Sealterfrysk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sealterfrysk
algemien
oare namme(n) Sealterlânsk, Sealtersk, Eastfrysk
eigen namme Seeltersk
lânseigen yn Dútslân
tal sprekkers 1500-2.500
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Frysk - Eastfrysk - Iemsfrysk - Sealterfrysk
dialekten Roomelsesk, Schäddelsk, Strukeljesk
taalstatus
offisjele status it Sealterfrysk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 frs
ISO 639-3 stq

It Sealterfrysk, ek wol Sealterlânsk of Sealtersk neamd, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan de Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de Iems oant de Weser sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.

It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn de gemeente Sealterlân (Dútsk: Saterland), yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen, bewesten de stêd Aldenboarch, sa'n fyftich km fan de Nederlânske grins by Nijeskâns ôf. Sealterlân, dat in gebiet fan 123 km² beslacht, heart ta de Landkreis Kloppenboarch, yn de regio Aldenboarger Múnsterlân. It oantal sprekkers wurdt rûsd op 1500-2500, wat krapoan 20% fan de befolking fan it Sealterlân beslacht.

Histoarysk is it Sealterfrysk fuortkommen út it Aldfrysk, mar de skiednis fan it skreaune Sealterfrysk hat syn oarsprong yn de 19e iuw. It Sealterfrysk hat dialekten, elk doarp dat oarspronklik Sealterfrysktalich is hat ien, mar de ferskillen binne tige lyts.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Terreinferlies fan it Frysk. It Sealterfrysk is giel ynkleure.

It Sealterfrysk heart ta de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't bygelyks ek talen as it Frânsk, Gryksk, Russysk, Perzysk en Hindy omfiemet. Mei û.m. it Deensk, Noarsk en Sweedsk wurdt it ta de Germaanske talen rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks it Westerlauwersk Frysk, Dútsk, Nederlânsk en Jiddysk de Westgermaanske taalgroep. Lykwols is it Sealterfrysk krekt as it Westerlauwersk Frysk nauwer besibbe oan it Ingelsk en it Skotsk, wêrmei't it de Noardwestgermaanske talen foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'e Angelsaksyske talen en de Fryske talen. Binnen de Fryske talen heart it Sealterfrysk ta de subgroep Eastfrysk. It Eastfrysk bestiet út twa dialektgroepen: It Iemsfrysk dat yn Grinslân en westlik East-Fryslân praat waard en it Wezerfrysk dat yn it eastlike part fan East-Fryslân sprutsen waard. It Sealterfrysk heart ta de Iemsfryske dialektgroep.

Taalkaart fan it Eastfrysk

Men wol wol hawwe dat de Fryske talen it naust oan it Ingelsk besibbe binne, mar noch ôfsjoen fan it feit dat men dêrby foarbygiet oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, jildt dat inkeld noch foar in oantal wurden en grammatikale eigenheden. Yn 'e midsiuwen wiene it Aldfrysk en it Aldingelsk (of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid. Ien fan 'e wichtichste ferskillen is datoangeande de ûnbidige ynfloed dy't it Frânsk sûnt de Normandyske ynfaazje fan 1066 op it Ingelsk útoefene hat, wylst it Sealterfrysk reedlik konservatyf oerlevere waard. Fanâlds waard it Sealterfrysk (beheind) beynfloede troch it Nederdútsk. Sûnt de komst fan massamedia en Dútsktalige ynwenners yn it Sealterlân, wurdt it Sealterfrysk tige beynfloede troch it Standertdútsk. Sûnt de njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw hat ek de ynfloed fan it Ingelsk tanommen.

It Noardfrysk, Westerlauwersk Frysk en it Eastfrysk binne sûnt de midsiuwen har eigen paad gien en binne no (sûnder foarkennis) al lang net mear ûnderling fersteanber. De Eastfryske tongfallen Sealterfrysk en Wangereager Frysk wienen mooglik ûnderling wol foar in part fersteanber, hoewol't it Sealterfrysk ta de Iemsfryske dialektgroep hearde en it Wangereager Frysk ta de Wezerfryske dialektgroep. It Sealterfrysk en it Wangereager Frysk binne de iennichste twa dialekten fan it Eastfrysk (of Easterlauwersk Frysk), dy't de 20e iuw helle hawwe. It Wangereager Frysk is lykwols yn 1950 mei it ferstjerren fan de lêste sprekker útstoarn. Dêrmei is it Sealterfrysk de iennichste noch libjende fariant fan it Eastfrysk.

Ferlykje de folgjende wurden yn it Sealterfrysk, it Westerlauwersk Frysk,it Wangereager Frysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn it Mooring-dialekt) en it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn it Fering-dialekt):

taal foarbyldwurden
Sealterfrysk: Kop Stierne Oge Nose Mule Tusk Keeuwe Soke Oor kweede uus fjauer
Westerlauwersk Frysk: holle foarholle each noas mûle tosk kin wang ear sizze ús fjouwer
Wangereager Frysk[1]: haud farhaud uug naazii tuut tusk kinback soke oor quiddër uuz fiaur
Noardfrysk:
(Mooring)
hood foorhood uug noos müs täis kan siik uur seede üs fjouer
Noardfrysk:
(Fering)
hood föörhood uug nöös mös tus kan sjuuk uar sai üs fjauer

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oerlibjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Midsiuwen hearde al it gebiet fan de Nederlânske grins oant en mei it lân Woersten, oan de eastkant fan de rivier de Weser, ta it Eastfryske taalgebiet. Mar fan likernôch 1500 ôf binne alle Eastfryske dialekten útsein it Sealterfrysk útstoarn. It lêste oerlibjende dialekt bûten Sealterlân wie it Wangereagersk, dat op it Waadeilân Wangereach sprutsen waard en dêr't de lêste sprekker fan kaam te ferstjerren yn 1954.

