Springe nei ynhâld

Eastfrysk

Ut Wikipedy
Eastfrysk
algemien
oare namme(n) Eastlauwersk Frysk
eigen namme (Aast)Fräisk
lânseigen yn Dútslân
tal sprekkers 2.250
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Frysk - Eastfrysk
dialekten Iemsfrysk (û.m. Auricherlânsk, Brokmerlânsk, Norderlânsk, Emsigerlânsk, Moarmerlânsk, Reiderlânsk, Borkumersk, Baltrumersk, Sealterfrysk), Wezerfrysk (Harlingerlânsk, Jeverlânsk, Rjustringersk, Bûtjadingersk, Woerstfrysk, Wuerdfrysk, Wangereagersk, Spikereagersk, Lange-eagersk)
taalstatus
offisjele status it Sealterfrysk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal; alle oare Eastfryske dialekten binne útstoarn
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 gem
ISO 639-3 stq (Sealterfrysk)

It Eastfrysk, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep. Krekt as mei it Frysk yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân bard is, is it Eastfrysk de lêste seishûndert jier hieltyd fierder yn it neigean rekke. Hjoed de dei wurdt der noch mar ien dialekt sprutsen, it Sealterfrysk.

It eardere Eastfryske taalgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne besloech it Eastfryske taalgebiet de hiele krite tusken de rivieren de Lauwers yn it westen en de Weser yn it easten en noch twa gebieten oare kant de Weser dêroerhinne. Sawol yn it ferline as ek no noch besteane dêr fiif ûnderskate lânstreken mei ôfsûnderlike Fryske identiteiten.

Alderearst is der it eardere greefskip East-Fryslân (Dútsk: Ostfriesland), tsjin 'e Nederlânske grins oan, yn it uterste noardwesten fan 'e dielsteat Nedersaksen. De âlde haadstêd dêrfan is Auwerk. Tsjintwurdich is it bestjoerlik opdield yn de stêd Emden, de Landkreis Auwerk, de Landkreis Wittmund en it noardlike part fan 'e Landkreis Leer, dy't allegear ta it Regierungsbezirk Weser-Iems hearre.

Oan East-Fryslân grinzget yn it easten de lânstreek Jeverlân, in gebiet dat de greven fan East-Fryslân altyd bûtendoar witten hat te hâlden en dat dêr noch altyd tige grutsk op is. De rivaliteit dy't der ek hjoed de dei noch bestiet tusken Eastfriezen en Jeverfriezen docht wol wat tinken oan dy tusken Friezen en Grinslanners, mei it ferskil dat sawol Eastfriezen as Jeverfriezen noch altyd grutsk binne op harren Fryske komôf. Tsjintwurdich is it histoaryske Jeverlân ferdield yn 'e stêd Wilhelmshaven en it omlizzende plattelânsgebiet, dat de Landkreis Fryslân (Dútsk: Friesland) foarmet, mei as haadplak it stedsje Jever. Beide falle ûnder it Regierungsbezirk Weser-Iems. Beëasten Jeverlân leit it ferdronken lân fan it Fryske lânskip Rjustringen, dat der oan 'e ein fan 'e Midsiuwen ûnder strûpte, by in hiele rist stoarmfloeden efterinoar. De seeëarm dy't dêr no bestiet, wurdt de Jadeboezem neamd.

Eastlik dêrfan leit op wat troch it ûntstean fan 'e Jadeboezem in skiereilân wurden is, de lânstreek Bûtjadingen. Dat gebiet hearde iuwenlang ta Aldenboarch, mar makket no diel út fan 'e Landkreis Wesermarsch fan it Regierungsbezirk Weser-Iems. By de bestjoerlike weryndieling fan 'e dielsteat Nedersaksen, yn 1974, kaam de gemeente (Gemeinde) Bûtjadingen ta stân, mei as haadplak Burhave. Dy omfettet lykwols net alhiel it histoaryske lânskip fan dy namme.

It ferspriedingsgebiet fan it Eastfrysk foarhinne en hjoed de dei.

Oare kant de rivier de Weser leit it lân Woersten (Dútsk: Land Wursten), dat lang ûnder it jok fan 'e aartsbiskoppen fan Bremen sucht hat. Yn 'e Midsiuwen wie der noch in - sij it folle lytser - Frysk lânskip oan 'e eastkant fan 'e Weser, it lân Wuerden (Land Würden), mar dat lei op it plak dêr't letter Bremerhaven stifte is en dêr is tsjintwurdich neat mear fan oer. Yn it lân Woersten, dat noardliker leit, oan 'e eastkant fan 'e Wesermûning, is de âlde Fryske identiteit lykwols noch altyd sterk oanwêzich. It heart tsjintwurdich ta de Landkreis Cuxhaven fan it Regierungsbezirk Luneboarch. By de bestjoerlike weryndieling fan 1974 kaam dêr troch in gearfoeging fan 'e gemeenten Cappel, Midlum, Padingbüttel, Dorum, Misselwarden, Mulsum en Wremen de Samtgemeinde Land Wursten, mei as haadplak Dorum, ta stân. Histoarysk sjoen hienen lykwols ek de gemeente Spieka (no in part fan 'e Einheitsgemeinde Nordholz) en Imsum (no ûnderdiel fan 'e Einheitsgemeinde Langen) derta hearre moatten.

En ta ein beslút is der dan noch Sealterlân, dat besuden it histoaryske East-Fryslân leit, likernôch fyftich km fan 'e Nederlânske grins ôf. Sealterlân is tsjintwurdich in gemeente mei as haadplak Ramsloh (Sealterfrysk: Roomelse) dy't heart ta de Landkreis Kloppenboarch fan it Regierungsbezirk Weser-Iems.

It Eastfrysk koe foarhinne opdield wurde yn twa grutte dialektgroepen, it Iemsfrysk yn it westen en it Wezerfrysk yn it easten. De skieding dêrtusken rûn rûchwei tusken de eilannen Lange-each en Baltrum troch en dan yn súdeastlike rjochting nei de Wezer ta. De beide dialektgroepen foarmen lykwols in taalkontinuum, dat der bestie gjin dúdlike skieding.

It eardere ferspriedingsgebiet fan it Iemsfrysk en it Wezerfrysk.


Iere Skiednis en Delgong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant en mei de tiid fan 'e Renêssânse (1700) waard yn it hiele gebiet tusken de Iems en de Wezer en yn 'e lannen Woersten en Wuerden oare kant de Wezer Eastfrysk sprutsen. Fan likernôch de ein fan 'e Midsiuwen (1500) ôf kaam it Eastfrysk lykwols ûnder hieltyd swierdere druk te stean fan 'e yn 'e oanswettende gebieten sprutsen Nederdútske dialekten. Lang om let waard dy druk sa swier dat it Eastfrysk sawat folslein útstoar. Oer dy delgong is net in protte bekend, gewoanwei om't it doedestiids net sa wichtich fûn waard en der dus net in soad oer fêstlein en oerlevere is.

Mar wol is dúdlik dat it Eastfrysk stadichoan har status ferlear en it dêrtroch op hieltyd minder mêden brûkt waard, oant it allinne noch mar yn 'e hûs, yn it eigen fermidden, sprutsen waard. Ek gie de kwaliteit fan it Eastfrysk efterút omdat hieltyd mear Nederdútske lienwurden yn de sprektaal opnommen waard. En úteinlik naam it gebrûk en kennis derfan by eltse nije generaasje sa bot ôf dat der in tiid kaam dat de taal net langer mear brûkt waard, en it útstoarn wie.

Dêrby moat wol opmurken wurde, dat der ek guon streekspesifike foarfallen in rol spilen. Sa wie it lânskip Rjustringen oan 'e ein fan 'e Midsiuwen in sterk bastion fan 'e Fryske taal, dêr't ferskate wichtige Aldfryske teksten wei oerlevere binne. Mar krekt Rjustringen waard slim troffen troch in hiele rist stoarmfloeden. Yn 1164 ûntstie dêre troch de Julianefloed de Jade, in ynham yn it lân. En yn 'e rin fan 'e fjirtjinde iuw waard dy troch de Klemensfloed fan 1334, de Marsellusfloed fan 1362 en de Dionysiusfloed fan 1373 hieltyd fierder útwreide, oant 'e saneamde Jadeboezem, in soarte fan binnensee, ûntstien wie. By dat proses ferdwûn hast de helte fan Rjustringen ûnder wetter, eat dat fansels jammerdearlike gefolgen hie foar de ynwenners fan dat gebiet en harren taal.

Delgong fan it Iemsfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e midden fan 'e santjinde iuw wie it Iemsfrysk yn East-Fryslân hielendal útstoarn. It lêste plak dêr't fan bekend is, dat it der noch sprutsen waard, wie it doarp Upgant, yn 1632.

Bûten East-Fryslân wist it Iemsfrysk lykwols al te oerlibjen, want yn Sealterlân, wurdt tsjintwurdich noch altyd troch sa'n 2.250 minsken it Sealterfrysk, fanâlds in Iemsfrysk dialekt, sprutsen. Dat it Eastfrysk it dêr sa lang úthâlde kinnen hat, komt fral om't dat gebiet iuwenlang fierhinne isolearre wie fan 'e bûtenwrâld troch de ûntagonklike heechfeanmoerassen dy't deromhinne leinen. Boppedat behold it Sealterfrysk oan 'e tweintichste iuw ta altyd in hegere maatskiplike status as it Nederdútsk.

Delgong fan it Wezerfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frjemd genôch hold it Wezerfrysk, dat tichter by grutte stêden as Aldenboarch en Bremen sprutsen waard, it oer it algemien langer út as it Iemsfrysk. Lykwols wie ek dat tsjin 1700 hast oeral útstoarn. Fan Jeverlân, bygelyks, is bekend dat yn 1568 de pastoar Meinard Focken fan it doarp Heppens - dat letter hielendal opslokt is troch de grutte stêd Wilhelmshaven - noch de lêste wie dy't dêr yn it Frysk preke.

Yn Imsum, yn it lân Woersten, waard yn alle gefallen noch yn 1723 Frysk sprutsen. Boppedat bestiet der ûnomstjitlik bewiis dat om 1750 hinne by in begraffenis yn it lân Woersten de famylje-âldste by in lykrede it neiwurd yn it Frysk hold. Mooglik wienen dat de lêste wurden dy't ea yn it Woerstfryske dialekt sprutsen waarden, want as omgongstaal waard dat doe al tsientallen jierren net mear brûkt.

Yn Harlingerlân, yn it noardeasten fan East-Fryslân, skynt yn 'e omkriten fan 'e doarpen Wittmund en Esens noch om 1800 hinne in âlde frou west te hawwen dy't it Frysk machtich wie. It langst hold it Wezerfrysk it lykwols út op it Waadeilân Wangereach, dêr't de lêste sprekker, in âld-seeman, pas yn 1954 kaam te ferstjerren.

De Hjoeddeiske Sitewaasje yn 'e Eardere Eastfrysktalige Gebieten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei wurde yn 'e Eastfryske gebieten Nederdútske dialekten sprutsen, dêr't noch altyd spoaren fan it Fryske substraat yn werom te finen binne. Ek Fryske persoansnammen, sawol foarnammen, lykas Hajo, Eide, Take, Sjade, Geesje, Elske en Imme, as efternammen, lykas Hettinga, Hiemstra en Bronsema, dy't nearne oars yn Dútslân foarkomme, binne yn 'e Eastfryske gebieten hiel gewoan.

Hoewol't de Eastfriezen harren eigen taal ferlern binne, hawwe se harren eigen, Fryske identiteit oant hjoed de dei ta witten te behâlden. Oars as yn 'e Grinzer Ommelannen, dy't op inselde manear ûntfryske rekke binne en dêr't letter in dúdlik anty-Fryske mentaliteit ûnt-stien is, binne de Eastfriezen, Jeverfriezen, Bûtjadingers en Woerstfriezen oant hjoed de dei ta grutsk op harren Fryske komôf. Yn East-Fryslân waard, ta behâld fan dy eigen identiteit, yn 1949 sels de Ostfriesische Landschaft, foarhinne de Eastfryske stannen, omfoarme ta in kulturele organisaasje, dy't min of mear funksjonearret lykas yn Westerlauwersk Fryslân de Fryske Akademy. Boppedat is it hiele Eastfryske gebiet, ynklusyf Sealterlân, lid fan 'e Fryske Rie.