Sealter útstjoering

Ut Wikipedy
It Seelterfräiske Kulturhuus, ek studio fan de Sealter útstjoering

Sûnt 2004 bestiet de Sealter Útstjoering "Middeeges" op 'e net-kommersjele regionale stjoerder Ems-Vechte-Welle, dy't dêrta in studio yn Sealterlân hat.

De programma's yn it Sealtersk en it Platdútsk wurde sneins ienris yn 'e fjirtjin dagen útstjoerd fan 11:00 oant 13:00. Dêrby is benammen de earste oere yn it Sealtersk. Sa'n programma bestiet meastentiids út in fraachpetear oer lokale saken (toanielferiening, folksdûnsgroep) mei dêr tuskentroch muzyk.

De útstjoerfrekwinsjes foar antenneûntfangst binne:

  • Molbergen: 99,30 MHz
  • Nordhorn: 95,20 MHz
  • Lingen: 95,60 MHz

Op 'e thússide fan de stjoerder fynt men de kabelfrekwinsjes

Foar ynteressearren fierder fuort is fan belang dat men de útstjoerings ek oer ynternet ûntfange kin.

De programma's foar de kommende fjouwer wike fynt men hjir.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]