Oerlis:Aldnederfrankysk
Appearance
Dit hat Aldnederfrankyske en it Aldfryske tegearre yn ien ôfbyld. Allinnich giet it artikel dêr net oer, en it is it der net iens mei iens. Kinne wy in better plak fine, it artikel útwreidzje dat dit der yn past, as werom nei wat al goed wie? Aliter (oerlis) 6 jan 2023, 21.12 (CET)
- Ik haw de ferwizing nei it Aldfrysk derút helle. It liek my wol ynteressant foar de lêzer, mar as it argewaasje opropt, sjit it syn doel foarby. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jan 2023, 00.39 (CET)
- O, dy argewaaske komt der dochs. Ik wit net wêrom wy perfoars in kaartsje yn it Hollânsk hawwe moatte, wat it net iens is mei wat wy skriuwe, en ek noch ferkeard is mei dy hurde oergongen. En wat waard der praat oare kant it wetter. Dat Ald-Ingelsk wie dat wier oars as Ald-Frysk? Sjoch, at dat der no simpel net op stie ... Aliter (oerlis) 7 jan 2023, 21.31 (CET)
Aliter (oerlis) 7 jan 2023, 21.31 (CET)
Kaartsje
[boarne bewurkje]Sjoch, wy sizze no by it by it kaartsje dat it net krekt is. Neffens my is dat wichtich genôch en skriuw dêr oer yn de tekst. Mar hoe ek: Wy sizze dat mear as tweintich jier werom keazen is foar Aldwestnederfrankysk en Aldeastnederfrankysk. Dan mei de lêzer doch ferwachte dat in nij kaartsje út 2020 dêr mei oerynstimt, om't wy it oars net brûke soenen. Aliter (oerlis) 7 jan 2023, 21.31 (CET)
- It artikel giet oer it Aldnederfrankysk. It kaartsje jout it taalgebiet dêrfan wer, dus ynsafier kloppet it. Dat it de taal oantsjut as Aldnederlânsk ynstee fan Aldnederfrankysk is spitich, mar it ferbân tusken dy beide termen wurdt útlein yn 'e tekst fan it artikel. Ik fyn it net earlik as jo sizze dat it kaartsje net doocht om't de oergongen te skerp binne: je moatte de grinzen dochs earne lizze. Ik tink dat we fan 'e lêzer ferwachtsje meie dat dy begrypt dat it Aldwestnederfrankysk en it Aldeastnederfrankysk dan de westlike, resp. eastlike dielen fan dat gebiet binne. Soe ik graach in Frysktalich kaartsje hawwe wolle? Fansels. Mar we kinne net alle kaartsjes fan Commons ferfryskje, dan soene wy nearne oars mear oan ta komme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jan 2023, 01.26 (CET)
- Nee, ik sei dat it wichtich genôch wie om dat yn de artikeltekst te setten, yn stee fan as ûnderskrift. Dy grinzen? Dy binne allinnich in perbleem fanwegen dy kleuren. In swart/wyt wiene der gjin grinzen, allinnich plakken dêr't it grif praat waard. Sa die de skriuwer it ek: hy sei "een schets". Dejinge dy't it opladen die, hat de dialekten dúdliker makke, en dêrmei it ôfbyld minder. Aliter (oerlis) 8 jan 2023, 20.41 (CET)