Alendorp

Ut Wikipedy
Alendorp

Alendorp is in buorskip yn de himrik fan Vleuten yn de Nederlânske gemeente Utert. De buorskip falt, mank mei Vleuten, ûnder de Utertske wyk Vleuten-De Meern.

De buorskip leit oan de 2 km lange Alendorperweg dy't dwers troch it Máximapark rint. Foar de anneksaasje fan Vleuten en De Meern troch de gemeente Utert wie dy dyk de ferbiningswei tusken de twa doarpen. De dyk is hjoed-de-dei gjin dyk foar trochgeand ferkear mear. Sûnt de anneksaasje kaam it gebiet yn it stêdlik gebiet te lizzen yn it ramt fan it nijbouprojekt Leidsche Rijn. It Máximapark skiedt de twa wiken Leidsche Rijn en Vleuten-De Meern.

Yn 1327 waard Alendorp foar it earst neamd as in pleats. Hindrik fan Alendorp en syn frou Elisabeth droegen de helte fan harren nôttsiende ôf oan de proasdy Aldmúnster yn Utert. De Alendorperweg waard op âlde kaarten de Alendorper Dijk neamd. De dyk rint fan súdeast nei noardwestlike rjochting. Rjochts dêrfan leit de âlde streamrêch fan de Alde Ryn en oan de oare kant de komgrûn fan polder Het Weer. Oant de tweintichste iuw wie de túnbou in wichtich middel fan bestean yn it plak.

Fan 1894 oant 1896 waard in lytse sealtsjerke boud foar de grifformearde gemeente fan Vleuten en De Meern. Yn 1952 kaam it gebouke oan de grifformearde tsjerken frijmakke en yn 2017 waard er oan in partikulier ferkocht.

Tichteby it tsjerke krúst de Alendorperwetering de Alendorperweg dy't winliken in ôfspjalting fan de Alde Ryn is.

It âlde tsjerkje fan Alendorp

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Frank van den Hoven, De Topografische Gids van Nederland (1997) side 86 ISBN 90-803027-3-2
  • ANWB Topografyske Atlas Utert/Flevolân (2004) - kaart 83 131-456 ISBN 90-18-01842-2
  • West-Europese adel » Jacob van Alendorp. Argivearre op 25 desimber 2017. Oproppen op 2 jannewaris 2018.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alendorp fan Wikimedia Commons.
 
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Flagge fan de gemeente Utert
Wiken fan de stêd Utert: BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen: HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen: AlendorpOudenrijn