Springe nei ynhâld

Wangereagersk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wangereager Frysk)
Wangereagersk
algemien
oare namme(n) Wangereachsk, Wangereager Frysk
lânseigen yn Wangereach
tal sprekkers ~300-400 (om 1800, 1950 útstoarn)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Eastfrysk
           ● Wangereager Frysk
dialekten wierskynlik gjin
taalstatus
offisjele status gjin (útstoarn)
Lokaasje fan it eilân Wangereach.

It Wangereagersk wie in Frysk dialekt dat sprutsen waard op it Dútske Waadeilân Wangereach. It dialekt is yn 1950 foarfêst útstoarn. Hjoed de dei binne der noch mar in pear minsken dy’t it dialekt praten heard hawwe. Dochs is der in protte oer it dialekt bekend omdat der in protte dokumintaasje oer it Wangereagersk oanwêzich is.

Terreinferlies fan it Frysk. It Wangereachsk is read ynkleure (útstoarn nei 1900).

It Wangereager Frysk heart ta de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't bygelyks ek talen as it Frânsk, Gryksk, Russysk, Perzysk en Hindy omfiemet. Mei û.m. it Deensk, Noarsk en Sweedsk wurdt it ta de Germaanske talen rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks it Westerlauwersk Frysk, Dútsk, Nederlânsk en Jiddysk de Westgermaanske taalgroep. Lykwols is it Wangereager Frysk krekt as it Westerlauwersk Frysk nauwer besibbe oan it Ingelsk en it Skotsk, wêrmei't it de Noardwestgermaanske talen foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'e Angelsaksyske talen en de Fryske talen. Binnen de Fryske talen heart it Wangereagersk ta de subgroep Eastfrysk. It Eastfrysk bestiet út twa dialektgroepen: It Iemsfrysk dat yn Grinslân en westlik East-Fryslân praat waard en it Wezerfrysk dat yn it eastlike part fan East-Fryslân sprutsen waard. It Wangereagersk heart ta de Wezerfryske dialektgroep.

Taalkaart fan it Eastfrysk

Men wol wol hawwe dat de Fryske talen it naust oan it Ingelsk besibbe binne, mar noch ôfsjoen fan it feit dat men dêrby foarbygiet oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, jildt dat inkeld noch foar in oantal wurden en grammatikale eigenheden. Yn 'e midsiuwen wiene it Aldfrysk en it Aldingelsk (of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid. Ien fan 'e wichtichste ferskillen is datoangeande de ûnbidige ynfloed dy't it Frânsk sûnt de Normandyske ynfaazje fan 1066 op it Ingelsk útoefene hat, wylst it Wangereager Frysk reedlik konservatyf oerlevere waard. De taal dy't de measte ynfloed op it Wangereager Frysk hân hat is it Nederdútsk.

It Noardfrysk, Westerlauwersk Frysk en it Eastfrysk binne sûnt de midsiuwen har eigen paad gien, en binne no (sûnder foarkennis) al lang net mear ûnderling fersteanber. De Eastfryske tongfallen Sealterfrysk en Wangereager Frysk wienen mooglik ûnderling wol foar in part fersteanber, hoewol't it Sealterfrysk ta de Iemsfryske dialektgroep hearde en it Wangereager Frysk ta de Wezerfryske dialektgroep. It Sealterfrysk en it Wangereager Frysk binne de iennichste twa dialekten fan it Eastfrysk (of Easterlauwersk Frysk), dy't de 20e iuw helle hawwe. Hjoed-de-dei is it Sealterfrysk it iennichste noch libbene dialekt fan it eardere Eastfrysk en wurdt yn it Sealterlân praat.