Der binne in stikmannich faktoaren dy't bydroegen hawwe oan it behâld fan it Sealterfrysk. Yn it foarste plak wie Sealterlân iuwenlang relatyf isolearre fan de bûtenwrâld troch syn lizzing op in sâneilân middenmank ûnbegeanbere heechfeansompen. De iennichste manear om it gebiet te berikken wie ornaris fia de Sealter Ie (Sealterfrysk: Seelter Äi), dy't der trochhinne streamt. Allinne winterdeis, as de sompen beferzen wienen, koe men Sealterlân oer lân berikke.

Fierders gong de Yndustriële Revolúsje oan Sealterlân foarby en bleau oant yn dizze tiid in plattelânsgebiet. Wichtige middels fan bestean wiene oant likernôch 1800 hannel en skipfeart oer de Seelter Ie en dêrnei turfgraverij en yn it noarden houten skipsbou. Fan 1900 ôf waard lânbou op de kultivearre hege feanen fan belang.

Boppedat hold it Sealterfrysk yn Sealterlân altiten in hegere status as it Nederdútsk, dat yn de omlizzende gebieten sprutsen waard en dat troch de Sealterfriezen lang sjoen waard as minderweardich.

En ek wie fan belang dat Sealterlân nei de herfoarming troch de biskoppen fan Múnster rekatolisearre waard. Dêrtroch waarden de bannen mei de oare Eastfryske gebieten, dy't itsij lutersk, itsij kalvinistysk wurden wienen, ferbrutsen en hie it útstjerren fan de oare Eastfryske dialekten dêre gjin neidielige gefolgen foar it Sealterfrysk.

It tsjintwurdige en it eardere Eastfryske taalgebiet.

Werûndekking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sealterfrysk is oerlevere út optekenings fan reizgers en taalkundigen fan likernôch 1800 ôf. Oant de twadde helte fan de tweintichste iuw hienen de Sealterfriezen eins gjin besef fan har eigen taal. Se wisten wol dat it Sealterfrysk oars wie as de Nederdútske dialekten dy't om harren hinne sprutsen waarden, mar hienen gjin idee dat it eins in foarm fan it Frysk wie. Ek wie it frijwol útslutend in sprektaal en bestie der gjin stavering. Pas fan likernôch 1950 ôf waard it Sealterfrysk as skriuwtaal brûkt. Yn de jierren 1953-1965 ferskynt it Lesebouk foar Seelterlound yn in rige krante-artikelen; de Seelter Trjoue (1966-1972) wie in tydskrift dat as opfolger dêrfan sjoen wurde kin. Yn dy tiid ferskynden ek ferskate dichtbondels en ferhalebondels.

Delgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kearpunt yn de skiednis fan it Sealterfrysk kaam yn 1945. Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch kamen der yn Sealterlân, krekt as yn hiele West-Dútslân, nammentlik withoefolle flechtlingen út de eastlike gebieten (Sileezje, Poasen, Pommeren en West- en East-Prusen), dy't Dútslân ôfstean moatten hie oan Poalen. It tal flechtlingen wie net folle leger as it tal Sealterfriezen en eltsenien waard ferplichte neffens de romte yn syn hûs guon fan dy flechtlingen op te nimmen. Wylst guon fan harren har oanpasten en Sealterfrysk learden, ferbruts de mearderheid him net en spruts gewoan Dútsk of Nederdútsk. Om't de flechtlingen net mear werom koenen, setten in protte fan harren har yn Sealterlân nei wenjen; sa rekke it Sealterfrysk yn ien klap syn posysje as taal fan de mearderheid fan de befolking yn Sealterlân kwyt.

Weroplibbing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Sealterfries dy't it belang fan it behâld fan de eigen taal ynseach, wie Hermann Janssen. Yn de sechstiger jierren lei dy kontakten mei akademisy lykas de Amerikaan dr. Marron C. Fort, dy't ferbûn wie (en is) oan de Universiteit fan Aldenboarch. Dy akademisy soargen derfoar dat it Sealterfrysk bekendheid krige as iennichst oerlibjende foarm fan it Eastfrysk.

As gefolch dêrfan waarden der fia de Grutfryske Rie foar it earst kontakten lein mei de Eastfriezen, Noardfriezen en Westerlauwerske Friezen. En oan de Universiteit fan Aldenboarch waard de Arbeitsstelle Niederdeutsch und Saterfriesisch ("Wurkkring Nederdútsk en Sealterfrysk") oprjochte, dy't it ûndersyk nei alle taalfoarmen tusken de Iems en de Weser koördinearje moast.

Yn 1980 kaam Marron Fort syn mânske "Saterfriesisches Wörterbuch" ("Sealterfrysk Wurdboek") út. In oare tige wichtige útjefte foar it Sealterfrysk wie "Lound un Nomen" ("Lân en Nammen"), in beskriuwing fan Sealterlânske topografyske nammen, dat troch de út it Westerlauwersk Fryske Stiens ôfkomstige Pyt Kramer gearstald waard. Ek ferskynde yn 1992 it earste fan trije dielen fan in grou etymologysk Sealterfrysk wurdboek fan de selde skriuwer.

