The Orphans of Raspay

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Orphans of Raspay
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre fantasy
1e publikaasje 2019 (e-boek)
2020, Burton
oarspr. útjwr. Subterranean Press
rige
rige Penric and Desdemona
● foarich diel The Prisoner of Limnos
kodearring
ISBN 978-1 59 60 69 725

The Orphans of Raspay is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "De Wezen fan Raspay". It boek fertelt it ferhaal fan 'e mei in ynderlike demon bejeftige jonge tsjoender Penric, dy't yn 'e hannen fan seerôvers falt en dan de soarch foar twa jonge famkes taparte kriget. The Orphans of Raspay makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it sânde diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. De novelle waard yn 2019 publisearre as e-boek, en kaam yn septimber 2020 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan), mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jonge Penric waard, doe't er njoggentjin jier wie, troch in ûnderweis hommels ferstjerrende timpeltsjoenster folslein ûnferwachts bejeftige mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften joech. Dat barren feroare de koerts fan Penric syn libben folslein. No, trettjin jier letter, is er sels in machtich timpeltsjoender fan 'e Oarder fan 'e Bastert (de god dy't de master fan 'e alle demoanen is), en hat er in hechte freonskip opboud mei syn demon, dy't er de namme Desdemona jûn hat. Hja is al mear as twahûndert jier yn 'e wrâld, in ûngewoan hege âlderdom foar in demon, en hat tolve eardere 'gastfroulju' hân: in merje, in liuwinne en tsien froulju, fan wa't de lêste fiif timpeltsjoensters wiene.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Penric is troch syn master, de aartsprelaat fan Orbas, om utens stjoerd om syn unike talinten yn te setten yn 'e tsjinst fan 'e aartsprelaat fan Trigonie. Underweis werom nei hûs yn Vilnoc, de haadstêd fan it hartochdom Orbas, dêr't syn frou Nikys op him wachtet, wurdt syn skip oerfallen troch seerôvers dy't ôfkomstich binne fan 'e Carpagamoanske Eilannen. Dat is in eilannekeatling dat fier de iepen see yn rikt, hast oan 'e Roknaarske Arsjipel ta. De eilannen binne in soarte fan nimmenslân, dat noris ûnder de hearskippij fan it kwintaristyske (yn fiif goaden leauwende) Carpagamo falt, en dan wer ûnder de kwadreenske (yn fjouwer goaden leauwende) Roknaren. Penric sprekt sawol Adrysk, de taal fan Carpagamo, as Roknaarsk, mei dêropta noch in stik as fjouwer oare talen, eat dat him goed fan pas komt as er finzennommen wurdt. No reizge er lokkigernôch ynkognito, om't seelju út byleauwe gjin tsjoenders oan board hawwe wolle. Mei't er wit dat er as preester fan 'e Bastert (oftewol de Fyfde God) mank de kwadreenske Roknaren in raar gat yn draaie sil, smyt er syn koffer mei dêryn syn preesterklaad en al syn ûnderskiedingstekens troch de patriispoarte fan syn hut oerboard sadree't er foar it ferstân kriget dat guon fan 'e seerôvers Roknaarsk sprekke.

