Penric's Mission
Penric's Mission | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2016 (e-boek) 2017, Burton | |
oarspr. útjwr. | Subterranean Press | |
rige | ||
rige | Penric and Desdemona | |
● foarich diel | Masquerade in Lodi | |
● folgjend diel | Mira's Last Dance | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 59 60 68 445 |
Penric's Mission is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "Penrics Missy". It boek fertelt it ferhaal fan 'e mei in ynderlike demon bejeftige jonge tsjoender Penric, dy't op in geheime oerseeske missy giet nei it lân Cedonia. Penric's Mission makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is in ferfolch op twa eardere novelles dy't de auteur yn 'e rige Penric and Desdemona skreau, ntl. Penric's Demon en Penric and the Shaman. In trêde novelle, Penric's Fox waard nei Penric's Mission publisearre, mar spilet yn 'e ynterne gronology fan 'e searje foàr de foarfallen yn Penric's Mission, krekt as in noch wer letter skreaun ferfolch, Masquerade in Lodi (2020). Penric's Mission waard yn 2016 publisearre as e-boek, en kaam yn it neijier fan 2017 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. Yn 2020 waard Penric's Mission yn 'e mande mei Mira's Last Dance en The Prisoner of Limnos, werpublisearre yn 'e omnibus Penric's Travels, dy't útkaam by Baen Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De jonge Penric waard, doe't er njoggentjin jier wie, troch in ûnderweis hommels ferstjerrende timpeltsjoenster folslein ûnferwachte bejeftige mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften joech. Dat barren feroare de koerts fan Penric syn libben folslein. No, alve jier letter, is er sels in machtich timpeltsjoender fan 'e Oarder fan 'e Bastert (de god dy't de master fan 'e alle demoanen is), en hat er in hechte freonskip opboud mei syn demon, dy't er de namme Desdemona jûn hat. Hja is al mear as twahûndert jier yn 'e wrâld, in ûngewoan hege âlderdom foar in demon, en hat tolve eardere 'gastfroulju' hân: in merje, in liuwinne en tsien froulju, fan wa't de lêste fiif allegear timpeltsjoensters wiene.
Nei de dea fan syn eardere beskermfrouwe, de aartsprelate-karfoarstinne fan Marterbrêge, hat Penric de Kantons, syn bertelân, ferlitten om him oare kant de bergen yn Lodi te fêstigjen, dêr't er de hoftsjoender fan 'e aartsprelaat fan dy stêd wurden is. Dyselde hat him no fanwegen syn tsjoendersjeften útliend oan syn neef, de hartoch fan Lodi, dy't him op in oerseeske missy stjoerd hat nei de Cedoanske havenstêd Patos. It garnizoen dêre stiet ûnder befel fan generaal Adelis Arisaydia, in legeroerste dy't foar it gefoel fan it Cedoanske regear in bytsje té súksesfol wie (en dêrtroch te machtich waard). Harren oplossing wie om him yn ynterne ballingskip te stjoeren nei it sliepperige Patos. De generaal wie it dêr lykwols net mei iens, en korrespondearre mei de hartoch fan Lodi oer syn potinsjele tsjinstname yn it Lodyske leger. De hartoch, dy't oanhâldend oarloch fiert tsjin 'e buorsteat Carpagamo, hie dêr wol earen nei. It is Penric syn taak om kontakt op te nimmen mei de generaal, en bûten de wittenskip fan 'e Cedoanske autoriteiten om ta in oerienkomst mei him te kommen.
Sadree't Penric foet oan 'e wâl set yn Patos rint lykwols daliks alles mis. Hy wurdt troch Velka, in reisgenoat op itselde skip, oanwiisd as spion, wêrnei't er oppakt en yn in djippe tsjerker smiten wurdt. Dêr wurdt er in dei as tsien finzen holden, wylst op in oar plak yn 'e stêd generaal Arisaydia oppakt wurdt. In besykjen fan syn suster Nikys, in jonge widdo, om him te befrijen rint op 'e non as de generaal folhâldt dat er neat ferkeards dien hat, en dat útnaaien gelyk stean soe oan in skuldbekentenis. Nettsjinsteande dat komt út 'e haadstêd it befel dat Arisaydia blyn makke wurde moat, in straf dy't útfierd wurdt troch siedende jittik yn syn eagen te jitten. Dêrnei wurdt er op frije fuotten steld, en mei Nikys him meinimme nei hûs, dêr't se him, sa goed en min as dat giet, besiket te fersoargjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As de Cedoanske sipiers it befel krije om mei Penric ôf te weven, litte se syn tsjerker folrinne mei seewetter, mei de bedoeling om him te ferdrinken. It is dúdlik dat se der gjin weet fan hawwe dat er in tsjoender is. Penric wachtet oant it wetter hegernôch stiet, makket dan in opstapke fan iis en ûntsnapt troch de yngong fan 'e tsjerker dy't er earder net berikke koe fanwegen de glêde en skean nei binnen ta rinnende wanden. Ienris op frije fuotten heart er op strjitte wat generaal Arisaydia oandien is, mei't dat in ferhaal is dat as diggelfjoer troch de stêd giet. Om't er him ferantwurdlik fielt en om't er witte wol hoe't syn missy sa ferskriklik misbeteare koe, bejout er him nei it hûs fan Nikys, dêr't er him foardocht as in genêzer foar waans tsjinsten betelle is troch Arisaydia syn ûnderhearrigen.