Stavering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sealterfryske stavering is troch dr. Marron Fort gearstald foar yn "Saterfriesisches Wörterbuch". Yn tsjinstelling ta eardere staveringsfoarstellen wurdt dizze oer it algemien beskôge as maklik lêsber, om't er tichteby dy fan it Dútsk bliuwt. Sa is ûnder mear de saneamde Großschreibung, it Dútske gebrûk om haadwurden te begjinnen mei in haadletter, oernommen. Ek binne der guon letters mei diakrityske tekens ynfierd, dêr't guon fan al en oare net yn it Dútsk foarkomme ("ä", "ì", "ò", "ö", "ù", "ü").

Yn de njoggentiger jieren is dy stavering wat oanpast, ûnder oare troch Pyt Kramer. De klamtekens binne hjiryn ôfskaft en heallange fokalen wurde no mei twa tekens skreaun (bygelyks Fugel > Fuugel). De skriuwwizen fan Fort en Kramer wurde beide foar publikaasjes brûkt. Net ien fan beide is offisjeel fêstlein, mar op skoalle wurdt de stavering fan Marron Fort brûkt.[2] In lytse ûntjouwing yn de stavering is werom te sjen oan it plaknamboerd fan it doarp Skäddel (Dútsk: Scharrel), dat eartiids as Schäddel skreaun waard.

Grammatika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lidwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sealterfrysk (en it Aldfrysk) makket ûnderskied tusken manlike en froulike haadwurden. It lidwurd die is manlik, ju is froulik en dät is ûnsidich. Foar it meartal wurdt do brûkt.

Geslacht Iental Meartal
manlik die Mon (de man) do Monljuude (de manlju)
froulik ju Muur (de mem) do Muure (de memmen)
ûnsidich dät Bäiden (it bern) do Bäidene (de bern)

Allinnich it manlik lidwurd "die" feroaret yn de 3e (datyf) en 4e (akkusatyf) namfal yn "dän". Yn de sin Die Mon sit ap dän Stoul is "Die Mon" it ûnderwerp (en it nominatyf) en "dän Stoul" it saaklik foarwerp (en it akkusatyf).

Yn in oantal gefallen kin ynstee fan it manlike lidwurd "die" of it froulike lidwurd "ju" de fariant de brûkt wurde. Dat mei lykwols noait oan it begjin fan in sin wêze en it haadwurd dêr't it moat in direkte relaasje mei it byhearrende haadwurd hawwe. Sa wurdt dus sein: "Ju Kuu is in de Weede" (de ko is yn ’t lân). It wurd 'Weede' is froulik en soe ornaris it lidwurd "ju" krije. Yn dit gefal is it net it ûnderwerp, mar in foarwerp dat betrekking hat op de ko. It ôfswakke lidwurd "de" kin nei konsonanten noch fierder ôfswakke ta "e": "iät Flaask is in e Ponne" (it fleis is yn 'e panne). 'das Fleisch ist in der Pfanne'.

Wannear't yn de 3e en 4e namfal de klam net op "dän" of "dät" leit, dan kinne dy lidwurden respektyflik ôfswakkte ta n of t: "hie strookede hier uur n Kop" (hy streake har oer de holle) of "die Pot stoant ap t Fjuur" (de pot stiet op 't fjoer).

Wurdslachte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sealterfrysk makket ûnderskie tusken trije geslachten: Manlik, froulik en ûnsidich.

Manlik binne:

  • Wurden foar minsken en dieren fan it manlike geslacht: die Foar (de heit), die Mon (de man), die Wänt (de jonge), die Bulle (de bolle)
  • Beropsnammen dy't op -er einigje: die Bakker (de bakker), die Fisker (de fisker), die Gjuchter (de rjochter), die Skrieuwer (de skriuwer)
  • Tiden fan 't jier, moannen en dagen: die Suumer (de simmer), die Meerte (maart), die Moundäi (de moandei)
  • Wurden dy't op -em einigje: die Bäisem (de biezzem), die Boudem (de boaiem), die Woasem (de wazem)

Froulik binne:

  • Wurden foar minsken en dieren fan it froulike geslacht: ju Dochter (de dochter), ju Möie (de muoike), ju Muur (de mem), ju Ku (de ko)
  • Beropsnammen dy't op -ske einigje: ju Buurske (de boerinne), ju Huushollerske (de húshâldster)
  • Nammen fan beammen, dy't net mei -beam gearstald binne: ju Bouke (de boek), ju Danne (de din), ju Eeke (de iik)
  • De measte fûgelnammen: ju Gäise (de goes), ju Oante (de ein), ju Swoalke (it sweltsje)
  • Nammen fan himellichamen: ju Moune (de moanne), ju Sunne (de sinne)
  • Wurden dy't op -egaid en -haid einigje: ju Fräiegaid (de frijheid), ju Gauegaid (de gauwichheid), ju Oaregaid (de aardichheid), ju Weerhaid (de wierheid)
  • Wurden dy't op -enge, -enje en -elge einigje: ju Deelenge (de dieling), ju Hoopenge (de hope), ju Skeedenje (de skieding)
  • Wurden dy't op -äi einigje: ju Baaleräi (it rabjen), ju Buuräi (de buorkerij), ju Sloachteräi (de slachterij)
  • Wurden dy't op -(s)t einigje en fan tiidwurden ôflaat binne: ju Sicht (it sicht), ju Toukumst (de takomst)
  • Wurden dy't op -te einigje en fan eigenskipswurden ôflaat binne: ju Bratte (de breedte), ju Druuchte (de drûchte), ju Fierte (de fierte), ju tjukte (de tsjokte)
  • Wurden dy't op -skup einigje: ju Boskup (it boadskip), ju Fründskup (de freonskip), ju Sälskup (it selskip)
  • Wurden dy't op -else einigje: ju Moangelse (de pankoek)
  • Fierwei de measte wurden dy't op -e einigje: ju Äddere (de ier), ju Hounde (de hân), ju Sträite (de strjitte), ju Riege (de rige)

Unsidich binne:

  • Nammen foar jonge minsken en dieren, dy't nei beide geslachten ferwize: dät Bäiden (it bern), 'dät Koolich (de keal), dät Loum (de laam)
  • De wynstreken: dät Noude, dät Aaste, dät Suude, dät Wääste
  • De measte stofnammen: dät Eed (de turf), dät Gould (it goud), dät Bjoor (it bier), dät Säid (it sied)
  • Haadwurden dy't fan in tiidwurd ôflaat binne: dät Heeren (it hearren, dät Ieten (it iten), dät Skrieuwen (it skriuwen)

Meartal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sealterfrysk hat, yn ferliking ta it Westerlauwersk Frysk, in ryk ferskaat oan meartalsútgongen.

