Juliet Marillier

Ut Wikipedy
Juliet Marillier
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Juliet Marillier
nasjonaliteit Nijseelânsk
berne 27 july 1948
berteplak Dunedin (Nij-Seelân)
etnisiteit Angelsaksysk Nijseelânsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Sevenwaters-searje
Bridei Chronicles
útjouwer Tor Books, Roc Books, Knopf,
Voyager, Utj. Luitingh-Sijthoff
prizen 4x Sir Julius Vogel Award
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
www.julietmarillier.com

Juliet Marillier (Dunedin (Nij-Seelân), 27 july 1948) is in Nijseelânsk skriuwster fan fantasyromans en -ferhalen. Hja leit har benammen ta op it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy. Marillier is it bekendst wurden mei har tige súksesfolle en populêre Sevenwaters-searje en mei de Bridei Chronicles. Hja hat al fjouwer kear de prestizjeuze Nijseelânske Sir Julius Vogel Award wûn.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marillier waard yn 1948 berne op yn Dunedin, op it Sudereilân fan Nij-Seelân. Hja genoat har oplieding oan 'e Universiteit fan Otago, dêr't se cum laude ôfstudearre mei in bachelortitel yn 'e skiene keunsten en in twadden yn 'e muzyk. Neitiid ûnderhold se harsels as muzykdosinte oan 'e middelbere skoalle en de universiteit, en dêrnjonken tsjinne se ek as koardirigint en wurke se as operasjongster. Yn 2009 waard der boarstkanker by Marillier fêststeld, mar dy sykte wist se te boppen te kommen. Hja wennet yn Perth, yn West-Austraalje.

Skriuwkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren sette Marillier útein mei in nije karriêre as skriuwster fan fantasyromans. Yn dat ferbân lei hja har ta op it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy, wêrby't se fantasy-eleminten lykas tsjoenderij en mytyske wêzens yntrodusearre tsjin in histoaryske eftergrûn. Se briek yn 1999 daliks troch mei har earste boek, Daughter of the Forest, dat it earste diel fan har Sevenwaters-trilogy wie.

Daughter of the Forest hie as haadpersoan Sorcha, it sânde bern en de iennichste dochter fan 'e Midsiuwske Ierske ealman Colum fan Sevenwaters, dy't sûnder mem en mei in heit dy't net nei har omsjocht grutbrocht wurdt troch har seis bruorren. As harren nije styfmem in boaze tsjoenster blykt te wêzen, bynt dy har bruorren mei in skriklike betsjoening, dy't Sorcha inkeld opheffe kin troch gjin wurd te uterjen foar't se in opdracht fan in fee foltôge hat. Foar't har dat slagget, wurdt se lykwols ûntfierd troch fijannen fan Sevenwaters en meinommen nei in frjemd lân, dêr't se har grutte leafde fynt. Ferskuord tusken har leafde foar har bruorren en dy foar de man dy't se fûn hat, wanhopet se oft se ea wol har taak ferfolje sil, mar tsjoenderij ken gjin grinzen en leafde is de machtichste soarte tsjoenderij fan allegear.

Yn 'e folgjende beide dielen fan 'e trilogy, Son of the Shadows (2000) en Child of the Prophecy (2001) folge Marillier de neiteam fan Sorcha troch de jierren hinne. Letter kearde se nei Sevenwaters werom mei trije ferfolchromans op 'e trilogy: Heir to Sevenwaters (2008), Seer of Sevenwaters (2010) en Flame of Sevenwaters (2012). Nij súkses belibbe Marillier mei de roman Wolfskin (2002), oer de kolonisaasje fan 'e Orkney-eilannen troch de iere Wytsingen, en it ferfolch dêrop, Foxmask (2003). Dêrnei folge in nij hichtepunt yn har oeuvre mei de Bridei Chronicles, in trilogy oer de Piktyske kening Bridei III († 693), besteande út 'e romans The Dark Mirror (2004), Blade of Fortriu (2005) en The Well of Shades (2006).

Mei Wildwood Dancing (2006) en Cybele's Secret (2007), in duology oer in groep fan fiif Roemeenske susters, wêrfan't benammen it earste diel de foarm fan in modern mearke oannimt, skreau Marillier foar it earst mei sin foar jongfolwoeksenen. Foar Cybele's Secret krige hja yn 2008 foar de earste kear de prestizjeuze Nijseelânske Sir Julius Vogel Award taparte yn 'e kategory bêste fantasyroman. Yn 2009 publisearre Marillier de op himsels steande roman Heart's Blood, dy't krekt as har ierdere wurk wer yn Ierlân spilet.

