Springe nei ynhâld

Wezerfrysk

Ut Wikipedy
It ferspriedingsgebiet fan it Eastfrysk, it Wezerfryske taalgebiet hat lein yn it griene gebiet, rjochts fan de reade line. Lofts it gebiet fan it Iemsfrysk

It Wezerfrysk wie in Eastfrysk dialekt dat earder yn in part fan it Fryske gebiet yn it hjoeddeiske Dútslân sprutsen waard. Wêr't it Iemsfrysk al yn de midden fan de 17e iuw hast folslien útstoarn wie yn East-Fryslân slagge it Wezerfrysk deryn langer yn it gebiet te oerlibjen. Dochs ferdwûn ek it Wezerfrysk tsjin 1700. Yn Jeverlân wie oant 1568 dûmny Meinard Focken yn it doarp Heppens, dat letter folslein opslokt waard troch Wilhelmshaven, noch de lêste dy't yn it Frysk preke.

Yn Imsum, yn it lân Woersten, waard yn alle gefallen noch yn 1723 Frysk sprutsen. Boppedat bestiet der ûnomstjitlik bewiis dat om 1750 hinne by in begraffenis yn it lân Woersten de famylje-âldste by in lykrede it neiwurd yn it Frysk hold. Mooglik wienen dat de lêste wurden dy't ea yn it Woerstfryske dialekt sprutsen waarden, want as omgongstaal waard dat doe al tsientallen jierren net mear brûkt.

Yn Harlingerlân, yn it noardeasten fan East-Fryslân, skynt yn 'e omkriten fan 'e doarpen Wittmund en Esens noch om 1800 hinne in âlde frou west te hawwen dy't it Frysk machtich wie. It langst hold it Wezerfrysk it lykwols út op it Waadeilân Wangereach, dêr't de lêste sprekker, in âld-seeman, pas yn 1954 kaam te ferstjerren.

Wezerfrysk Yn july 1935 is der in "Opa Christians" op Wangereage ferstoarn yn 'e âldens fan 92 jier. K. Fissen (1951, s.138) fan Aldenboarch praatte mei him yn it Jeverlanner Platdútsk, mar mei syn wiif, ek fan Wangereage, praatte de âldman yn 'e Wangereage tongslach mei wurden en in sinbou dy't tichteby it Aldfrysk stiene. It praten yn 'e Wangereachske tongslach neamden de ynwenners "quiddern", en yn it hjoeddeiske Sealterlân hawwe hja it noch oer "kweede". De lêste Wangereagers brûkten har Fryske tongslach efter sletten doarren as skammen se har dêrfoar. De lêste Fryskprater fan Wangerooge wie Hayo Hayen, ferstoarn yn Varel op 22 novimber 1950 (Siebs 1928, s.104).

  • N.M. Postema, Om 'e wivedei hinne, kreambrûkmen yn 'e trije Fryslannen, (Koperative Utjowerij, Boalsert), 1984, side 169.