Fuort as er de generaal foar de earste kear ûndersiket, en merkt hoefolle fan dy syn eagen oft yntakt bleaun is, beslút Penric om te besykjen en reparearje de eagen. De folgjende pear wiken ferbliuwt er yn Nikys har hûs, dêr't er op in striematras njonken it bêd fan Arisaydia sliept, en in grut part fan eltse dei oan 'e rekonstruksje fan 'e man syn eagen wurket. Dat is, sa't er it sels omskriuwt: 'magy dy't heuvelop giet', wat sizze wol dat it eins tsjin 'e natoer yngiet, en it is foar him en Desdemona dan ek in tige dreech putsje. Underwilens begjint Penric gefoelens te krijen foar Nikys, krekt sa't sy har oanlutsen begjint te fielen ta him. As Penric de generaal ûnderstiet oer it brief dat dyselde oan 'e hartoch fan Lodi stjoerd hie, ûntstriidt de man dat er ea soks dien hat. Penric kin dan inkeld konkludearje dat it in ferfalsking west hat, en dat it hiele spul troch heechpleatste lju it Cedoanske regear opset is as ferlechje om mei Arisaydia ôf te weven.
It genêzingsproses fan Arisaydia wurdt wreed ûnderbrutsen as Velka, dy't in agint fan it Cedoanske regear blykt te wêzen, mei in groepke soldaten it hûs fan Nikys binnenkringt om te sjen hoe't it mei de generaal is. As it ferbân derôf helle wurdt, merkt Arisaydia dat er wer in bytsje sjen kin, wylst Velka sjocht dat de generaal net folslein blyn is. In besykjen fan Velka-en-dy om dy saak rjocht te setten, wurdt tsjinholden troch Penric, dy't dêrby net oars kin as blike litte dat er in tsjoender is. Neitiid moatte Penric, Arisaydia en Nikys halje-trawalje Patos ûntflechtsje. Underweis foltôget Penric de genêzing fan 'e eagen fan 'e generaal. Syn doel is om Arisaydia no oer te heljen om dochs noch mei him nei Lodi te gean, mar de generaal lit him datoangeande net beprate.
Arisaydia hat in eigen plan, om nei Orbas, in oar buorlân fan Cedonia te gean, dêr't men grif o sa wiis mei sa'n kundich legeroarfierder wêze sil. En Orbas en Cedonia ûnderhâlde ridlik hoflike diplomatike relaasjes, oars as Cedonia en Lodi, dy't suver op foet fan oarloch mei-inoar ferkeare. Arisaydia hat dan ek de hope dat er ea út Orbas nei syn heitelân weromkeare kinne sil, eat dat útsletten wêze soe as er Penric syn plan folge en oerrûn nei Lodi. No't er genêzen is, hat er Penric net mear nedich, en dêrom bewurkmasteret er dat hy en syn suster de tsjoender yn Skirose op snoade wize bedrage en efterlitte, al bart dat tsjin Nikys har protesten yn. Penric lit him lykwols net sa maklik ôfskodzje, en as Velka en syn mannen koarte tiid letter yn Skirose arrivearje, wit er krekt op 'e tiid te ûntkommen oer de wei nei Orban, dy't Arisaydia en Nikys útgien binne.
Penric hellet de generaal en syn suster by, krekt ear't se de pas troch de bergen berikke, wylst Velka-en-dy him op 'e hakken sitte. By de pas folget in konfrontaasje mei de efterfolgers, dy't ek in timpeltsjoender, mei de namme Kyrato, yn harren selskip hawwe. It docht lykwols bliken dat Kyrato syn demon noch mar in pear jier yn 'e wrâld is, dat Desdemona kin him sûnder swierrichheden de baas. As Kyrato úteinlik besiket en deadzje Penric, wat mei-iens ek de ein fan (Kyrato) syn eigen demon (en dêrmei fan syn karriêre as tsjoender) betsjutte soe, wit Desdemona ek dy needsprong tsjin te kearen, hoewol't Penric op in hier nei it libben lit.
Desdemona uteret har lulkens (en de gaos dy't se kwyt moat om't se Penric syn hert genêzen hat) troch in púnlawine te feroarsaakjen dy't Velka en it meastepart fan 'e soldaten heal bedobbet. De oerbleaune fjouwer soldaten wurde troch Arisaydia op 'e flecht jage, wylst Kyrato it slachtoffer wurdt fan in goedrjochte stien, smiten troch Nikys, dy't him boppe-op de holle rekket. Arisaydia, dy't net fan doel is en jou Velka nochris in kâns om him tenei te kommen, klauteret nei ûnderen ta om 'e stiifkoppige agint te deadzjen. Nei't Kyrato bykommen is om troch Penric beskrobbe te wurden foar de wize dêr't er syn demon op behannelet, litte Penric-en-dy harren efterfolgers fierders yn har eigen sop gearsiede en sette se ôf oer de pas. Penric en Nikys hawwe no iepentlik blyk jûn fan harren ferealens opinoar, en Arisaydia leit him derby del dat er net mear fan 'e yrritante tsjoender ôfkomt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|