  • Haadwurden dy't op in konsonant einigje, krije yn 't meartal in -e: die Appel - do Appele (appels), dät Bäiden - do Bäidene (bern)
  • Giet it iental út op in stimleaze rûzer, dan feroaret dy yn 't meartal in stimhawwende rûzer (sêft): ju Brääch - do Brääge (brêgen), die Däif - do Däiwe (dieven)
  • Haadwurden dy't op de fokaal -e einigje, krije yn 't meartal in -n: die Boolke - do Boolken (balken), ju Sträite - do Sträiten (strjitten)
  • De neikommende wurden krije de útgong -ere: dät Läid - do Läidere (lieten), dät Loum - do Loumere (lamen)
  • De neikommende wurden krije de útgong -en: die Buur - do Buuren (boeren), ju Tied - do Tieden (tiden)
  • De neikommende wurden krije de útgong -ne: die Moanske - do Moanskene (minsken), dät Ooge - do Oogene (eagen)
  • De neikommende wurden krije in fokaalferoaring ä - ee en de útgong -e: dät Fäk - do Feeke (fakken), dät Fät - do Feete (fetten), dät Gebäd - do Gebeede (gebeden)
  • De neikommende wurden krije in fokaalferoaring ää - ee en de útgong -e: dät Blääd - do Bleede (blêden), dät Glääs - do Gleese (glêzen)
  • De neikommende wurden krije in fokaalferoaring i - ie en de útgong -e: dät Skip - do Skiepe (skippen), dät Spil - do Spiele (spullen)
  • De neikommende wurden krije in fokaalferoaring o - oo en de útgong -e: dät Gebod - do Geboode (geboaden), dät Lot - do Loote (lotten)
  • De neikommende wurden krije in fokaalferoaring ou - äi en de útgong -e: die Fout - do Fäite (fuotten)
  • De neikommende wurden krije de útgong -ljuude: die Mon - do Monljuude (manlju), dät Wieuw - do Wieuwljuude (froulju)
  • Gjin meartalsútgong krije: ju Hounde - do Hounde (hannen), die/ju Seelter - do Seelter (Sealter, Sealterlanner)
  • In ûnregelmjittige meartalsfoarm hawwe: die Dai - do Deege (dagen), die Wai - do Weege (wegen)
  • In folslein oar wurd yn it meartal: ju Ku - do Bäiste (kij)

Ferlytsing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferlytsing wurdt meastal mei it wurdsje littek (lyts) makke. Bygelyks die litje Appel (appeltsje), ju litje Bloume (blomke) en dät litje Bääd (bedsje).

Dêrneist binne der wurden dy't neffens foarm ferlytsingswurden binne, mar as haadwurd brûkt wurde sûnder dat minsken it gefoel hawwe dat it oarspronklik ferlytsingswurden wienen. De oarspronklike stam, it grûndwurd, ûntbrekt dan ek yn it Sealterfrysk. Foarbylden fan sokke wurden binne: ju Kluntje (klontsje), ju Tuffelke (ierdappel), Kaninken (knyntsje).

Foarnamwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Persoanlik & besitlik foarnamwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besitlik foarnamwurd hat sawol in manlike foarm as in foarm foar froulik, ûnsidich en meartal.

Persoanlik fnw.wurd Besitlik fnw.wurd
Persoan Underwerpfoarm Objektfoarm Manlik Froulik
Unsidich
Meartal
1e iental iek mie min mien
2e iental du die din dien
3e iental hie (manlik)
ju (froulik)
et (ûnsidich)
him, hier sin
hiere
sien
hiere
1e meartal wie uus uus uus
2e meartal jie jou jou jou
3e meartal jo hiere hiere hiere

Weromwurkjend & wjersidich foarnamwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De weromwurkjend foarnamwurden yn it Sealterfrysk yn it Sealterfrysk binne mie, die, sik, uus en jou: ju Fauene wunnert sik (de faam ferwûnderet har), du skuust die skoomje (do moatst dy skamje).

It wjersidich foarnamwurd wurdt makke mei sik eenuur: jo hääbe sik eenuur ferroat (sy hawwe elkoar ferjûn), jo nöigeden sik eenuur (sy nûgen elkoar út).

Oanwizend foarnamwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wurden yn de ûndersteande tabel binne oanwizende foarnamwurden.

Geslacht Iental Meartal
manlik die Mon (de man) do Monljuude (de manlju)
froulik ju Muur (de mem) do Muure (de memmen)
ûnsidich dät Bäiden (it bern) do Bäidene (de bern)

Allinnich yn de 3e (datyf) en 4e (akkusatyf) namfal feroaret it manlik oanwizend foarnamwurd die yn dän.

Mei de prefiks ke- kin it oanwizende foarnamwurd fersterke wurde: kedie (koarte foarm; krie), kedän (koarte foarm; krän), keju (koarte foarm; kju), kedät (koarte foarm; krät) en kedo. Yn de praktyk wurde allininch de koarte foarmen brûkt, dus krie, krän, kju en krät. It oanwizende foarnamwurd kedo hat gjin koarte foarm en wurdt sa brûkt. Foarbyld: dissen Mon nit, man krie (dizze man net, mar dy).

Geslacht Iental Meartal
manlik disse (dizze) disse (dizze)
froulik disse (dizze) disse (dizze)
ûnsidich dit (dit) disse (dizze)

Oan it manlik oanwizende foarnamwurd disse kin in -n taheakke wurde, dus dissen. Foarbyld: disse Mon is kroank (dizze man is siik), mäd dissen Wänt kon me beeter baale as mäd dän (mei dizze jonge kinst better prate as mei dy), dit Bäiden is aller as dät (dit bern is âlder as dat).

It oanwizende foarnamwurd sun wurdt by alle geslachten brûkt. Wannear't der mear klam op it wurd lein wurdt, dan wurdt it by manlik wurden suk aan en by froulike en ûnsidige wurden suk een. Foar it meartal wurdt sukke brûkt. Foarbyld: sun Huus (sa'n hûs), suk aan Mon (sa'n man), sukke Seeken (sokke saken).

Freegjend foarnamwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbylden fan freegjende foarnamwurden yn it Sealterfrysk binne 'wäl' (wa), 'wier' (wêr) 'wo' (hoe), 'wanner' (wannear), 'wäkke' (hokker), 'wät' (wat), 'wät foar' (watfoar) en 'wieruum' (wêrom).

Betreklik foarnamwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbylden fan betreklike foarnamwurden yn it Sealterfrysk binne die, dän, ju, wier, wät en do.

Sealterfrysk Westerlauwersk Frysk
die Mon, die dät däin häd de man, dy't dat dien hat
dät Bäiden, wät dät däin häd it bern, wat it dien hat
die Mon, dän sien Rääd iek leend hääbe de man, waans fyts ik liend haw
dät Wieuw, ju hiere Woain iek kooped hääbe de frou, waans wein ik kocht haw
ju Fauene, wier iek mäd boalde de fammen, mei wa't ik prate
do Ljuude, mäd do iek oarbaided hääbe de lju, mei wa't ik wurke haw

Unbeskaat foarnamwurd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbylden fan ûnbeskate foarnamwurden yn it Sealterfrysk binne me (men), wäl (immen), aan (ien), älk, (elk), naan (net ien, manlik), neen (net ien, froulik/ûnsidich/meartal), neemens (nimmen), aal (allegear), wäkke (in pear), wät (wat/eat), fuul (folle), moonich (mannich) en uur (oare).

Telwurden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sealtersk hat echt Frysk klinkende telwurden:
een, two, tjo, fjauer, fieuw, säks, soogen, oachte, njuugen, tjoon, alwen,
tweelich, trättien, fjautien, füüftien, säkstien, soogentien, achttien, njuugentien,
twintich, trüütich, fjautich, füüftich, säkstich, soogentich, tachentich, njuugentich,
hunnert, duusend.

Foar de earste trije binne der lykwols ek manlike foarmen: aan, twäin, träi.
Dy wurde hiel konsekwint brûkt. Sis dus noait: een Mon. It is altyd: aan Mon, twäin Monljuude.

Dan binne der fansels ek noch de rangtelwurden:
eerste, twäide, trääde, fjoode (yn Strukelje fjädde), füüfte, säkste, soogende, oachte, njuugende, tjaande, alfte, tweelfte, trättienste..

En dan noch de tige aparte werhellingstelwurden:
insen, twäie, träie ‘ienris’, ‘twaris’, ‘trijeris’. It giet dan fierder mei fjauermoal ens.

Lûden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lûden mei byhearrende útspraak yn de tabel hjirûnder komt út de Seelter Sproakleere fan Pyt Kramer

Koarte ienlûden
Lûd Opmerking IPA Foarbyld Oare taal
/a/ [a] Gat, falsk, kanne
/ä/ [ɛ] Fäk, fäl, rädje
/e/ [ə] se, et, bekoand
/i/ liket wat op de ä [I] Wille, licht, bidje
/o/ liket wat op de a [ɔ] Stok, konne
/ö/ [œ] bölkje
/u/ liket wat op de o [ʊ] Stuk, Buk
/ü/ liket wat op de ö [ʏ] wül, Fründ
Heallange lûden
Lûd Opmerking IPA Foarbyld Oare taal
/ie/ [iˑ] Wiele, liek, Liene
/uu/ [uˑ] fuul, Buuk
/üü/ [ʏˑ] trüütich, wüül
Lange lûden
Lûd Opmerking IPA Foarbyld Oare taal
/aa/ [aː] Taal, Paad as yn baas
/ää/ [ɛː] sääd, Stääd as yn bêd
/ee/ [eː] leet, Feete, leese as yn reed
/íe/ streekje op de í wurdt gauris fuortlitten [iː] Sies, Liene, fiere as yn wiid
/oa/ [ɔː] Toal, Hoase as yn nôt
/öä/ [œː] Göäwel, böädelje as yn oeuvre
/oo/ [oː] Dook, groot, Hoose as yn rook
/öö/ [øː] Grööte, drööme as yn deun
/úu/ streekje op de ú wurdt gauris fuortlitten [uː] fuul, suur, suuge as yn sûch
/ü'ü/ apostrof wurdt gauris fuortlitten [yː] Düüwel, düütelk as yn drúf
Twalûden
Lûd Opmerking IPA Foarbyld Oare taal
/áu/ streekje op de á wurdt gauris fuortlitten, a + heallange u [aːu] gau, kauje
/ai/ [aːi] nai, Sail, taie as yn kaai
/äi/ koarte ä + heallange i [ɛɪ] näi, Schäip, wäit
/au/ [au] Dau, flau, haue as yn blau
/äu/ koarte ä + heallange u [eu] häuw, stäuwen
/eeu/ lange ee + heallange u [eːu] skeeuw, leeuwe
/ieu/ heallange ie + heallange u [iˑu] Lieuw, ieuwen
/oai/ lange oa + heallange i [ɔ:ɪ] Koai, oain, loaierje
/oi/ [ɔy] schoi, Moite, bloie as yn boiler
/öi/ koarte ö + heallange ü [œ:i] Möie, öile
/ou/ [o:u] Douk, Lound, roupe grutste oerienkomst mei au