Foar de seerôvers oer docht Penric himsels foar as in klerk fan 'e aartsprelaat fan Orbas, dy't troch syn master grif frijkocht wurde sil. Hy wurdt oan board fan it seerôversskip yn in sel smiten dêr't ek twa lytse famkes yn fêstholden wurde. It binne twa suskes: Lencia en Seuka Corva, dy't resp. tsien en acht jier âld binne. De bern sprekke inkeld Roknaarsk en fertelle dat se út Raspay yn it Roknaarske foarstedom Jokona komme, dat oan 'e noardkust leit fan it grutte Ibraanske Skiereilân. Harren mem Jedula, in prostituee, is koartby oan sykte ferstoarn. Harren heit is in Ubi Getaf, in keapman út Zagosur yn it kwintaristyske keninkryk Ibra, dy't in jierrenlange relaasje mei Jedula hie en har as in soarte fan konkubine ûnderhold. In brief nei Zagosur kaam lykwols werom mei it berjocht dat Getaf op hannelsreis gien wie nei Agenno yn Carpagamo. Dat Jedula har tsjinstfaam Taspeig reizge dêr alhiel hinne om 'e beide famkes oan syn soarch oer te dragen. Ienris yn Agenno bliek Getaf ûnderwilens trochreizge te wêzen nei Lodi yn Adria. Taspeig, dy't skjin har nocht fan it reizgjen hie en fûn dat se wol genôch dien hie om it spul te berêden, kearde dêrop sels werom nei hûs, mar kocht foar de beide famkes oertocht fan Agenno nei Lodi op in skip mei in betroubere kaptein, dy't harren by har heit ôfleverje soe. It skip waard lykwols bútmakke troch seerôvers, dy't de kaptein deasloegen en de famkes finzennamen.

Lencia en Seuka binne op dit stuit feitliks wezen, mei in mem dy't dea is en in heit dy't neat fan harren swierrichheden ôfwit, en dy't yn Zagosur sûnder mis in eigen húshâlding hat en dêr miskien wol gjin oerwûne bern by brûke kin. Penric, dy't yn it ferline faker troch de Bastert as antwurd op gebedens stjoerd is, beseft dat de famkes dûbeld op 'e noed fan syn god binne, mei't sawol oerwûne bern as wezen ûnder de beskerming fan 'e Bastert falle. As er de famkes dêr letter oer ûnderstiet, fertelle se dat harren mem op har stjerbêd sei dat se bewissige hie dat der foar Lencia en Seuka soarge wurde soe. Nei in hiel libben har lichem ferkocht te hawwen, sa sei se, hie se no har siel ferkocht, foar in bettere priis fan in betrouberder Klant as ea earder. As er dat heart, wit Penric genôch.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De seerôvers bringe harren finzenen nei it eilân Lantihera ta, dêr't Penric, de famkes en guon oare rike finzenen fan wa't ferwachte wurde kin dat se in bêste lospriis opbringe sille, yn in lichtbewekke herberge fêstholden wurde, wylst de sljochtwei seelju, dy't as galeislaven ferkocht wurde sille, yn in wier tichthûs ûnderbrocht wurde. Sadree't se oan lân komme, jout Penric Desdemona it frij om mei it seerôversskip te dwaan wat se wol. Der folget in foar taskôgers ûnferklearbere rige tsjinrampen foar kaptein Valbyn, wêrby't earst brân útbrekt yn 'e kombof, wylst it skip letter lekslacht, wêrnei't de mêst knapt as wie it in lusifersprikje en it skip yn 'e haven kapseist en sinkt.

Underwilens besiket Valbyn, tusken it blussen fan 'e brân en it sinken fan syn skip yn, syn finzenen foar de heechste priis troch te ferkeapjen oan 'fleismakkelers', dy't harren òf weromferkeapje sille oan famylje of freonen (of yn Penric syn gefal syn wurkjouwer), òf trochferkeapje sille oan galeikapteins (en wa wit hokker oare slavehâlders yn it gefal fan 'e beide famkes). Dêrta lit Valbyn de finzenen 'keure' troch Marle, in kwintaristyske Dartakaan, en Falun, in kwadreenske Roknaar, mei de bedoeling om 'e beide slavekeaplju tsjininoar opbiede te litten. Penric besiket harren der op basis fan gjin inkele wissichheid fan te oertsjûgjen dat de aartsprelaat fan Orbas ek de beide famkes frijkeapje sil, dy't er oan syn ûnleauwige publyk presintearret as syn omkesizzers dy't er troch it wyldste tafal yn it rom fan it seerôversskip weromfûn hat. Uteinlik wurde Penric en Lencia kocht troch Falun, wylst Merle de lytse Seuka keapet. Penric is poerrazen troch de ûnferskillige hâlding fan 'e mannen, mar kin op dit stuit net folle dwaan.

