

Ymprints[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadkertier fan HarperCollins yn London.
foar folwoeksenen
foar bern
kristlike lektuer
  • Thomas Nelson
    • Grupo Nelson
    • Nelson Books
    • Tommy Nelson
    • W Publishing Group
    • WestBow Press
  • Zondervan
    • Blink
    • Editorial Vida
    • Zonderkidz
audioboeken
e-boeken

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.