Strukelje

Ut Wikipedy
Strukelje
Strücklingen
Dûbeltalich plaknammeboerd
Dûbeltalich plaknammeboerd
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Kloppenburch (distrikt)
Sifers
Ynwennertal 3.220 (2019)
Stêdekloft n.f.t.
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2

Strukelje of Struukelje (Dútsk: Strücklingen) is in doarp en eardere gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Yn 1974 waard de gemeente part fan de nije gemeente Sealterlân yn it Landkreis Kloppenburch. It is it noardlikste doarp fan it Sealterlân.

It dialekt fan Stukelje is it noardlikste dialekt fan it Sealtersk. De âldste foarm fan de namme Strukelje is fan 1473: struklinge. De útgong -linge hat him letter ta -lje ûntwikkele.

Ta it doarp heart ek de buorskip Uutände Yn 'e Midsiuwen stie dêr de tsjerke, dy't faaks noch âlder as Strukelje sels wie. Fierders hearre ek de buorskippen Baaljene, Bieuwelte, Strukelje-West, Wietsound, Ubbehusen en Boukeläsk (kleaster) ta it doarp.

Oan de westkant fan Strukelje leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Strukelje leit oan de Dútske Feanrûte.

Sealterfryske strjitnammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Strouts Wai (wei)
  • Wübbethun (tún)
  • Ockethun (tún)

Boargemasters fan Strukelje fan 1832-1974[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1832 - 1857 - H. Ahlrich Fugel
  • 1857 - 1881 - Ahlrich Ennen Schlump
  • 1881 - 1889 - Johann Bruns
  • 1889 - 1895 - Alrich Ahlrichs
  • 1895 - 1914 - Eilert Eilers
  • 1914 - 1919 - Heinrich Wilhelm Kallage
  • 1919 - 1933 - Gerhard Eilers
  • 1933 - 1948 hearde Strukelje by de gemeente Bäärsel
  • 1947 - 1948 - Ahlrich Cordes út Strukelje, boargemaster fan de gemeente Bäärsel
  • 1948 - 1954 - Anton Thien
  • 1954 - 1974 - Sixtus Schröer

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]