Springe nei ynhâld

Iemsfrysk

Ut Wikipedy
It ferspriedingsgebiet fan it Eastfrysk, it Iemsfryske taalgebiet hat lein yn it griene gebiet, lofts fan de reade line. Rjochts it gebiet fan it Wezerfrysk

It Iemsfrysk is in Eastfrysk dialekt dat hast hielendal útstoarn is. Op syn beurt wie it Iemsfrysk wer opdield yn ferskate oare dialekten, lykas:
it Auricherlânsk, Brokmerlânsk, Noarderlânsk, Emsigerlânsk, Moarmerlânsk, Reiderlânsk, Borkumersk en Baltrumersk. It ienichste noch libbene dialekt fan it Iemsfrysk, it Sealtersk, wurdt hjoed de dei noch sprutsen yn it Sealterlân.

De taalfariant waard sprutsen yn East-Fryslân, útsein Harlingerlân, de Grinslanner Ommelannen en op de Fryske eilannen Boarkum, Nordeneach, Júst en Baltrum.

It Iemsfrysk rekke tsjin ‘e midden fan de 17e iuw hielendal útstoarn yn East-Fryslân. It lêste plak dêr’t nei alle gedachten Iemsfrysk sprutsen waard wie it doarp Upgant. Dêr waard oant yn 1632 noch Iemsfrysk sprutsen.

Bûten East-Fryslân hat it Iemsfrysk oerlibbe yn Sealterlân. Dêr wurdt no noch troch sa’n 2.250 minsken Sealtersk sprutsen. It Sealtersk hat dêr oerlibje kinnen omdat Sealterlân lange tiid tige isolearre west hat fan de omkriten, om't it mids de heechfeansompen lei.