Kanaleneiland

Ut Wikipedy
Kanaleneiland
Lokaasje fan Kanaleneiland yn de gemeente Utert
Lokaasje fan Kanaleneiland yn de gemeente Utert
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert-Súdwest
Sifers
Ynwennertal 15.965 (2017)[1]
Oerflak 127 ha
Oar
Koördinaten 52° 4' 19" NB, 5° 5' 36" EL
Offisjele webside
http://www.utrecht.nl/zuidwest/
Tekenjend foar Kanaleneiland is it grien en de flats mei 4 ferdjippings

Kanaleneiland is in ûnderwyk fan de wyk Súdwest yn de Nederlânske stêd Utert, de haadstêd fan de provinsje Utert. De wyk hat 15.965 ynwenners (2017) en is benammen in heechbouwyk mei in soad grien. De wyk bestiet út de buerten Kanaleneiland-Noard en Kanaleneiland-Súd. De wyk is oanmurken as iin probleemwyk en is ien fan de 40 wiken fan Vogelaar.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk leit oan de westkant fan Utert-Súdwest en wurdt yn it westen begrinzge troch it Amsterdam-Rynkanaal oan de wyk Leidsche Rijn, oan de noardkant troch de diken Weg der Verenigde Naties en Dominee Martin Luther Kinglaan mei de wiken Welgelegen en Den Hommel, oan Transwijk oan de eastkant troch de Beneluxlaan en oan de súdkant troch de Aziëlaan.

Yn de folksmûle wurdt mei it gânse gebiet fan Utert-Súdwest westlik fan it Merwedekanaal as Kanaleneiland ornearre, dus mei de ûnderwyk Transwijk ynbegrepen. Dat gebiet Kanaleneiland wurdt ynklamme troch it Merwedekanaal en it Amsterdam-Rynkanaal dy't oan 'e súdpunte yn Westraven gearrinne. It gebiet is dus winliken in "eilân" tusken dy kanalen, fandêr de namme "kanale-eilân".

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bouwen fan Kanaleneiland stie yn it ramt fan de grutskalige útwreiding fan de stêd Utert yn de 1950-er jierren. Yn 1954 waard de gemeente Utert útwreide mei parten fan de gemeenten Oudenrijn, Zuilen, Maartensdijk, Houten, De Bilt en Jutphaas. Dêrmei waard it oerflak fan Utert ferdûbele. Foar 1970 waarden de grutte wiken Kanaleneiland, Overvecht en Hoograven boud dy't it doel hiene de neikriichske wenningneed op te fangen. Dy wiken wiene ornearre foar 90.000 ynwenners dêr't der 30.000 fan yn Kanaleneiland wenje moasten.

Mei de bou fan Kanaleneiland waard yn 1955 úteinset en kaam ree yn 1971. De wyk waard in rom opsette wyk mei in soad grien en in soad heechbou. Yn de wyk kaam in eigen winkelsintrum, skoallen, tsjerke en âldereinwenten, sa't de wyk winliken in eigen stêd waard. Lykwols troch it brekme oan leechbouwenten ferfear de middeklasse al rillegau en waard harren plak troch ynnommen troch minsken mei in migraasje-efergrûn. De wyk fertutearze dêrnei om 't de gemeente yn de 1970-er jierren gjin jild foar ûnderhâld hie. Buertwinkels sleaten en it iepenbier grien waard fertutearze. Dat grien waard troch stêdboukundigen sjoen e bou mear wenten, skoallen en sportfjilden.

Yn de lette 1990-er jierren kaam der feroaring. Neffens de gemeente foldie de wyk net mear oan de easken fan de 21e iuw en sette dêrnei útein foar in grutskalich opkaltefaterjen fan de wyk. Yn 2007 waard Kanaleneiland opnommen yn de list fan probleemwiken fan minister Ella Vogelaar.

Sûnt 1983 docht de flugge tram fan Stasjon Utert-Sintraal nei Nieuwegein en Iselstein de wyk oan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kanaleneiland fan Wikimedia Commons.
 
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Flagge fan de gemeente Utert
Wiken fan de stêd Utert: BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen: HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen: AlendorpOudenrijn