Helge Ingstad

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Helge Ingstad, 1935.

Helge Marcus Ingstad (Meråker, Noarwegen, 30 desimber 1899 - Oslo, 28 maart 2001) wie in Noarsk archeolooch, skriuwer en aventoerier, dy't mei syn oare helte Anne-Stine Ingstad yn 1960 de ûntdekker fan de Wytsingedelsetting L'Anse aux Meadows yn Kanada wie. Dêrmei wiene sy de earsten dy't bewiisden dat de Grienlânske Noarmannen it paad oer de Atlantyske Oseaan nei Noard-Amearika fûn hiene, rûchwei 500 jier foar Kristoffel Kolumbus en John Cabot. Hy wie ek fan betinken dat de mysterieuze ferdwinning fan Wytsingedelsetting op Grienlân yn de 14/15e iuw ferklearre wurde koe troch harren emigraasje nei Noard-Amearika]].

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monumint ta oantins fan Ingstad yn Antarctic Havn, Grienlân

Helge Ingstad waard yn Tröndelag en waard grutbrocht yn Bergen. Yn de 20er jierren studearre er rjochten en dêrnei hie er in súksesfolle abbekatepraktyk yn Levanger. Hie hie lykwols altyd in fjildman west en besleat om syn libben te feroarjen. Hy ferfear nei Kanada en wie dêr fjouwer jier pelsjager (Trapper). Beëasten de Grutte Slavemar (Great Slave Lake) waard in beek nei him ferneamd, de Ingstad Creek. Syn boek út 1931 Pelsjegerliv ('It libben fan in pelsjager') ferhellet oer dy tiid en waard in bestseller.

1932 gong Ingstad de polityk yn en waard gûverneur (Sysselmann) fan Erik de Reade-lân yn Eastgrienlân. Dat gebiet, dêr't Erik de Reade yndertiid in delsetting stichte, waard in koart skoft fan Noarwegen beset. Doe't Noarwegen it territoarium fanwege in útspraak op 5 april 1933 fan it Ynternasjonaal Gerjochtshof yn De Haach werom jaan moast oan Denemark, waard er foar twa jier gûverneur fan de provinsje Svalbard. Dêr moet er ek syn lettere frou Anne-Stine Moe, in archeologe.

Yn 1961 ûntduts it pear de oerbliuwsels fan L'Anse aux Meadows, dy't de neifolgjende jierren ûnder lieding fan Anne-Stine Ingstad opgroeven wurde soene.

Houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Helge Ingstad boaske mei Anne Stine Moe, tweintich jier jonger as him, dêr't er kunde oan krige yn syn tiid op Spitsbergen. Sy hie syn boeken oer Kanada en Grienlân lêzen mei bewûndering, en waard fereale op de ûntdekkingsreizger; nei in skoft fan korrespondinsje en letter ferkearing trouden sy yn 1941. Yn setten de Ingstads harren nei wenjen by Oslo, dêr't sy wenjen bliuwe soene at se net reizgen. Sy krigen in dochter, Benedicte, dy't heechlearaar medyske antropology waard oan de University fan Oslo. De tsiender Benedicte beselskippe har âlden op harren ûndersyksreizen.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ingstad, Helge; Gay-Tifft, Eugene (fertaler) (1992). The Land of Feast and Famine. McGill-Queens University Press. ISBN 0-7735-0912-7.
  • Ingstad, Helge; Naomi Walford (fertaler) (1966). Land under the Pole Star; a voyage to the Norse settlements of Greenland and the saga of the people that vanished. St. Martins Press.
  • Ingstad, Helge (1996). Oppdagelsen av det nye land. J. M. Stenersens forlag (Oslo).
  • Ingstad, Helge; Ingstad, Anne Stine (2001). The Viking Discovery of America: The Excavation of a Norse Settlement in L'Anse Aux Meadows, Newfoundland. Checkmark Books. ISBN 0-8160-4716-2.
  • Ingstad, Helge; Groven, Eivind (transkripsjes); Tveit, Sigvald (red.) (1998). Songs of the Nunamiut. Oslo: Universitetsforlaget. ISBN 82-518-3778-2.
  • Ingstad, Helge (1965). Vesterveg til Vinland; oppdagelsen av norrøne boplasser i Nord-Amerika. Gyldendal (Oslo).

Roman[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Klondyke Bill, 1941.

Artikel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ingstad, Helge. Vinland Ruins Prove Vikings Found the New World. National Geographic, novimber 1964. Microsoft Encarta 2009. © 1993–2008 Microsoft Corporation.

Teäterstïk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Siste båt, 1946

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Songs of the Nunamiut – Samling fan Ingstad syn fotos en lûdsopnames fan Inuitlieten út syn tiid yn Alaska

Earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noarsk fregat «KNM Helge Ingstad»

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]