Bundesstraße 72
Bundesstraße 72 | |
---|---|
Langte: | 132 km |
Kaart | |
De Bundesstraße 72 (B72), byneamd de Ostfriesen Highway, is in Dútske Bundesstraße yn dielsteat Nedersaksen, dy't yn 'e hjoeddeistige foarm yn 'e 1960-er jierren oanlein waard. De B72 rint fan de A1 by Cloppenburg oer Friesoythe en Auwerk nei de Noardseekust by Norddeich.
Tusken de oansluting mei de A1 en Cloppenburg is de B72 útfierd as Kraftfahrstraße mei trije rydstripen. Fan Cloppenburg-Bethen oant Cloppenburg-Bühren as saneamde Gelbe Autobahn. Dat trasee foarmet in foarskot op de mooglike oanlis fan de A34. Dêrnei rint de B72 fierder as twastripewei oant Friesoythe wêrnei't de wei oant de oansluting op de A28 by Filsum wer útfierd is as trijestripewei. Uteinlik einiget de B72 nei inkelde stedstrochkrusings yn Norddeich.
It part tusken de oansluting op de A1 en Cloppenburg-Bühren is ûnderdiel fan de E233.