Springe nei ynhâld

Noardeast (Utert)

Ut Wikipedy
Noardeast
Noordoost
Lokaasje fan de wyk Noardeast yn Utert
Lokaasje fan de wyk Noardeast yn Utert
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert
Sifers
Ynwennertal 38.490 (2017)[1]
Oerflak 507 ha
Oar
Postkoade 3581 - 3583
Koördinaten 52° 6' 14" NB, 5° 7' 45" EL
Offisjele webside
http://www.utrecht.nl/noordoost
De Biltstraat
Tuindorp
It wite gebou rjochts is it âlde poartegebou oan de "Biltse Grift"

Utert-Noardeast (Nederlânsk: Utrecht-Noordoost) is in wyk yn de Nederlânske stêd Utert, de haadstêd fan de provinsje Utert. De wyk hat 39.282 ynwenners (2019, Boarne: gemeente Utert) en is de tredde wyk yn de stêd neffens ynwenners.

De wyk leit yn it noardeasten fan de stêd Utert en wurdt begrinzge yn it westen troch de rivier de Fecht fan de wyk Noardwest, yn it noarden troch it spoar fan Utert nei Kampen fan de wyk Overvecht, yn it easten troch de A27 fan de gemeente De Bilt, yn it suden troch de Biltstraat fan de wyk East en yn it súdwesten troch de Stedsbûtengrêft fan de Binnenstêd.

Wichtige strjitten yn de wyk binne Kardinaal De Jongweg, in wichtige east-west-ferbining troch de wyk en de Biltstraat op de skieding tusken de wiken Noardeast en East, dy't part fan de âlde rûte fan Utert nei Arnhim wie.

Yn de midsiuwen waard it woast lân en it sompich gebiet, dat doe noardeastlik fan de stêd Utert lei, oanmakke. Yn de trettjinde iuw waard in dyk oanlein op it plak dêr't de Biltstraat no rint. De dyk waard doe de Biltse Steenstraat (Biltske Stienstrjitte) neamd en wie de earste stiennen dyk yn it gebiet fan hjoedeistich Nederlân. Justjes bûten de doetiidske stêd ûntstie oan dy strjitte in lytse foarstêd fan Utert mei in eigen tagongspoarte op 'e hichte fan it wetterke de Biltse Grift. De bewenners wiene lykwols gjin ynwenners fan de stêd Utert en moasten poartejild betelje as se de stêd yn woene. Yn de njoggentjinde iuw woeks de stêd fluch út en waard der om de Biltstraat hinne boud. Ek de Rijks Veeartsenijschool (de Ryksfeedokterskoalle) waard oan dy strjitte boud. Ek oan dy strjitte waarden grutte hûzen foar almeast de begoede boargerij boud, wylst benefter oan wjerskanten arbeidersbuerten boud waarden. Oan de strjitte sels waarden beammen plante. Yn de tweintichste iuw naam it ferkear ta en waard de strjitte in wichtige ferbiningswei en allyk in winkelstrjitte. Yn de 1960-er jierren waard de ringwei om Utert boud en naam it ferkear yn de strjitte en yn de wyk ôf.

De wyk bestiet út de folgjende ûnderwiken en buerten:

Súdlik fan de Kardinaal de Jongweg:

  • Votulast (westlik fan it Griftpark)
    • Vogelenbuurt
    • Lauwerecht
    • Staatsliedenbuurt
    • Tuinwijk-West
    • Tuinwijk-East
  • Wittevrouwen/Zeeheldenbuurt (eastlik fan it Griftpark)
    • Wittevrouwen
    • Zeeheldenbuurt, Hengeveldstraat en omkriten
    • Huizingabuurt, Karel Doormanlaan en omkriten

Noardlik fan de Kardinaal de Jongweg, mei it park Voorveldse Polder:

  • Tuindorp/Voordorp
    • Tuindorp
    • Tuindorp East
    • Voordorp en Voorveldse Polder

It gebiet fan de âlde Ryksfeedokterskoalle yn de wyk is beskerme stedsgesicht.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje