Lunetten
Lunetten | ||
Lokaasje fan Lunetten yn de gemeente Utert | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
Plak | Utert-Súd | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.605 (2017)[1] | |
Oerflak | 276 ha | |
Oar | ||
Postkoade | 3524 | |
Koördinaten | 52° 3' 43" NB, 5° 2' 8" EL | |
Offisjele webside | ||
www.lunetten.nl |
Lunetten is in ûnderwyk yn it uterste súdeasten fan de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert. De ûnderwyk falt mank mei Hoograven en Tolsteeg ûnder de wyk Súd. De wyk hat 11.605 ynwenners en is ûnderferparte yn de buerten Lunetten-Noard en Lunetten-Súd. De Waterlinieweg skiedt Lunetten fan de rest fan de stêd.
Lunetten waard boud yn de 1970-er jierren, dêr't de namme fan nei de lunetten, heale moannefoarmige ferdigeningswurken omjûn troch wetter, fan de Nije Hollânske Wetterliny dy't yn de iere njoggentjinde iuw oanlein waard, ferwiist. By de gemeente Utert waard der doe fan útgien dat Lunetten de lêste wyk wêze soe dy't boud wurde soe omreden de wenningneed oan it ôfsakjen wie. Lykas by de wiken Overvecht, Kanaleneiland en Hoograven woene hja yn Lunetten gjin heechbou bouwe. Ynstee waard keazen en meitsje fan Lunetten in strukturalistysk stêdeboukundich eksperimint, dêr't takomstige bewenners ynspraak yn it ûntwerp by hiene. Ek studinten stêdeboukunde waarden by it projekt belutsen dêr't se lânskiplike eleminten by in belutsen. Dat projekt wie doe yn 1972 noch unyk yn Nederlân en wie dan ek de earste fan sokke projekten.
De wyk is in blomkoalwyk dêr't al it ferkear oer in rûnwei hinne laat wurdt en it ôfslaande bestimmingsferkear yn in bline wei of op harrensels weromrinnende strjitten terjochte komt. Lytse hôven en gersfjilden, dy't allegear boartersark foar bern befetsje, wurde ferbûn mei fuotgongerspaden en steechjes foarmje in feilige romte foar bern en oare ynwenners. Trije basisskoallen mei in sportkompleks lizze midden yn de wyk.
Lunnetten leit ynklamme tusken de Waterlinieweg, it spoar fan Utert nei Boxtel en it knooppunt Lunetten. De A12 rint súdlik en de A27 rint eastlik fan de wyk. Om it lûdsoerlêst te beheinen binne parken oanlein om gâns de wyk hinne. Yn it noardeast fan de wyk is it Stasjon Utert-Lunetten. Noardlik fan de wyk leit de bosk Amelisweerd, ie fan de lêste bosken yn de omkriten fan Utert.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
It sintrum fan Lunetten
-
Sosjaal-kultureel sintrum Musketon
-
In grêft yn Lunetten tusken Musketon en winkelsintrum "Zevenwouden"
-
Boartersark yn ien fan de parken
-
In strjitte yn Lunetten
-
hingbrêge oer it ynundaasjekanaal
-
Lokaasje Lunetten-Noard
-
Lokaasje Lunetten-Súd
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele hiemside
- Canon van Lunetten, in webside oer 2000 jier skiednis fan Lunetten - canonvanlunetten.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lunetten fan Wikimedia Commons. |
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert | ||
---|---|---|
Wiken: Binnenstêd • East (De Uithof) • Leidsche Rijn • West • Overvecht • Súd (Hoograven • Lunetten • Tolsteeg en Rotsoord) • Noardeast • Súdwest (Kanaleneiland) • Noardwest (Zuilen) • Vleuten-De Meern (Rijnenburg) | ||
Doarpen: Haarzuilens • De Meern • Vleuten | ||
Buorskippen: Alendorp • Oudenrijn | ||
· · |