Aldnederfrankysk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aldnederfrankysk
algemien
taalgebiet Ryn-, Maas- en Skeldedelta
skrift runen, Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Aldnederfrankysk
dialekten Aldeastnederfrankysk,
Aldwestnederfrankysk
skaaimerken
tiidrek 7e-11e iuw
ûntstien út Aldfrankysk
ûntjûn ta Aldlimboarchsk
Aldnederlânsk
taalkoades
ISO 639-3 odt

It Aldnederfrankysk wie de Westgermaanske taal dy't fan 'e sânde oant de alfde iuw sprutsen waard yn 'e Ryn-, Maas- en Skeldedelta fan it hjoeddeistige súdlik Nederlân, noardwestlik Belgje, westlik Dútslân en noardlik Frankryk. It Aldnederfrankysk ûntjoech him yn 'e sânde iuw út it Aldfrankysk, de taal fan 'e Franken, en bestie út twa haaddialekten: it Aldeastnederfrankysk en it Aldwestnederfrankysk. Ut it Aldnederfrankysk ûntjoegen har neitiid de Nederfrankyske talen.

It Aldnederfrankyske taalgebiet.

Aldnederfrankysk en Aldnederlânsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne waard seach men it Aldnederfrankysk as min ofte mear synonym mei it Aldnederlânsk, al wie Aldnederfrankysk in wat bredere term, mei't dêr ek alle net oerlevere sprektaaldialekten ûnder beflapt waarden. Netssjinsteande dat waard der earder troch in protte Nederlânske taalkundigen wol foar pleite om inkeld noch fan Aldnederlânsk te sprekken en de term Aldnederfrankysk hielendal ôf te skaffen. Sûnt de erkenning fan it Limboarchsk as in aparte taal, yn 1997, hat de saak lykwols in hiel oar oansjen krigen. It Aldnederlânsk wurdt no sjoen as fuortkommend út it Aldwestnederfrankysk, wylst it Limboarchsk weromgiet op it Aldeastnederfrankysk. Mei de term "Aldnederfrankysk" wurdt no ferwiisd nei de âldere foarmen fan sawol it Nederlânsk as it Limboarchsk.

Oerlevering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âldste dokumint mei inkele Aldnederfrankyske wurden is de Lex Salica of Salyske Wet. Yn 1996 is lykwols yn 'e grûn fan in ikker te Bergakker, yn 'e Betuwe, in swurdskie fûn mei dêrop yn runetekens in noch âldere Aldnederfrankyske tekst: de saneamde Runeynskripsje fan Bergakker. It dêrop oerlevere boadskip is lykwols beheind en kin net iens mei wissichheid lêzen en/of oerset wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Loey, A. van, Schönfelds Historische Grammatica van het Nederlands, Brussel, 1970.
  • Sanders, Willy, Oudnederlands: Drie Hoofdstukjes uit de Vroegste Nederlandse Taal- en Letterkunde, yn: Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde, nr. 88, 1972, s. 161-177.