Om't Falun en Marle gjinien fan beiden al genôch slaven kocht hawwe om op hûs oan, litte se Penric en de famkes foarearst efter yn 'e herberge, dêr't se op Valbyn syn kosten ite ynstee fan op harres. Penric syn plan om rêstich ôf te wachtsjen om frijkocht te wurden, moat no ôftanke wurde om't er net tastean kin dat Seuka fan him skieden wurdt. Hy beslút te besykjen om te ûntsnappen. It skip dêr't hysels op reizge, en dat troch de finzennommen bemanning ûnder bewekking fan in hânfol seerôvers efter it seerôverskip oan fearn waard, is noch altyd net by Lantihera arrivearre, mar it skip dêr't de beide famkes op reizgen wol. De bemanning dêrfan wurdt fêstholden yn it tichthûs, dat deunby de haven leit. Penric ornearret dat er ûntkomme kin as er de bemanning wer mei har skip ferienje kin.

Te neare nacht pykt er sadwaande mei Lencia en Seuka by him út 'e herberge wei út en brekt de bemanning út it tichthûs. Wylst de seelju de pear wachten oermasterje dy't harren skip bewekje, hellet Penric de beide famkes op, dy't er deunby it tichthûs ferburgen hie. As er lykwols oan board fan it skip gean wol, docht bliken dat er bûten it byleauwe fan seelju rekkene hat. Om't er by it befrijen fan 'e seelju twongen wie en meitsje gebrûk fan magy, witte se dat er in tsjoender is, en sa'nent wolle se út noch yn net by harren oan board hawwe. Dat, it skip set koerts sûnder Penric, dy't breinroer op 'e kade efterbliuwt en de ûntankbere seelju útflokt. As er syn hert luchte hat, beseft er lykwols dat er wat oars betinke moat. Hy nimt de beide famkes mei nei de fiifhoekige kwintaristyske timpel, dêr't er beskûl sykje wol om tiid te winnen. De seerôvers sille grif miene dat hy en de famkes op it ûntsnapte skip ûntkommen binne, dat in syktocht nei harren op it eilân liket ûnwierskynlik.

Tsjin it lemieren wurde Penric, Lencia en Seuka yn 'e timpel oantroffen troch de pleatslike akolyt, Godino. Dy wol der neat fan witte as Penric oanspraak makket op timpelasyl, mei't de seerôvers de lêste folweardige preester fan it eilân om krekt sa'n saak deaslein hawwe. Mar as Penric him dúdlik makket dat er in timpeltsjoender is en dêrmei teminsten like gefaarlik as de seerôvers, jout Godino ta. Hy ferskûlet harren yn in souderkeammerke yn 'e timpel, wylst er besiket om harren ûntsnapping fan it eilân te beävensearjen. Hy is dêrta tige motivearre, mei't er sa gau mooglik fan Penric ôf wol. Likegoed duorret it Penric te lang, dat nei trije dagen beslút er om in lyts sylboatsje fan it strân te stellen en de oertocht nei it fêstelân op eigen manneboet te aventoerjen. Dy jûns stekt der lykwols in stoarm op, sadat er dat plan farre litte moat. De oare deis hat Godino de ûntsnapping regele mei in Jato, in pleatslike fisker dy't er fertout. It plan is om op ljochtskyndei út te farren, om sa min mooglik oandacht te lûken.

