Nijyslânsk
It Nijyslânsk is de foarm fan it Yslânsk sa't dat sûnt likernôch 1350 sprutsen wurdt. It ûnderskiedt him benammentlik fan it Aldyslânsk troch in rige klankferskowings dy't dúdlik út 'e Yslânske stavering nei foarren komme.
Sa joech in skerpteken op in lûd yn it Aldyslânsk oan dat it in lange klank wie: a = /a/ (as yn "bak") ; á = /a:/ (as yn "laad"). Yn it Nijyslânsk kin de a no beide boppeneamde útspraken hawwe, wylst de á no útsprutsen wurdt as 'au'. Yn it Aldyslânsk hie de i de klankwearde fan 'e 'i' yn "sit" of yn "wite", en de í dy fan 'ii', wylst de y en ý foar de klanken yn "út", resp. "drúf" stiene. It Nijyslânsk hat lykwols gjin ú-klanken mear en no steane i en y foar de 'i' yn "sit", en í en ý foar de 'i' yn "wite" of foar de 'ii'.
Dit artikel is in stobbe oer taal.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |