Hermann Janssen
Appearance
Hermann Janssen, (8 oktober 1888 - 5 april 1971, Roomelse) wie in Sealterfryske skriuwer. Hy wie nei Gesina Lechte-Siemer de earste Sealterfries dy't it belang fan it behâld fan de eigen taal ynseach. Hy begûn mei it Lesebouk foar Seelterlound (1953-1965) yn de regionale krante, de General Anzeiger. Dät Ooldenhuus wie in útjefte fan Hermann Janssen dat yn 1964 publisearre wurden is. Hy hie ek mei Pyt Kramer foar de Seelter Trjoue skreaun, wêrfoar meardere ûnbekende Sealterfriezen literêre saken skreaun hawwe.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Däär was iensen 'n oold Wieuw, nei it Sealtersk oerset fan Hermann Janssen, Lavermann Drachten, 1960
- Dät Ooldenhuus, Ostendorp, Westrhauderfehn 1964
- Ne Koare ful Spoas, Seelter Trjoue, 1972
- Lesebouk foar Seelterlound, 1953-1965
- Seelter Trjoue, Tidschrift foar alle Seelter, Hermann Janssen en Pyt Kramer, 1966-1972
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Däär was iensen 'n oold Wieu, 1960
-
Dät Ooldenhuus, 1964
-
Seelter Trjoue, Simmer 1969