Penric draacht in hoed om syn hjir selden sjoene blûne hier te ferbergjen, en de beide famkes wurde oanklaaid as jonges. Ienris op it strân docht bliken dat Jato wol te fertrouwen is, mar inkelen fan syn seiskoppige bemanning net. Ear't se útfarre kinne, wurde se besingele troch seerôvers. Penric hat dan gjin oare kar as om mei help fan Desdemona de senuwen yn harren skonken tydlik te ferlamjen, sadat se útskeakele binne. Jato wol lykwols net mei in tsjoender de see op, en hy en syn oerbleaune bemanningsleden naaie út. Ien fan harren grypt de lytse Seuka ûnder de earm en draaft mei har fuort. Unwis oft de man op in beleanning út is troch har oan 'e seerôvers út te leverjen of dat er mient dat er famke fan in boaze tsjoender rêde sil, set Penric de efterfolging yn. Seuka bewurkmasteret lykwols har eigen rêding troch it lytse meske dat by har momkape as jonge heart, te lûken en har ûntfierder yn 'e boppeskonk te stekken. Dy lit har dêrop falle, sadat se mei Penric en Lencia weriene wurdt, mar tsjin dy tiid is it trijetal al yn 'e haven bedarre.

In temûk fuortglûpen heart no net mear ta de mooglikheden, dat Penric beslút om safolle mooglik gaos te feroarsaakjen. Hy lit Desdemoana in pakhûs fol rôve guod yn 'e brân stekke, en ek it tolhûs fan 'e haven. Dêrnei kringt er op 'e nij it tichthûs binnen (dat nei fiif dagen al wer fol finzennommen seelju sit), dêr't er alle doarren iepen set en mei magy alle boeiens losmakket. Wylst de finzenen alle kanten útspatte, giet Penric mei syn beide beskermelingen fierder by de haven lâns, dêr't hy en Desdemoana in spoar fan ferwoastging lûke troch de pier te sabotearjen en it iene skip nei it oare ta sinken te bringen of yn 'e brân te stekken. As Penric sjocht dat it galei fan Falun noch altyd yn 'e haven foar anker leit, kriget er nij idee. Hy hat oant no ta net folle lok hân mei befrijde seelju, mar galeislaven sil it dochs grif neat útmeitsje wa't harren fan har ellindich lot befrijt? Dat, hy stelt in roeiboatsje en roeit mei de famkes nei it galei ta. As er dêr oan board giet, docht lykwols bliken dat der op it stuit gjin galeislaven binne. Wol is der in poerrazene Falun, dy't him mei in koartelas te liif wol. Penric hat tsjin dy tiid skjin syn nocht fan 'e seerôvers en slavehannelers. Hy ferliest syn geduld en lit Desdemona alle senuwen trochsnije dy't nei de earm fan Falun liede, sadat dat lichemsdiel foargoed ferlamme rekket. Hy weeft dêrnei handich mei de slavekeapman en syn bemanningsleden ôf.

As Penric wer oan dek komt, sjocht er om him hinne nei in oare mooglikheid om te ûntsnappen fan Lantihera, mar der falt him sa ien, twa, trije neat yn. Dan sjocht er in oar galei de haven ynfarren, in oarlochsgalei, folge troch noch ien en noch ien. Oant yn 'e dizenige fierte fermearderje de galeien harren, oant er wol in stik as tweintich telt. Penric freget him ôf oft de Carpagamoanen of de Roknaren einlings besletten hawwe om regaad te meitsjen op Lantihera, oant de wyn de flagge fan it foarste galei sichtber makket, en hy beseft dat der nei de oarlochsfloat fan Orbas stiet te sjen, ûnder oanfiering fan syn sweager, generaal Adelis Arisaydia. Penric klimt wer yn 'e roeiboat, dêr't de beide famkes noch op him wachtsje, en roeit de arrivearjende float yn 'e mjitte.