Bylûden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skriuwwize b ch d f g h j k l m n ng p r s t v w
IPA [b]? [x]? [d]?, [r]? [f]? [ɡ, ɣ]? [h]? [j]? [k]? [l]? [m]? [n]? [ŋ]? [p]? [r]? [s]? [t]? [v]? [w]?

Hjoeddeistige taalsitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanâlds bestie Sealterlân út trije doarpen, Roomelse (Dútsk: Ramsloh), Skäddel (Scharrel) en Strukelje (Strücklingen). De nije delsetting Seedelsbierich (Sedelsberg), by Skäddel, hat tsjintwurdich ek de status fan doarp. It Sealterfrysk bestiet út trije ûnderling fersteanbere dialekten, dy't oerienkomme mei de trije histoaryske doarpen. Yn Seedelsbierich, wat in nije koloanje is, wurdt net folle Sealtersk sprutsen; hja dy't it dogge sprekke it dialekt fan Skäddel.
De ferskillen tusken de dialekten binne relatyf grut foar sa'n lyts taalgebiet, mar bringe de ûnderlinge fersteanberens net yn gefaar. Dat komt ek om’t de Sealters hiele oare ferskillen hearre as wy. Sa wurdt Houd ‘hoed’ fan Skäddelers en guon Roomelsters útsprutsen as Hooud, mar guon sprekkers brûke ek beide foarmen trochinoar, sûnder it blykber te hearren. Itselde jildt foar näi ‘nij’ en neei en dy lêste útspraak hawwe wy ek yn guon parten fan ús Wâlden.
Hiel strang is lykwols it ferskil tusken oou en oo (sawat as ús oa) en tusken eei en ee (sawat as ús ea). Sa wurdt ûnderskaat Douk/Doouk ‘doek’ fan Dook ‘damp’ en Fäite/Feeite ‘fuotten’ (âld fiet!) fan Feete ‘fetten’.
Opfallend is wol roomelsters oa foar aa/a yn’e oare doarpen. Roomelse hat dus Noacht, Woain, oain, oachte, toanke ‘nacht’, ‘wein’, ‘eigen’, ‘acht’, foar Naacht, Wain, ain, aachte, taanke yn ‘e oare doarpen. Mar dat jildt wer net foar wurden as b.g. loang ‘lang’, broachte ‘brocht’.

Tal sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynwenners fan Sealterlân dy't Sealterfrysk sprekke ôfset tsjin de folslein befolking fan de gemeente.

Der binne hjoed de dei, neffens in ûndersyk út 1998, noch sa'n 2.250 minsken dy't it Sealterfrysk sprekke kinne, mar dêrfan behearskje mar sa'n 1.000 lju dy taal echt goed. Dy minsken hearre fansels foar it grutste part by de âlderein, mar bemoedigjend is, dat neffens guon tellings it tal Sealtersktaligen wer stadichoan oan it tanimmen is.

As men as sprekkerstal 2.250 oanhâldt, kin men sizze dat 19,6% fan de likernôch 11.500 ynwenners fan Sealterlân tsjintwurdich de eigen taal noch sprekt. Dat liket net in soad, mar men moat wol foar it ferstân hâlde dat hast 70% fan de tsjintwurdige ynwenners fan Sealterlân harren dêr sûnt de Twadde Wrâldoarloch nei wenjen set hawwe en dus nea Sealtersktalich west hawwe. Men soe dus sizze kinne dat der fan de 11.500 Sealterlanners mar 3.500 Sealterfriezen binne - mei mooglik nochris in 500 of sa om utens.

Mar ek ûnder de Sealterfriezen is de eigen taal yn it neigean rekke. Sa sprekt fan de âldste generaasje ynwenners fan Sealterlân (berne foar 1940) noch 35% Sealterfrysk, wylst fan de jongste generaasje (berne nei 1970) noch mar 16% de taal machtich is. Boppedat jout tsjintwurdich net mear as in fjirde part fan de Sealtersktaligen de eigen taal troch oan de bern. Dat komt foar in grut part mei om't mar 15% fan de houliken fan Sealterfriezen mei in Sealterfryske partner sletten wurde. Oars sein: 85% fan de houliken fan Sealterfriezen binne mei in partner dy't fan hûs út Nederdútsk- of Dútsktalich is.

De measte Sealterfriezen steane ridlik oant tige posityf foar harren taal oer en in protte fan harren binne lid fan de Seelter Buund (it "Sealtersk Bûn"), yn it Dútsk Heimatverein Saterland ("Streekferiening Sealterlân") neamd. Dy Seelter Buund is de spille fan it Sealterfryske taal- en kultueraktivisme, al rekkenet dy it Sealterlânske Nederdútsk ek ta syn wurkgebiet.

