Springe nei ynhâld

Noardske Kompanjy

Ut Wikipedy
De Walvischvangst troch H. Kobell, Jr.
Waliskfeart mei Beare-eilân op de eftergrûn, anonime 18e iuwske print

De Noardske-Grienlânske Kompanjy (Noardske Kompanjy of Kompanjy fan Spitsbergen) wie in kartel foar de walfiskfeart, opgerjochte troch ferskate belanghawwende stêden, dy't bestie fan 1614 oant 1642. De Kompanjy rekke al rillegau nei de oprjochting yn konflikt mey Ingelân, Denemark en Sweden.

Yn 1598 spielde der in walfisk oan by Wyk oan See. It bist waard ferkocht foar 126 gûne en de bek is as geskink oan Jan fan Nassau nei de Dillenburch ferfierd.

Yn 1612 wurdt foar it earst in kommersjele ekspedysje nei Nova Sembla neamd. Men hie konkludearre dat de walfiskfeart by Kaap de Goeie Hope neat wurde koe. De Noardske kompanjy waard yn 't earstoan foar in perioade fan twa jier oprjochte op Flylân (27 jannewaris 1614). Willem Cornelis van Muyden, út Amsterdam, wie ien fan de earste skippers dy't útfarde. Hy naam fiif Frânske Basken en in Ingelske loads mei, de oare bemanningsleden wiene út Noard-Hollân. Dit oktroai waard yn 1617 foar fjouwer jier ferlinge en yn 1622 fernijd foar nochris tolve jier.

De walfiskfeart wie strang bûn oan it seizoen. De skippen fan de dielnimmende stêden farden yn juny út. Nei sa'n trije wike kamen se yn de wetters om Spitsbergen, Jan Mayen of Beare-eilân oan. Yn septimber of uterlik oktober giene de skippen werom nei de Republyk. Al rillegau waarden op Jan Mayen en Spitsbergen (Smeerenburch) traansiederijen boud. Men hoechde de stjonkende kadavers dan net mei te nimmen, boppedat wie de laadromte op it skip beheind. Jierrenlang hat de kompanjy it hannelsmonopoalje foar walfisktraan yn hannen hân. Foar eltse tocht moasten de dielnimmers ta de bûse en nei ôfrin waard de winst fuortendaliks ferparte.

De Grienlânske pakhuzen op de Keizersgreft 40-44. Boud yn 1621. Foto út 1924, 2 jier nei de renovaasje. Oarspronklik wiene der 5.[1]

It bestjoer fan de kompanjy wie ferdield yn fiif saneamde keamers. Dy wiene ridlik selsstannich en sieten yn Amsterdam, Hoarn, Inkhuzen, Rotterdam en Delft. Eltse stêd hie syn eigen ynstallaasjes yn it poalgebiet. Yn 1616 naam de Siuw Jan Lampsins diel yn de kompanjy en doe krigen ek Flissingen, Middelburch en Feare in keamer. Yn 1634 is it oktroai nochris acht jier ferlenge. Yn 1636 waarden twa Fryske keamers oprjochte: Harns (ûnder oaren troch Wybe Jans) en Starum.

It hannelsgebiet fan de Noardske Kompanjy rûn fan de Davisstrjitte by Newfoundland oant it Russyske Nova Zembla. De kompanjy easke dizze gebieten net op, mar hie dêr allinnich it hannelsmonopoalje.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hacquebord, L., (1984) Smeerenburg, het verblijf van Nederlandse walvisvaarders op de westkust van Spitsbergen in de 17e eeuw, proefschrift
  • Hart, S. (1957) De eerste Nederlandse tocht ter walvisvaart, In: Jaarboek Amstelodamum, p. 27-64.
  • Dillen, J.G. van (1970) Van Rijkdom en Regenten. Handboek tot de Economische en Sociale Geschiedenis van Nederland tijdens de Republiek, p. 248-55.
  • Samuel Muller Fz. (1874), Geschiedenis der Noordsche Compagnie, Bruorren van der Post, Utert

  1. Groenlandse pakhuizen, Bureau Monumenten en Archeologie, Amsterdam

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]