Spitsbergen (Noarwegen)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Svalbard
Flagge fan {{{namme}}} Wapen fan {{{namme}}}
Flagge Wapen
Lokaasje fan {{{namme}}}
Offisjele taal Noarsk, Russysk
Haadstêd Longyearbyen
Steatsfoarm oerseesk territoarium fan Noarwegen
Gebiet
% wetter
62.049 km²
 ??­%
Ynwenners (2004) 2756
Munt Krone (NOK)
Tiidsône UTC +1 (+2 simmerdeis)
Nasjonale feestdei 14 augustus
Lânkoade SJM
Ynternet .sj
Tillefoan 47

Spitsbergen (Noarsk Svalbard, betsjutting: kâlde kust, Russysk: Шпицберген; [Spitsbergen]) is in kloft eilannen (arsjipel) yn de Noardlike Iissee, sa'n 565 km benoarden Noarwegen, dy't út trije gruttere en meardere lytse eilannen bestiet.

De trije grutste eilannen binne:

Lytse eilannen binne:

Ek de súdlik lizzende eilannen, lykas Beareneilân (Bjørnøya) en Hopen hearen (bestjoerlik) by de eilannekloft.

De geografyske lizzing is tusken 71°-81° NB en 10°-35° OL. De oerflakte is om-ende-by 63.000 km², wêrfan 60% bedekt is mei gletsjers. Op de hiele archipel wenje, ôfhinklik fan it seizoen, 3000 oant 4000 minsken, wêrfan likernôch de helte yn de haadstêd Longyearbyen. Eastlik fan Spitsbergen leit de Russyske elannekloft Franz Joseflân.

De namme Spitsbergen komt fan de Nederlanner Willem Barentsz dy't yn 1596 ûnderweis wie nei Nova Sembla, op'e siik nei in noardlike rûte rjochting East-Aazje.

Yn 1920 waard yn it Spitsbergen-ferdrach fêstlein dat de eilannen ûnder tafersjoch fan Noarwegen kamen. Lykwols stiet it lân op harsels, de belesting is oars regele as yn Noarwegen. It jild ôfkomstich út Spitsbergen, moat dêr ek opmakke wurde. Der wurdt gjin belesting heft op bygelyks alkohoalyske drank, sadat de prizen in stik leger lizze as yn Noarwegen. Fanwege de bysûndere bestjoerlike status hat Spitsbergen in eigen ynternetdomein-lânkode (sj, tegearre mei Jan Mayen).

De Tafersjochhâlder op de eilannekloft is de gûverneur (Sysselmann), dy't troch de Noarske oerheid oansteld wurdt. Hy setelt yn de haadstêd Longyearbyen.

Yn oktober 2006 waard bekend makke dat wittenskippers op Spitsbergen in grut tal 150 miljoen jier âlde fossilen fûn hawwe fan dinosauruseftigen. Der waarden fossilen fûn fan plesiosaurus, ichtyosaurus en pliosaurus. Fan de lêste waard in kompleet skelet ûntdekt. Op de hiele wrâld is gjin oar folslein pliosaurusskelet bekend.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Troch de waarme Golfstream wurdt it net bot kâld op Spitsbergen en bliuwe de wetteren om it eilannen hinne it grutste part fan it jier frij fan iis en befarber. De temperatuer yn de winter is trochstrings -12 °C en yn de simmer +5 °C. De westkant is waarmer as de eastkant; dat komt troch de rin fan de Golfstream.

Delsettings[bewurkje seksje | edit source]

Barentsz is ek de nammejouwer fan it plak Barentszburch, de twadde delsetting op de eilannen. Oare bewenne delsettingen binne Sveagruva (210 ynwenners.) en Ny-Ålesund (40 ynwenners).

Dêrneist binne der noch in oantal Noarske waarstasjons en in oantal ferlitten plakken lykas Smeerenburch, Pyramiden en Grumant. Yn de 17e ieu hawwe de Nederlanners in treansiederij hân yn Smeerenburch.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Trivia[bewurkje seksje | edit source]

  • Tsjintwurdich is Spitsbergen yn 'e measte talen Svalbard, nei Noarsk foarbyld. Yn dy talen wurdt de namme "Spitsbergen allinnich brûkt foar it haadeilân Spitsbergen. De oarspronklike -Hollânske- namme Spitsbergen foar 'e hiele arsjipel wurdt hjoed-de-dei noch brûkt yn it Nederlânsk, Russysk, Dútsk en it Frysk.
  • It boppeste part fan it haadeilân Spitsbergen hjit Ny Friesland (Nij Fryslân).