Offisjele erkenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twatalige plaknammen yn 't Sealterlân. Hjir it komboerd oan de noardside fan it doarp Skäddel.

Tegearre mei it Noardfrysk, it Nederdútsk en fjouwer oare talen waard it Sealterfrysk yn 1998 troch it Dútske regear opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeeske Ferdrach foar Regionale of Minderheidstalen. Lykwols lykje de Dútske federale oerheid en de Nedersaksyske dielsteatsregearing fan betinken te wêzen dat de ûndergong fan it Sealterfrysk net mear op te kearen is en se hawwe oant no ta dan ek net in protte jild of enerzjy oan bestege om dat foar te kommen.

Wat it offisjele gebrûk fan it Sealterfrysk yn Sealterlân sels oangiet, kin men op it gemeentehûs op alle ôfdielings yn it Sealterfrysk te wurd stien wurde. Ek kin it boargerlik houlik yn Sealterlân sûnt koarten yn it Sealterfrysk sletten wurde. Ek binne no de Sealterfryske nammen ek op de plaknammebuorden oanjûn (en yn it ferlingde dêrfan ferskine hjir en dêr Sealterfryske oantsjuttings op huzen).

Domeinenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Frysk ûnderwiis yn Dútslân.

Der binne yn Sealterlân fiif beukerskoallen, twa yn Roomelse en ien elk yn Skäddel, Strukelje en Seedelsbierich. Tsjintwurdich wurdt op al dy fiif beukerskoallen it Sealterfrysk brûkt. Elk fan de fjouwer doarpen yn de gemeente hat ek in legere skoalle, dêr't yn de earste trije klassen teminsten ien oere yn de wike lesjûn wurdt yn it Sealterfrysk, troch de ûnderwizers en/of frijwilligers fan de Seelter Buund. Yn de neisimmer fan 2011 sille alle pjutteboartersplakken en twa basisskoallen twatalich wurde. De dielsteat Nedersaksen, de gemeente Sealterlân en lokale bedriuwen hawwe in oerienkomst dêroer sletten. Foar de dosinten komt der in aparte kursus om it lesjaan yn it Sealterfrysk mooglik te meitsjen.

Foar middelber en heger ûnderwiis moatte de Sealterlanners bûten de gemeente wêze en dêr wurdt fansels gjin Sealterfrysk ûnderwiisd. Wol is der in Volkshochschul ("Folkshegeskoalle"), dy't alle jierren in Sealterfryske kursus foar tritich minsken oanbiedt. Oan de universiteiten fan Göttingen, yn súdeastlik Nedersaksen, en Kiel, yn Sleeswyk-Holstein, wurde kolleezjes oer it Sealterfrysk jûn.

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Seelterfräiske Kulturhuus, ek studio fan de Sealter Utstjoering

De "General-Anzeiger", fan Rhauderfehn, en de "Nordwest-Zeitung", fan Aldenboarch, ferskine geregeldwei artikels yn of oer it Sealterfrysk. Ek op de regionale tillefyzje-stjoerder NDR (Norddeutscher Rundfunk - "Noarddútske Omrop"), dy't hiele Noard-Dútslân, fan de Nederlânske oant de Poalske grins, fersoarget, wurdt út en troch oer it Sealterfrysk berjochte. It radiostasjon Ems-Vechte-Welle hat om de twa wiken op snein it Sealterfryske radioprogram middeeges fan 11:00 oant 13:00.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Sealterfryske literatuer.

Yn de 19e iuw skriuwe taalûndersikers oer it Sealterfrysk. Guon dêrfan sammelen sprekwurden dy't se yn harren wurken publisearren. Literêre wurken ferskine earst yn de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw. Fan 1953 oant en mei 1965 wurde krantestikken skreaun yn de 'General Anzeiger', dy't letter sammele binne yn it Lesebouk foar Seelterlound. It tydskrift Seelter Trjoue ferskynde fan 1966 oant en mei 1972 en kin as opfolger fan it Lesebouk sjoen wurde. Sawol yn it Lesebouk as yn de Seelter Trjoue binne literêre stikken publisearre fan minsken dy't ek sels boeken yn it Sealterfrysk skreaun hawwe. De measte literêre wurken befetsje benammen poëzij en koarte ferhalen. In tige produktive skriuwster is Margaretha Grosser, dy't foaral berneboeken en ferhalebondels skreaun hat.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teminsten ienris yn de twa jier wurdt der hjoed-de-dei yn it roomske Sealterlân in mis yn it Sealterfrysk holden.

Fierders hat dr. Marron Fort dwaande west mei it oersetten fan de Psalmen en it Nije Testamint yn it Sealterfrysk. Dêrby hie er te krijen mei nuveraardige swierrichheden om't er wurden oersette moast dêr't gjin Sealterfrysk wjergader foar wie. Reden dêrfan wie dat dy wurden yn de lytse isolearre plattelânsmienskip nea nedich wienen. Foarbylden dêrfan binne "skipbrek", "stânbyld" en "moardner" (yn de hiele skiednis fan Sealterlân is mar ien moard bekend). En ek de filosofyske bespegelings fan de apostel Paulus yn syn brieven soargen foar frijwat swierrichheden by it oersetten.

De Sealterfryske Psalmen en it Nije Testamint binne trouwens net allinne ornearre foar de Sealterfriezen, mar foar it hiele eardere Fryske gebiet tusken de Lauwers en de Weser, sadat taalbewuste lju dêr harren âlde taal besjen kinne. Dêrom stiet foaryn it mânske wurk dan ek: "Dät näie Tästamänt un do Psoolme in ju aasterlauwers fräiske Uurtoal fon dät Seelterlound, do Groninger Umelounde, Aastfräislound, dät Jeverlound un Butjoarlound" ("It Nije Testamint en de Psalmen yn de Easterlauwersk Fryske oertaal fan Sealterlân, de Grinzer Ommelannen, East-Fryslân, Jeverlân en Bûtjadingen").

Undersyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Frisistyk.

It Sealterlân wie troch syn isolearre posysje yn it lânskip en de dêrút ûntstiene eigenheden al sûnt de 19e iuw in reisdoel foar ûndersikers. Al yn it jier 1794 skriuwde de antropolooch Mauritz Detten nei in besite oan it Sealterlân oer de Sealterfriezen. Hy omskriuwde de taal as in 'Platdútsk dat bedoarn wie' en sette wat wurden op skrift. Wat wiidweidiger is de reisbeskriuwing fan predikant Johann Gottfried Hoche yn syn wurk Reise durch Osnabrück und Niedermünster in das Saterland, Ostfriesland und Gröningen dat yn 1800 ferskynd is. It Sealterfrysk joech er bysûnder omtinken yn in apart haadstik en omskriuwde de taal as it 'âldste [dialekt] fan Dútslân en de boarne fan it Ingelsk, Nederlânsk, Aldsaksysk en Platdútsk'.

Yn it jier 1836 ferskynde it wurk Onze Reis naar Sagelterland fan de Westerlauwerske Friezen Hettema en Posthumus, dêr't aardich wat Sealterske wurden yn sammele binne. It wurk jout in romantysk byld en net sa wittenskiplik fan ynhâld. Yn it jier 1846 hold de East-Fryske teolooch Johann Friedrich Minssen ferskate moannen yn it Sealterlân ta. Syn beskriuwing fan it Sealterfrysk wie tige krekt makke en hy sammele dêrneist teltsjes en sprekwurden. In part fan syn ûndersyksresultaten publisearre Minssen yn it tydskrift Friesisches Archiv. It grutste part fan syn wurk is nei de Twadde Wrâldkriich weromfûn en útjûn.

De stifter fan de moderne Frisistyk, Theodor Siebs, hold him ek dwaande mei it Sealterfrysk. Syn wurken oer de taalskiednis fan it Frysk en de ûntjouwing fan it Anglo-Frysk wurde hjoed-de-dei noch hieltyd brûkt. Hy bestudearre alle Fryske tongfallen dy't yn syn tiid praat waarden. Dêrneist joech er wiidweidich omtinken oan it Sealterfrysk. Ek it lêste wurk fan Siebs, dat yn it jier 1934 ferskynde, gong oer it Sealterlân.

Nei de Twadde Wrâldkriich hawwe Pyt Kramer en Marron Curtis Fort in soad ûndersyk nei it Sealterfrysk dien. De Westerlauwerske Fries Pyt Kramer joech doe't er 25 jier wie in Sealterfrysk wurdboek út (1961), yn 1992 ferskynde de earste bân fan it 'Näi Seelter Woudebouk'. Yn 1996 ferskynde noch in 'Woudelieste Düütsk-Seeltersk' en yn 1982 ferskynde er in lyts spraakleare fan it Sealterfrysk. Kramer die neist ûndersyk ek in soad foar it behâld fan de taal. Fan 1966 oant en mei 1972 joech et it tydskrift Seelter Trjoue en noch ferskate oare wurken út, lykas Minssen syn wurk dat nei de Twadde Wrâldkriich weromfûn waard.

De Amerikaanske germanist Marron Curtis Fort begûn yn de santiger jierren fan de tweintichste iuw mei syn ûndersyk fan it Sealterfrysk en krige yn it jier 2003 de learstoel Leechdútsk en Sealterfrysk oan de universiteit fan Aldenboarch. Mei Hermann Dumstorf skriuwe hy in Sealterfrysk wurdboek, dat yn 1980 ferskynde. Dêrneist joech Fort de boeken Saterfriesisches Volksleben (1985) en Saterfriesische Stimmen (1990) út. Hy hat ek it Nije Testamint en de psalmen nei it Sealterfrysk oerset (2000).

Foarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1 Seeltersk is ne Wäästgermaniske Sproake, ju fon sowät 2.200 Moanskene boald wäd in Seelterlound in dät Wääste fon Ooldenbuurich (Niedersachsen), sun 50 km uur dät holloundske Scheed bi Näischans.

2

  • Sealtersk: Die Wänt strookede dät Wucht uum ju Keeuwe un oapede hier ap do Sooken.
  • Noardfrysk (Mooringer): Di dreng aide dåt foomen am dåt kan än mäket har aw da siike.
  • Westerlauwersk Frysk: De jonge streake it famke om it kin en tute har op de wangen.
  • Eastfrysk Leechdútsk: De Jung straktde dat Wicht üm't Kinn to un tuutjede hör up de Wangen.
  • Âldgrinslânsk: Der Jung strookde daet Wicht umme tsiin to unde tuude ier up Zeuken
  • Nijgrinslânsk: t Jong fleerde t wicht om kinne tou en smokte heur op wangen
  • Nederlânsk: De jongen aaide het meisje om de kin en kuste haar op de wangen.
  • Dútsk: Der Junge streichelte das Mädchen ums Kinn und küsste sie auf den Wangen.
  • Ingelsk: The boy caressed the girl round the chin and kissed her on the cheeks.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmkes
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Sealterfryske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ut de wurdlist dy't opnommen is yn it boek Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger. 1996. Ljouwert: Fryske Akademy & Aurich/Auwerk, Ostfriesische Landschaft
  2. [1] Saterfriesisch in der Schule
Symbol support vote.svg