Fan har Shadowfell-rige waarden it twadde diel, Raven Flight, en it trêde diel, The Caller, yn 2014, resp. 2015 bekroane mei de Sir Julius Vogel Award foar bêste jeugdboek. Yn 2014 sette Marillier útein mei in nije romansearje, de Blackthorn and Grim-rige. Yn 2013 publisearre se fierders Prickle Moon, in ferhalebondel mei sechstjin koarte ferhalen, wêrfant't ien, By Bone-Light, yn 2014 bekroand waard mei de Sir Julius Vogel Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Marillier har wurk is oerset yn ferskate oare talen; de Nederlânske oersettings binne útbrocht by Utjouwerij Luitingh-Sijthoff, yn Amsterdam.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(N.B.: hjirûnder wurde de publikaasjejierren yn Australaazje jûn; Noard-Amearika en Jeropa kamen datoangeande gauris ien of twa jier efteroan.)

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sevenwaters-searje
  • Saga of the Light Isles
    • 2002 – Wolfskin
      • Nederlânske oersetting: Drager van de Wolvenvacht (fert. Carla Benink, 2003)
    • 2003 – Foxmask
      • Nederlânske oersetting: Drager van het Vossenmasker (fert. Carla Benink, 2004)
  • Bridei Chronicles
    • 2004 – The Dark Mirror
      • Nederlânske oersetting: Des Magiërs Leerling (fert. Saskia Steinhorst, 2005)
    • 2005 – Blade of Fortriu
      • Nederlânske oersetting: Het Zwaard van Fortriu (fert. Selma Bakker, 2006)
    • 2006 – The Well of Shades
      • Nederlânske oersetting: De Schaduwbron (fert. Selma Bakker, 2007)
  • Wildwood-duology
    • 2006 – Wildwood Dancing
      • Nederlânske oersetting: Wildewoud (fert. Marion Drolsbach, 2007)
    • 2007 – Cybele's Secret
      • Nederlânske oersetting: Cybele's Geheim (fert. Marion Drolsbach, 2008)
  • Whistling Tor-rige
    • 2009 – Heart's Blood
      • Nederlânske oersetting: Hartenbloed (fert. Willie van der Kuil, 2010)
  • Shadowfell-trilogy
    • 2012 – Shadowfell
      • Nederlânske oersetting: Verboden Magie (fert. Selma Soester, 2012)
    • 2013 – Raven Flight
      • Nederlânske oersetting: Ravenvlucht (fert. Selma Soester, 2013)
    • 2014 – The Caller
      • Nederlânske oersetting: De Ontbieder (fert. Selma Soester, 2015)
  • Blackthorn and Grim-trilogy
    • 2014 – Dreamer's Pool
      • Nederlânske oersetting: Dromerspoel (fert. Selma Soester, 2016)
    • 2015 – Tower of Thorns
    • 2016 – Den of Wolves
  • Warrior Bards-trilogy
    • 2019 – The Harp of Kings
    • 2020 – A Dance with Fate
    • 2021 – A Song of Flight

Koarte fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(N.B.: yn 'e ûndersteande list giet it om koarte ferhalen, of it moat oars oanjûn stean)

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2000 Aurealis Award wûn bêste fantasyroman Son of the Shadows
2001 Alex Award wûn bêste roman Daughter of the Forest
2005 Aurealis Award wûn bêste fantasyroman Blade of Fortriu
2006 Aurealis Award wûn bêste fantasyroman Wildwood Dancing
2008 Sir Julius Vogel Award wûn bêste fantasyroman Cybele's Secret
2009 Beehive Book Award wûn bêste fiksje foar jongfolwoeksenen Wildwood Dancing
2010 Prix Imaginales wûn bêste oersetting (yn it Frânsk) fan in roman Daughter of the Forest
Tin Duck Award wûn bêste profesjonele lange fiksje Seer of Sevenwaters
2013 Tin Duck Award wûn bêste spekulative fiksje Shadowfell
2014 Sir Julius Vogel Award wûn bêste jeugdboek Raven Flight
Sir Julius Vogel Award wûn bêste koarte ferhaal By Bone-Light
Tin Duck Award wûn bêste profesjonele koarte fiksje Prickle Moon
2015 Aurealis Award wûn bêste fantasyroman Dreamer's Pool
Sir Julius Vogel Award wûn bêste jeugdboek The Caller

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.