Springe nei ynhâld

Oerlis:Eastfrysk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wangereachsk

[boarne bewurkje]

Hjir yn dit artikel steit dat de lêste sprutser fan it Wangereachsk yn 1954 ferstoarn is. Pyt Kramer, dochs myn foarnamste boarne foar de Eastfryske farianten, hâldt it op 1950, sis hjir: [1] ("De laatste beide sprekers van het Wangeroogs stierven in 1950.") Ik haw pas op de Nederlânske wiki in stik skreaun oer dat taalke (nl:Wangeroogs; sûnde dat it net mear praat wurdt, echt!), en dêryn haw ik ek 1950 oanhâlden. Hoe sit dat? Prate wy faaks net oer deselde persoan, of wie dy seeman út 1954 mar in healwei-sprutser, dy't it fan syn pake leard hie of sa? WanabeFries 11.36, feb 9, 2006 (UTC)

Wy hawwe it grif oer oare persoanen: de lêste twa fan 1950 wienen fan Varel, dat ik soe sizze dat it fêstewalsprekkers wienen, net op it eilân. Op de side oer it boek fan Versloot stiet in kaartsje mei 1954. Ik nim oan dat Pyt en Versloot kontakt hawwe, dat faaks kinne hja dit trochsprekke?
Wat oars is dat neffens it Frysk fan it eilân dat eilân Wrangeroog(e) of soks hiet, wat ik folge hie mei Wrangereach. No sjoch ik hjir nei it Dútsk Wangereach. Wat dogge wy? Aliter 21.57, feb 9, 2006 (UTC)

Grinslânsk

[boarne bewurkje]

Eastfrisian is also called Eastlauwersfrisian. The Gronings dialect has been found in this frisian dialect. If you compare Oldgronings with Saterlandic, you'd able to mention the similarities.

Hjir noch efkes by. By it taalgebiet fan it Eastfrysk wurdt Grinslân net neamd, wylst it Frysk yn Grinslân dochs ek ta it Eastfrysk rekkene wurdt. Of kloppet dat net? J'88 26 okt 2009, 23.01 (CET)[beäntwurdzje]