Ferlykje de folgjende wurden yn it Wangereager Frysk, it Sealterfrysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn it Mooring-dialekt), it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn it Fering-dialekt) en it Westerlauwersk Frysk:

taal foarbyldwurden
Wangereager Frysk[1]: haud farhaud uug naazii tuut tusk kinback soke oor quiddër uuz fiaur
Sealterfrysk: Kop Stierne Oge Nose Mule Tusk Keeuwe Soke Oor kweede uus fjauer
Noardfrysk:
(Mooring)
hood foorhood uug noos müs täis kan siik uur seede üs fjouer
Noardfrysk:
(Fering)
hood föörhood uug nöös mös tus kan sjuuk uar sai üs fjauer
Westerlauwersk Frysk: holle foarholle each noas mûle tosk kin wang ear sizze ús fjouwer

Ut de Aldfryske tiid binne gjin skriftlike oerleveringen fan it eilân Wangereach bewarre bleaun. Mei de beide saneamde Rustringer hânskriften fan om it jier 1300 (it Asegaboek en in oare rjochtstekst) binne der lykwols teksten út it Wezerfryske dialektgebiet bewarre bleaun, wêrfan't de taalfoarm wierskynlik hiel bot op it Aldwangereachsk like.[2]

Histoaryske kaart út 1805, doe't it Wangereagersk troch krapoan 1000 minsken sprutsen waard.

Yn de 19e iuw wie it Eastfrysk (of Easterlauwersk Frysk) al sûnt generaasjes ferdwûn en troch Nederdútske dialekten ferfongen. Allinnich yn twa ôfhandich lizzende gebieten koe it Easterlauwersk Frysk oerlibje. Dat wienen it Sealterlân, dêr't it Sealterfrysk noch altiten libbet, en it eilân Wangereach. Troch syn isolearre lizzing wie it Frysk dan ek lange tiid de iennichste taal op it eilân en dus de deistige omgongstaal.

De situaasje fan it lytse tal sprekkers, minder as 1.000 minsken, wie oant it midden fan de 19e iuw stabyl. Dat feroare hurd neidat yn de winter fan 1844 op 1845 it eilân troch ferskillende stoarmfloeden troffen waard en de eilânbewenners evakuearje moasten. Fan de oarspronklike befolking wennen yn 1861 noch mar 84 minsken op it eilân. De measte ynwenners fan Wangereach ferhuzen permanint nei Varel op de fêstewâl, dêr’t hja in nij doarpke stiften mei de namme Nij-Wangereach. Doe't it eilân mei help fan it regear fan 1863 ôf wer opboud waard, kamen der benammen net-Frysktaligen op it eilân te wenjen. Troch it útinoar fallen fan de Wangereager taalmienskip koe it Wangereachsk op de lange termyn net mear oerlibje. Dochs koe it Wangereachsk noch in oantal desennia op de fêstewâl en op it eilân bestean bliuwe. De lêste sprekker op it eilân stoar yn 1930 en de lêste sprekker op de fêstewâl stoar yn 1950. Dêrmei wie de taal definityf útstoarn.

De jurist en amateur taalwittenskipper Heinrich Georg Ehrentraut (1798–1866) út Jever begûn yn de earste helte fan de 19e iuw mei it ûndersykjen en doelmjittich fêstlizzen fan it Wangereagersk. Syn oanpak wie reedlik wittenskiplik te neamen. Noch foar de stoarmfloeden koe hy in omfangrike tekstsamling fan it Wangereager Frysk fêstlizze. Syn ûntdekkingen en tekstsamlingen makke er wrâldkundich yn de rige Friesisches Archiv. Yn de 1990'er jierren waard troch Pyt Kramer noch in omfangryk en net-publisearre diel fan it Friesisches Archiv weromfûn. Troch de beide dielen fan it Frysk argyf fan Ehrentraut is it Wangereager Frysk reedlik goed dokumintearre.

Haadwurd & lidwurd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Wangereagersk makket, krekt as it Sealterfrysk, ûnderskied tusken manlike en froulike haadwurden. It lidwurd dan is manlik, dju is froulik en dait is ûnsidich. Foar it meartal wurdt da brûkt.

