Smeerenburch
Smeerenburch is in eardere delsetting fan Nederlânske walfiskfarders (fan de Noardske Kompanjy) op it eilân Amsterdam (Noarsk: Amsterdamøya) by Spitsbergen. Smeerenburg leit yn de poalsirkel op sa'n 1000 kilometer fan de Noardpoal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stee dêr't Smeerenburch komme soe, waard foar it earst fan Hollanners besocht yn 1614, doe't skippen fan de Amsterdamske keamer fan de Noordsche Compagnie in tydlik walfiskstasjon mei tinten en ymprovisearre ûnen oprjochten. Yn 1619 waard in 500-tons skip mei hout en oare materialen nei Spitsbergen stjoerd en krige de delsetting in mear permanint karakter. Yn it plak stienen pakhuzen, wenten en in smidterij.
De walfiskjacht waard mei lytse sloepen ûndernaam. De relatyf stadich swimmende en lang boppe wetter bliuwende Grienlânske walfisk wie de favorite proai. Yn de wetteren om Spitsbergen waarden dizze yn grutte tallen fongen en de fangsten yn Smeerenburch ferwurke ta traan. Tusken 1614 en sirka 1660 behearden ferskillende Nederlânske stêden harren eigen traansiederij op Smeerenburch. Amsterdam hie twa, fierders wiene dêr guonts fan Rotterdam, Hoarn, Middelburch, Inkhuzen, Delft; faaks hiene ek Veere en Zaanland dêr in traansiederij. Ut it spek (blabber) fan deade walfisken waard walfisktraan wûn yn hoefizerfoarmige ûnen. Dizze oalje wie ûnder oaren gaadlike lampeoalje.
Fan 1614 oant 1625 wienen der ek in kloft Denen op it eilân mei itselde doel. Lykwols waard harren stasjon yn 1625 troch Nederlanners en Ingelsken fernield en soe harren plak ynnaam wurde troch de keamers fan Hoarn, Inkhuzen, en Flissingen.
Der is nochal wat mytefoarming om - de grutte fan - Smeerenbuch hinne ûntstien. Ferskate boarnen hawwe, yn de rin fan de tiid, it tal minsken dat yn it jachtseizoen (simmer) op Smeerenburch wenne en wurke, rûsd op sa'n 1.000 oant 10.000.[1]. Archeologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat der 16 à 17 huzen stien hawwe en in soarte fan fort[2], dan soe it om in delsetting fan inkelde hûnderten persoanen gean hawwe kind.
Smeerenburch’s ferfal begûn yn de betide jierren 1640.[3]. De keamer fan Hoarn is der noch warber oant yn 1657[4]. Om 1660 hinne waard it eilân ferlitten nei't de jacht wilens oergien wie op oare walfisksoarten[5].
Yn 1973 waarden de oerbliuwsels fan Smeerenburch diel fan it Noarske nasjonale park fan Noardwest-Spitsbergen.
De namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Smeerenburg ferwiist wierskynlik nei it fet (smeer) fan in walfisk, en faaks ek nei it smoarge wurk dat it walfiskslachtsjen en it sieden fan de walfiskblabs no ien kear wie.
Smeerenburchkolleksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By opdollings troch Nederlânske archeologen yn 1970-1979 en 1980-1989 binne tal fan gebrûksfoarwerpen fûn út de Nederlânske perioade. Dizze fynsten waarden earst yn Nederlân bewarre, ûnder oaren yn it Ryksmuseum Amsterdam. Op 19 novimber 2005 waard de saneamde Smeerenburchsamling oerdroegen oan de Noarske tsjinst foar Monumintesoarch yn Oslo[1]. De kolleksje sil op Spitsbergen opslein wurde en dêr ek foar in part útstald wurde. In oar part fan de kolleksje is yn it Ryksmuseum Amsterdam efterbleaun.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Smeerenburg fan Wikimedia Commons. |