Springe nei ynhâld

Oerlis:Wangereagersk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Printsje

[boarne bewurkje]

It printsje by dizze side ha ik fan de Sealterske Wikipedy ôfhelle. Op die side stiet ek in Sealterske oersetting fan it stik. Misskien is it wol aardich om dit stikje ek yn it Frysk oer te sette. Ik begryp it Sealtersk in lyts bytsje, mar no net sa goed dat ik soks efkes oersette kin. Soe in oar dat dwaan wolle/kinne? J'88

Ik freegje my ôf soene guons fan it eilân noch wat dwaan mei de taal, gedichten meitsje of wat dan ek?--Geoffrey 7 nov 2011, 21.22 (CET)[beäntwurdzje]
It Frysk fan Wangereach is útstoarn. De lêste sprekker is yn 1950 stoarn. Groetnis --Kening Aldgilles 7 nov 2011, 21.54 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, dat hie ik ek begrepen, mar soene sy der noch wat mei de taal dwaan? --Geoffrey 7 nov 2011, 22.29 (CET)[beäntwurdzje]

Faroese does not have interdental fricatives despite the spelling suggesting otherwise. They were lost possibly as early as the 14th century.

Thank you for your comment. Wa kin dêr even nei sjen? Oars mar in boarne derby dwaan sadat der gjin twifel mear is oer dat sintsje? En as der gjin boarne is meie wy dy sin om my wol fuorthelje. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 11 jan 2014, 15.35 (CET)[beäntwurdzje]
Sa't ik it lês, giet boppesteand kommentaar oer de "th"-foneem (in dintale wriuwklank of frikatyf), mar yn it artikel wurdt datoangeande net nei it Fêreusk ferwiist, mar op it mêd fan (yn oare Germaanske talen) fuortfallen einlûden. Dus, boppesteand kommentaar is goed bedoeld, mar docht hjir net ta de saak, en oan it artikel hoecht dus neat feroare te wurden. Ieneach fan 'e Esk (talk) 11 jan 2014, 17.27 (CET)[beäntwurdzje]

Terreinferlies

[boarne bewurkje]

Sjoch, dy Friezen yn Denemark wienen der kaam yn de tiid dat gâns de westkust Deensk wie: Size mar 1000-1200. Dy nijmoadyske grins fan Noardfryslân is der kaam doe't de Dútsers in 1920 part fan wat hja ynnaam hienen werom joegen. Hoe soe de Deensk/Dútske grins ea krekt op dy skieding lizze moatte. Is Nederlânsk benoarden de grins persys yn 1600 ferlearn gongen, ek al wiene der doe noch gjin Bismark dy't Noard-Sleeswyk oernime woe? Mar nee, noch slimmer: De Denen yn Noardsleeswyk wolle hawwe dat der Friezen yn it westen fan Noardsleeswyk wennen, mar neffens de kaart dienen dy Friezen harren mûle net iepen. Dit kloppet gewoan net. ~~~ 212.203.0.54 8 sep 2023, 13.51 (CEST)[beäntwurdzje]