Geslacht Iental Meartal
manlik dan mon (de man) da monsliuud (de manlju)
froulik dju faun (it famke) da faunêr (de famkes)
ûnsidich dait bên (it bern) da bêner (de bern)

Yn de útspraak fan it froulik lidwurd 'dju' waard de d faak net útsprutsen, dat de útspraak wie gauris 'jû' (fgl. Sealterfrysk: ju). By guon wurden heart it fêste lidwurd 'der': 'der dûvel' (de duvel), 'nâ der dúnen' (nei de dunen), 'îk wul nâ der tûn gung' (ik wol nei de toer gean). Yn somlike gefallen falt it lidwurd hielendal fuort: 'nâ bâd' (nei bêd), 'up tâfel' (op tafel), 'up stôl' (op 'e stoel), 'up schip' (op 't skip).[3]

It Wangereagersk makket ûnderskie tusken trije geslacht: Manlik, froulik en ûnsidich. Neffens Ehrentraut is it geslacht fan in Wangereager wurd lang net altiten dúdlik. Dêrtroch kin in haadwurd meardere geslachten hawwe. Yn Ehrentraut syn wurdlist is per wurd oanjûn hokker geslacht, of geslachten, it haadwurd hawwe kin. Unsidige wurden binne yn alle gefallen wurden dy't in mannichte of soarte oanjouwe: dait büter (de bûter), dait melk (de molke), dait hüver (it hjouwer). It meartalswurd dait göder (it guod) is ek ûnsidich. Unsidich binne ek de haadwurden dy't fan tiidwurden ôflaat binne: Dait süpen (it sûpen), dait spilin (it spyljen).

Meartalsfoarming

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de meartalsfoarming binne ferskate meartalsútgongen mooglik.

Meartalsútgong Iental Meartal
-s dait lídêr (it liet)
dan nummë (de namme)
da lídêrs (de lieten)
da nummës (de nammen)
-en dan kêd (de ketting)
dan minsk (it minsk)
da kêden (de kettingen)
da mínskên (de minsken)
-er dait bên (it bern)
dait bauk (it boek)
da bêner (de bern)
da baukêr (de boeken
dait gläs (it glês)
dait hûs (it hûs)
dait schip (it skip)
da glúzû (de glêzen)
da húzû (de huzen)
da schüpû (de skippen)

Somlike haadwurden bliuwe yn iental en meartal lyk, bygelyks mei 'dan wain' (de wein) en de meartalsfoarm 'da wain' (de weinen).

It Wangereager Frysk hat krekt as it Westlauwersk Frysk in oantal ûnregelmjittige meartalsfoarmen.

Iental Meartal
dan brör (broer) da bröring (broers)
dan dii (dei) da digge (dagen)
dan spilider (spiler) da spilifter (spilers)

Ferlytsingswurd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferlytsingswurd wurdt mei de suffiksen -k, -ken, -iik en -uuk makke.

Suffiks Ferlytsingswurd
-k fliinerk (flinterke)
-ken düünken (deuntsje, liet)
-iik biitiik (bytsje)
-uuk drupuuk (dripke)

It suffiks -k wurdt taheakke oan wurden dy't op -el of -er einigje en wierskynlik ek oan wurden dy't út it Nederdútsk ûntliend waarden. Foar it gebrûk fan de ferlytsingssuffiksen -iik en -uuk binne de regels net dúdlik. It typearjende oan de Wangereager ferlytsingswurden is, krekt as by de Noardfryske eilândialekten, it geslacht dat net feroaret. Yn it Frysk, Dútsk, Nederlânsk en Nederdútsk wurde haadwurden nei ferlytsing ûnsidich, mar yn it Wangereagersk hâldt it ferlytsingswurd it oarspronklike geslacht fan it haadwurd.

