Yslânsk

Ut Wikipedy

It Yslânsk (íslenska) is in Noardgermaanse taal mei omtrint 320.000 sprekkers. It is de offisjele taal fan Yslân. Histoarysk sjoen hat it twa tiidrekken hân: it Aldyslânsk en it Nijyslânsk.

It Yslânsk heart tegearre mei it Faeröersk ta de westlike of eilân-Skandinavyske talen. It is net sûnder mear te ferstean foar sprekkers fan 'e Skandinavyske talen fan it fêstelân: Noarsk, Sweedsk en Deensk.

It Yslânsk wurdt mei it Latynske alfabet skreaun, wêryn't ferskillende tekens tafoege binne: Áá, Éé, Íí, Óó, Úú, Ýý, Ðð (edh), Þþ (thorn), Ææ en Öö. De alfabetyske folchoarder is: A Á B (C) D Ð E É F G H I Í J K L M N O Ó P (Q) R S T U Ú V (W) X Y Ý (Z) Þ Æ Ö.

De spesjale letter thorn (þ) jout de klank wer dy't men ek tsjinkomt as de th yn bygelyks it Ingelske think (ûngefear as de Grykske letter Θ (theta), en de eth (ð) is dêr de stimhawwende fariant fan (as de th yn it Ingelske that of de Grykske letter Δ (delta), lykwols stiet de letter ð yn it Yslânsk noait oan it begjin, noch de letter þ oan de ein fan in wurd. De thorn komt út it âlde runenalfabet.

De letters c, q, w en z wurden net brûkt, behalve foar wurden en namen fan net-Yslânske ôfkomst. Fjirder klinke i en y gelyk, sa as ek í en ý. De yn ûnbrûk rekke z klinkt as s, krekt as in alle Noardgermaanske talen. Op it earste wurdlid fan in wurd leit de klam.

Yslân waard tusken 800 en 1000 befolke fanút West-Noarwegen. It Yslânsk hat him ûntwikkele út it Aldnoarsk. Yn Noarwegen kamen, krekt as yn 'e rest fan it Germaanske taalgebiet, yn 'e iuwen dêrnei grutte taalferoaringen ta stân, al of net feroarsake troch de yntinsive kontakten mei de Nederdútsk sprekkende hannelsmannen fan de Hânze, mar op it ôfhandige Yslân kaam dat sawat net foar en bleaune de wurdskat en it bûgingssysteem frijwol ûnferoare. De útspraak is wol feroare. It Yslânsk besit in oantal fonemen dy't seldsum binne yn oare Europeeske talen, bygelyks in stimleaze l, n, m en r.

Dat yn it Yslânsk is it âlde Skandinavyske bûgingssysteem noch hielendal yntakt. Alle haadwurden, eigenskipswurden, lidwurden, oanwyzjende foarnamwurden, besitlike foarnamwurden, eigen nammen, (rang)telwurden ensafuorthinne wurde bûge yn fjouwer namfallen, dy't foar alle trije wurdgeslachten aparte foarmen kinne. Dêrneist ken it Yslânsk noch sterke en swakke bûgingen.

As yllustraasje folget hjir de bûging fan it ûnregelmjittige manlik wurd fjörður, 'fjord'.

 

iental meartal
nominatyf fjörður firðir
genityf fjarðar fjarða
datyf firði fjörðum
akkusatyf fjörð firði

It bepaald lidwurd wurdt, lykas yn oare Skandinavyske talen, efter it haadwurd plakt (oangehecht lidwurd), wêrtrochst foarmen krije kist as fjarðarins 'fan 'e fjord', fjörðunum 'oan 'e fjorden'. It ûnbepaald lidwurd hat it Yslânsk net. Fjörður kin dus sawol 'fjord' as 'in fjord' betsjutte.

In opfallend skaaimerk fan it Yslânsk is it sterke purisme, dat in grutte ynfloed hân hat op 'e ûntwikkeling fan de taal. Wêr de oare Germaanske talen oerspield waarden mei lienwurden út it Frânsk en Latyn, en de fêstelân-Skandinavyske talen boppedat mei lienwurden út it Nederdútsk, hat men yn Yslân hieltyd probearre de beneaming fan nije begripen út 'e boarne fan erfwurden te heljen. It Yslânsk is in rike taal, fanwege de protte iuwen sêgeliteratuer. Dêrtroch koene faak fergetten wurden út it ferline naam wurde om nije begripen oan te tsjutten. Sa waard 'telefoan' sími, nei in âld wurd foar 'trie', en 'skerm' (byldskerm, kompjûterskerm) skjár, nei in âld wurd foar 'finster'.
De lêste jierren nimt it oantal lienwurden lykwols ta yn it Yslânsk.


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Yslânske ferzje.