Belmopan

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Belmopan
Parlemintsgebou Belmopan
Parlemintsgebou Belmopan
Polityk
Lân Belize
Distrikt Cayo
Boargemaster Simeon López
(2006-)
Sifers
Ynwennertal 26.906 (2021)
Hichte 78 m
Oar
Stifting 1970
Tiidsône Central America (UTC-6)
Koördinaten
Lizzing Belmopan yn Belize

Belmopan is de haadstêd fan Belize yn Midden-Amearika. De stêd is mei sa'n 20.000 ynwenners ien fan de lytste haadstêden yn de wrâld. Belmopan leit justjes beëasten de rivier Belize, tachtich kilometer fan de eardere haadstêd Belize-Stêd ôf. De stêd leit yn it distrikt Cayo, dêr't it sûnt 1990 de haadstêd fan is.

De befolking fan Belmopan is in mjuks fan Kreoalen, Garifuna, Mestizen, Maya's en koarter lyn hawwe ek ymmigranten út Aziatyske lannen, benammen Sinezen, har dêr nei wenjen set.

It plak hat suver gjin yndustry. Der binne wol plannen foar de oanlis fan in fleanfjild en in lyts yndustrypark.