Persoanlik & besitlik foarnamwurd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Loftfoto fan Wangereach
Persoanlik fnw.wurd Besitlik fnw.wurd
Persoan Underwerpfoarm Objektfoarm
1e iental ik mi min
2e iental di din
3e iental hi (manlik)
yu (froulik)
et (ûnsidich)
him, hiri sin (manlik)
hiri (froulik)
1e meartal wi us us
2e meartal yum yo yo
3e meartal ya yam yar

Oanwizend foarnamwurd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast foarkommende oanwizende foarnamwurden binne: 'dit' (dit), 'din' (dit), 'dat' (dat), 'dize' (dizze) en 'dis' (dizze). Konstruksjes mei sülvig binne: 'dan sülvig' (deselde), 'dju sülvig' (deselde) en 'dait sülvig' (itselde). Ynstee fan de niisneamde oanwizende foarnamwurden kinne ek de lidwurden 'dan', 'dju', 'dait' en it meartal 'da' brûkt wurde as oanwizend foarnamwurd. It wurdsje 'sucks' (soks) of 'sucks än' (sa'n/sa'nien) feroaret net.

Betreklik foarnamwurd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De betreklike foarnamwurden binne 'dèr/der' en 'dé'.

Wangereager Frysk Westerlauwersk Frysk
Dé in de hil wul, dèr mut der düvel tö frün höl. Wa't yn de hel wol, dy moat de duvel te freon hâlde.
Dan mon, dér... De man, dy't...
Dait wüf, dér ik dait fon krigin häb. De frou, fan wa't ik dat krigen haw.
Da fauner, der ik bläuket häb. De famkes, dy't ik sjoen haw.

Freegjend foarnamwurd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De freegjende foarnamwurden binne 'wô' (wa), 'hu' (hoe), 'woneer' (wannear), 'wolk' of 'wólker' (hokker), 'wut' (wat), 'wutfar' (watfoar) en 'weeruum' (wêrom).

It eigenskipswurd wurdt ornaris net bûgd: dan göd mon (de goede man), dä göd liüd (de goede lju), djü göd faun (it goede famke), dait göd bén (it goede bern), da göd fauner (de goede fammen). In útsûndering is: än göden mon (in goede man).

Oare bûgde eigenskipswurden binne neffens Heinrich Georg Ehrentraut ûnder ynfloed fan it Nederdútsk of Heechdútsk ûntstien: hi ärbeidert dan gänse di (hy wurket de hiele dei), da gänse diggen up schip (de hiele dagen op 't skip), ik häb de grätste deil des dis dör slipin (ik haw it grutste diel fan de dei slept).

Treppen fan ferliking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de treppen fan ferliking wurdt de fergrutsjende trep foarme mei -er en de oertreffende mei -st. By de regelmjittige treppen fan ferliking kin bytiden in lûdswiksel foarkomme.

stellende trep fergrutsjende trep oertreffende trep
breid (breed) brédder (breder) bretst (breedst)
köol (koel) käller (kâlder) kalst (kâldst)
djóp (djip) djäpper (djipper) djapst (djipst)
gröet (grut) grätter (grutter) gratst (grutst)

Dêrneist hat it Wangereagersk ek folslein ûnregelmittige adjektiven:

stellende trep fergrutsjende trep oertreffende trep
gut (goed) bétter(better) best (bêst)
fèl (folle) (mear) meist (meast)

Foar it brûken fan de wurden ien oant en mei trije is it geslacht fan belang. By manlike wurden moatte de telwurden än (ien), twein (twa) en three (trije) brûkt, foar froulike of ûnsidige haadwurden wurde ään (ien), twoo (twa) en thriuu (trije) brûkt.

telwurden
Sifer 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15
Wurd än (m.)
ään (f./û.)
twein (m.)
twoo (f./û.)
three (m.)
thriuu (f./û.)
fiaur fiiv sëx siuugn acht niuugn tjoon ánëlf twüllëf thrëttiin fiirtiin füüftiin
Sifer 16 17 18 19 20 30 40 50 60 70 80 90 100 101 1000
Wurd sëxtiin siuugntiin achttiin niuugntiin twintiig dartiig feertiig föftiig sëstiig söövëntiig tachëntiig näägëntiig hunnërt hunnërtään duuzënt

De rangtelwurden fan it Wangereager Frysk binne:

rangtelwurden
Sifer 1e 2e 3e 4e 5e 6e 7e 8e 9e 10e 11e 12e
Wurd erste
of
eerst
oor/tweinst
of
dju twoost
thrääd
of
dju thriuust
fiääd
of
dju fiaurst
fiifst sëxt siuugnst achst niuugnst tjooenst ánëlfst twüllëfst

De ynfinityf hat yn it Wangereagersk twa foarmen:

  • Ynfinityf I einiget op -e, -ii of
  • Ynfinityf II einiget op -e(n)

Hjirûnder steane de ferbûgingen foar de tiidwurden 'heer' (hearre, lústerje) en 'kumme' (komme).

Ynfinityf I Ynfinityf II
Persoan Notiid Doetiid Notiid Doetiid
ik heer heerd kumme kaum
heerst heerst kumst kaumst
hi, yu, et heert heerd kumt kaum
wi heert heerden kummet kaumen
yum heert heerden kummet kaumen
ya heert heerd kummet kaumen

Sa't men sjen kin, hie it Wangereagersk it foar Fryske talen ûngewoane ienhiedsmeartal op -t, dat oan it Nedersaksysk herinneret.

De ûnderwerpsfoarm fan it persoanlik foarnamwurd yn kombinaasje mei de helptiidwurden wize (wêze), wêr (wurde), wul (wolle) en sil (sille):

Pers. fnw.wurd wize ‚wêze‘ wêr ‚wurde‘ wul ‚wolle‘ sil ‚sille‘
ik sin wêr wul sil
bist warst wult silt
hi (manlik)
yu (froulik)
et (ûnsidich)
is wârt wul sil
wi sint wêrt wult silt
yum sint wêrt wult silt
ya sint wêrt wult silt

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It dialekt fan Wangereach wie, trochdat it eilân relatyf isolearre wie fan de oare eilannen en de fêste wâl, bûtengewoan konservatyf. Sa hie it Wangereagersk as ienichste Westgermaanske taal oan de eastkant fan de Noardsee de ‘th-‘ bewarre. Bygelyks yn it wurd trije: Thrê. Ek in protte einlûden sûnder klam wienen bewarre bleaun yn it dialekt. Bygelyks yn it wurd schüpu dat skippen betsjut. Dat komt yn de Germaanske talen fierder allinnich foar yn it Yslânsk, it Faeröersk en de Heechstalemannyske dialekten.

Wangereach hat, krekt as it Sealterlân, binnen de regio East-Fryslân in isolearre posysje. Krekt as it Sealterfrysk hat it Wangereagersk in protte wurden út it Aldfrysk holden, bygelyks it wurdsje 'quiddêr' (prate). Lykwols binne ferskate wurden troch de tiid wol feroare, bygelyks de Aldfryske wurden 'herna' (herne) en 'bern' (bern) dy't yn de 19e iuwske Wangereager wurdskat respektyflik foarkomme as 'heen' en 'been'. Yn Ehrentraut syn wurken wurde gauris ferlikingen mei oare talen makke. De oerienkomsten mei de oare Fryske talen en it Aldfrysk wurde regelmjittich oanjûn.

De frjemde taal dy't noch de measte, dochs beskieden, ynfloed op it Wangereachsk hân hat, is it Nederdútsk. It Wangereagersk hat ferskate wurden en útdrukkingen út it Nederdútsk oernommen. Der binne yn it wurk fan Ehrentraut hast gjin Heechdútske ynslûpsels te finen yn it Wangereagersk. Der binne ek hast gjin ynternasjonalismen of anglisismen yn it Wangereagersk. De reden dat it Wangereagersk sa'n bytsje fan oare talen oernommen hat, hat net allinnich mei de isolearre lizzing fan it eilân te krijen, mar ek mei de tiid wêryn't it Wangereagersk dokumintearre is, healwei de 19e iuw.

Troch de tiid hinne binne ferskillende wurdlisten fan it Wangereagersk makke. De earste wurdlist fan U.J. Seetzen is út 't jier 1799 en telt hast 700 wurden. Benammen Heinrich Georg Ehrentraut hat tûzenen wurden op skrift set en ferwurke yn in mânske wurdlist. Dêrneist hat Theoder Siebs en oare ûndersikers wurden opskreaun en wurdlisten makke. Lykwols is der noch net ien wittenskiplik of praktysk wurdboek fan it Wangereager Frysk ferskynt.

Yn de ferskillende wurdlisten binne de Wangereager wurden op ferskillende wizen stavere. Yn dy wurdlisten wurde ek ferskillende diakritysk tekens brûkt om bepaalde lûden of lûdkombinaasjes wer te jaan.

Oerienkomsten mei it Sealterfrysk & Noardfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Wangereagersk liket noch de measte oerienkomsten mei it Sealterfrysk te hawwen. It binne beide farianten fan it Eastfrysk. Ferlykje yn it ûndersteande ferhaaltsje de sinnen (sinsdiel foar sinsdiel yn in tabel) yn it Wangereager Frysk en Sealterfrysk:

taal foarbyldsinnen
Wangereager Frysk: Miin Oopel weer 'n fariinsmon, dee wunnet up Wangerooch. Dait weer nuu wail soo uum 't Jier achtiinhunnert threttiin, fjirtiin.
Sealterfrysk: Min Bääsjebabe waas aan Skipper, die woonte ap Wangerooch. Dät waas nu wäil so uum‘t Jier tachentichhundert trättien, fjautien.
taal foarbyldsinnen
Wangereager Frysk: Wii haiden Kriich mit de Fransoozen, un de Engelsen weeren up 'e Oostsee. Daa lai eenes Diis miin Oopel mit siin Schip
Sealterfrysk: Wie hieden Kriech mäd do Fransoosen, un do Ängelsken wieren ap de Oostsee. Deer lai eenes Deeges mien Bääsjebabe mäd sien Skip
taal foarbyldsinnen
Wangereager Frysk: in de Wiizder far Anker. Dee must hooch Watter auftaiw, un hii un siin Liuud haiden jam dilleliin too slaipen.
Sealterfrysk: in de Wätser foar Anker. Die moast hooch Woater aptäiwe, un hie un sien Ljude hieden sik deellain tou släipen.

It wurdsje 'jam' wurdt yn it Sealterfrysk mei 'sik' oerset. It weromwurkjend foarnamwurd 'jam' (Westerlauwersk Frysk; 'him'/'har'/'jin') komt neist it Wangereagersk allinnich yn it Noardfrysk foar.

Fan it Wangereagersk is relatyf in soad oerlevere. Der binne tûzenen wurden oerlevere, de morfology is omfangryk beskreaun en mei de oerlevering fan talrike teksten kin de syntaksis goed bestudearre wurde.

Friesisches Archiv

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heinrich Georg Ehrentraut (1798–1866) út Jever rjochte it tydskrift Friesisches Archiv (Frysk Argyf) op mei de bedoeling om dêr in ynter-Frysk foarum foar taal- en skiedniswittenskip fan te meitsjen. Hy en syn neef Johann Friedrich Minssen wienen de iennichste twa autoaren dy't skreaunen foar it Friesisches Archiv (FA). De earste bân fan it FA ferskynde yn 1849 nei it ferskinen fan de twadde bân yn 1854 waard it projekt opheve. Lykwols hat Ehrentraut yn de beide bannen in soad sammele oer it Wangereagersk, te witten:

In tekst yn it Wangereagersk út in bân fan it Friesisches Archiv (Frysk Argyf).
  • in koarte lûdlear
  • ynformaasje oer de ferbûgingen fan haadwurden en foarnamwurden
  • ynformaasje oer it tiidwurd
  • list fan eigenskipswurden en bywurden
  • list fan haadwurden
  • list fan siswizen en beskriuwingen (fan ûnder oaren de skipfeart en it eilân)
  • ynformaasje oer eilanner brûkmen
  • in 'earste rige' fan mearkes

Yn 1993 fûn Pyt Kramer noch mear materiaal fan Ehrentraut oer it Wangereagersk:

  • mear mearkes, teltsjes en oersettingen
  • hast 200 siden mei sprekwurden en útdrukkingen
  • in Dútsk-Wangereagersk wurdboek

It materiaal fan Ehrentraut is net allinnich tige omgangryk, mar is ek tige betrouber as boarne foar it Wangereagersk.[4]

De âldste boarne is fan 1799 en bestiet út sa'n 700 wurden en útdrukkingen. It materiaal waard sammele troch natoerwittenskipper U.J. Seetzen. Nettsjinsteande de skriuwflaters is it materiaal fan grut belang omdat it in âldere taalfase sjen lit as yn Ehrentraut syn wurk. Yn de wurdlist stiet bygelyks it wurd 'jehren' (jern), dat sa'n 40 jier letter yn Ehrentraut syn wurk as 'jeen' opskreaun is.

Theodor Siebs hat ek in wichtige rol hân yn it ûndersyk fan it Wangereagersk. Syn wurk wie foaral oriïntearre op it histoarysk-fonologyske en histoarysk-morfologyske mêd. Siebs syn wurk ferskynt sa'n 50 jier nei it Friesisches Archiv fan Ehrentraut. Dêrtroch wurde inkelde talige ûntwikkeling yn it Wangereagersk dúdlik.

Foar de fonetyk is it net-publisearre materiaal fan Otto Bremer yn de Landesbibliothek Kiel fan belang. Krekt as Ehrentraut hat hy de geminaasje yn it Wangereagersk waarnommen. Sawol Siebs as Bremer hawwe lûdsopnamen makke fan it Wangereagersk.[5]

  • Ehrentraut, Heinrich Georg: "Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger". Friesisches Archiv 1, 3-109, 338-416 (1849) en 2, 1-84 (1854).
  • Ehrentraut, Heinrich Georg: “Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger”. Dit boek is it twadde diel, op grûn fan de nij fûne hânskriften. De útjefte is fersoarge troch Arjen P. Versloot en yn 1997 útbrocht troch de Fryske Akademy. ISBN 90-6171-834-1.
  • Horst H. Munske: Handbuch des Friesischen. Utjûn troch: Niemeyer, Tübingen. ISBN 3-484-73048-X

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ut de wurdlist dy't opnommen is yn it boek Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger. 1996. Ljouwert: Fryske Akademy & Aurich/Auwerk, Ostfriesische Landschaft
  2. Arjen Versloot: Das Wangeroogische. yn: Horst H. Munske (útjouwer): Handbuch des Friesischen. Niemeyer, Tübingen 2001, Side 423.
  3. Heinrich Georg Ehrentraut. 1849. Friesisches Archiv Band 1. Side 18. Oldenburg: Schultz
  4. Arjen Versloot: Das Wangeroogische. yn: Horst H. Munske (útjouwer): Handbuch des Friesischen. Niemeyer, Tübingen 2001, Side 423-424
  5. Arjen Versloot: Das Wangeroogische. yn: Horst H. Munske (útjouwer): Handbuch des Friesischen. Niemeyer, Tübingen 2001, Side 424