Hy en syn beskermelingen wurde al rillegau oppikt en by generaal Arisaydia brocht. Op Penric syn ferbjustere fraach hoe't er hjir komt, antwurdet dy dat der yn Vilnoc earst in skip arrivearre dat bútmakke wie troch seerôvers, mar wêrfan't de bemanning nachts it skip werom wist te winnen. Se wiene lykwols in passazjier kwytrekke dy't troch de seerôvers nei in oar skip oerbrocht wie: Penric. Dêrop waard in koffer mei Penric syn besittings út 'e see ophelle troch fiskers út Vilnoc. Dêrop arrivearre yn Vilnoc in skip mei in bemanning dy't op Lantihera út it tichthûs befrijd wie troch in tsjoender. De hartoch, de aartsprelaat en de Oarder fan 'e Bastert beseften dat safolle tafal gjin tafal mear wêze koe, mar dat se ynstee troch in Hegere Macht oantrune waarden om aksje te ûndernimmen. Om't de float dochs al risselwearre om op oefening te gean, koe dy gau-gau útfarre. Arisaydia fynt it fermaaklik dat er blykber Lantihera fan Penric rêde moat ynstee fan oarsom. Hy giet oan lân om mei de lieders fan 'e seerôvers te ûnderhanneljen, wêrby't er bluft dat er eins stjoerd is om it eilân foar Orbas te feroverjen. (Yn wurklikheid leit it fierstente fier fuort en is soks alhiel ûnpraktysk.) Sa kriget er harren safier dat se tasizze gjin Orbaanske skippen mear oanfalle te sillen (foar salang't se har oan dat ûnthjit hâlde sille). En fierders parset er harren 30.000 sulveren ryols ôf om harren te ferlossen fan 'e tsjoender dy't harren eilân teheisteret en alle skippen yn 'e haven ferneatige hat.

Werom yn Vilnoc ferbliuwe Lencia en Seuka by Penric en Nikys thús. Penric stjoert in brief nei in befreone preester yn Lodi, dy't harren heit foar him opspoart en trochstjoert nei Vilnoc. Ubi Getaf (dy't noch altyd gjin aan hie fan it ferstjerren fan syn bysliep) en syn dochters binne tige bliid inoar wer te sjen. It is lykwols dúdlik dat de beide famkes gjin leafdefol wolkom te wachtsjen stiet by Getaf syn frou yn Zagosur. Yn oerlis mei Penric kiest de keapman der dêrom foar om syn dochters as wijelingen yn te keapjen yn 'e Oarder fan 'e Bastert yn Vilnoc, dêr't Penric in eachje op harren hâlde kin. De famkes sille dan grutbrocht wurde as leden fan 'e Oarder, mei de bêste learaars dy't beskikber binne, sadat se in deeglike oplieding genietsje sille. Ienris folwoeksen kinne se der dan foar kieze om har foargoed by de Oarder fan 'e Bastert te jaan of út 'e Oarder út te trêdzjen en fierder te libjen as leek. De famkes hawwe troch harren beselskipjen fan Penric belangstelling krigen foar de Fyfde God, en nei in besyk oan 'e kapittelseal fan 'e Oarder liket Lencia en Seuka it plan skoan ta. Penric syn ynfloed by syn Oarder soarget derfoar dat it plan glêdsjes yn 'e praktyk brocht wurde kin, ek al binne de famkes eins folle jonger as dat foar wijelingen wizânsje is.

Fan Getaf fernimt Penric ek wêrom't de Bastert sa'n belangstelling foar de mem fan 'e famkes hie. De keapman fertelt him dat er nea in mear trochgoed minske met hat as syn bysliep. Nei't it skynt wie Jedula Corva djip behelle yn it ta de Roknaarske foarstedommen útsmokkeljen fan kwintaristyske leauwensferfolgden, mishannele en misbrûkte prostituees en ûntsnapte slaven. Dêr beloek se Getaf ek by, dy't nei eigen sizzen bytiden deadseangsten om har útstie. It ferhaal bringt Penric wer ta it besef dat de goaden de minsken folslein oars besjogge as de minsken sels. Wat foar de minsken in ferachtlike hoer is, kin foar de goaden ien fan 'e grutstbesiele persoanen wêze dy't ea libbe hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bujold, Lois McMaster, The Orphans of Raspay, Burton (Michigan), 2020 (Subterranean Press), ISBN 978-1 59 60 69 725.
The World of the Five Gods
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos • The Orphans of Raspay • The Physicians of Vilnoc
oare boeken
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf)