Anglofryske runen
De Anglofryske runen binne in samling runen dy't harren namme tankje oan de spesifike ûntsteanseftergrûn en dy't fûn binne yn it iere wengebiet fan de Friezen. Sy wurde beskôge as de âldste uteringen fan de Fryske literatuer.
Tidens de 5e en 6e iuw lutsen Angelske en Saksyske stammen it tsjintwurdige Westen en Noarden fan Nederlân yn as ûnderdiel fan harren oertocht nei Brittanje. In part fan de Fryske befolking gong mei, mar der bleaune ek Angelen en Saksen efter yn it wengebiet fan de Friezen. Nettsjinsteande harren likense Germaanske ôfkomst wienen der wol kulturele ferskillen tusken de ferskate Germaanske stammen lykas de foarm en ynhâld fan harren fuþark (of futhark): it aldgermaanske "alfabet". Wierskynlik al yn de 5e iuw ûntstien troch beynfloedzjen fan wjerskanten it Anglofryske fuþork. Dy waard útwreide mei in oantal runetekens, wylst oare feroaren fan foarm om in wjerspegeling fan feroarings yn de taal wer te jaan.
De aldfryske runen komme allinnich foar op losse foarwerpen lykas kamen en munten. Faak is de betsjutting net helder en is ek altiten in striidkwestje oft it feitlik om Fryske rune-ynskripsjes giet. Fan Westeremden is it ynskrift aldujislu meþ jisuhildu likernôch 800: "Aldujislu [giet] mei Jisuhildu": wat in seinewinsk bestjut om foarspoedich waaksdom. Ut de provinsje Grinslân stamje twa kamen mei âldfryske rune-ynskripsjes. Ien fan dizze befettet inkeld it wurd kobu, “kam”.
De taal fan de âldfryske runen is folle âlderwetser as yn de aldfrysk oerlevere boarnen. Dizze waard datearre tusken 500 en 800.
Fan de âldingelske runen binne der folle mear fûn en ek yn lingte fan teksten. (Sjoch: aldingelsk).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Krause, W., Runen (Berlijn, 1970)
- Looijenga, T. en Quak, A., Frisian Runes and Neighbouring Traditions, (Amsterdam-Atlanta, 1996)