Springe nei ynhâld

Tolsteeg en Rotsoord

Ut Wikipedy
Tolsteeg en Rotsoord
Lokaasje fan de wyk Tolsteeg en Rotsoord yn de gemeente Utert
Lokaasje fan de wyk Tolsteeg en Rotsoord yn de gemeente Utert
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert-Súd
Sifers
Ynwennertal 3.308 (2010)[1]
Oar
Postkoade 3523
Koördinaten 52° 4' NB, 5° 7' EL
Offisjele webside
https://www.utrecht.nl/zuid/

Tolsteeg en Rotsoord is in buert yn de wenwyk Súd, ûnderwyk Oud Hoograven/Tolsteeg, yn de Nederlânske stêd Utert.

De buert leit tusken de Vaartse Rijn yn it westen, Watervogelbuurt yn it noarden, Waterlinieweg yn it easten en Hoograven yn it suden. Tolsteeg hat in ferbining mei de A12/Ring Utert oer de ôfslach Hoograven.

Doe't Utert yn 1122 stedsrjochten krige waarden der grêften, wâlen en muorren om de stêd hinne boud. Tagongspoarten beane tenei de tagong ta de stêd. Fuortendaliks bûten de súdlike stedspoarte, Tolsteegpoarte, ûntjoech him in lytse foarstêd, Tolsteeg. It stedsje krige in spesjale rjochtsstatus yn de foarm fan in bûtengerjocht yn de stedsfrijheid. [2] en mocht sels ek in muorre om it plak hinne bouwe. Tolsteeg lei geunstich oan it wetterknoopunt fan de Stedsbûtengrêft, Aldegrêft, Krûme Ryn en Vaartse Rijn. Yn Tolsteeg fêstige him in ierdewurkyndustry.
Oare nammen fan it gerjocht wiene Tollesteeg, Stolsteeg en oant 1830 Kovelswade.

Yn 1818 waard de gemeente Tolsteeg foarme, dy't njonken it eardere gerjocht Tolsteeg ek de gerjochten Soestbergen, Oostraven (Hoograven en Laagraven) en Westraven bestie. Yn 1823 waard de gemeente al wer ferdield, dêr't Tolsteeg en Soestbergen by Utert kamen, wylst Oostraven en Westraven fannijs by Jutphaas yndield waarden.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard der grutskalich boud yn Tolsteeg dat doe in ûnderwyk waard. De wyk leit yn it eardere bûtengerjocht, mar wie dochs folle lytser is it oerflak fan it gerjocht. De wentebou yn de wyk bestie benammen út midhege flatbou sûnder lift, dy't skaaimerkjend foar de wyk wie.

Rotsoord is in âld yndustryterrein dy't oan de Vaartse Rijn lei. De wettertoer Heuveloord is tekenjend foar de lytse buert. De buert bestiet út in ferskaat oan wentetypen lykas arbeiderswenten, nije flatgebouwen, ferskate bedriuwen, poppoadium Tivoli de Helling en in bernebuorkerij mei fûgelopfang.

De buert is neamd nei de eardere bûtenpleats Rotsoord.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://utrecht.buurtmonitor.nl/
  2. De stedsfrijheid wie fan de midsiuwen oant de Frânske tiid yn it bûtengebiet by in stêd dat juridysk ta dy stêd hearde en dêr't it stedsrjocht gou
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tolsteeg en Rotsoord fan Wikimedia Commons.
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje