Haarzuilens

Ut Wikipedy
Haarzuilens
Kastiel De Haar
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Sifers
Ynwennertal 555 (1 jannewaris 2021)[1]
Oerflak 8,15 km²
Befolkingstichtens 68 /km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 7' NB, 4° 60' EL
Webside http://www.haarzuilens.net/
Lokaasje fan de himrik fan Haarzuilens yn de gemeente Utert

Haarzuilens is in doarp yn it noardwestlik part fan de Nederlânske gemeente Utert. It doarp hat 555 ynwenners (Boarne: CBS, 2021). Oant 1 jannewaris 2001 hearde it doarp by de gemeente Vleuten-De Meern, doe't dy gemeente troch de gemeente Utert anneksearre waard. Sûnt dy tiid heart it doarp by de wyk Vleuten-De Meern.

Njonken de beboude kom om de Brink en it Kastiel De Haar hinne, hearre de Thematerweg en de buorskippen Ockhuizen en Lage Haar by it doarp. De Brink leit likernôch 10 km fan de Utertske binnenstêd. It bûtengebiet fan Haarzuilens is wiidfiemjend en tinbefolke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste ferwizing nei Haarzuilens komt út 1391 nei De Haar, de namme fan it kastiel en de hearlikheid dy't ôflaat is fan it Proto-Germaanske haru, itjinge soks as "sânige ferheging" betsjut.[2] Yn 1482 waard it kastiel belegere en troch de Hollanners yn 'e brân stutsen by de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen. It kastiel bestiet út in kearn fan de fjirtjinde iuw en waard yn de fyftjinde iuw alhiel ferboud en tusken 1504 en 1554 mooglik fannijs opboud as fergrutte.[3] Yn de fyftjinde iuw kaam it kastiel yn it besit fan de famylje Fan Zuylen troch in houlik mei de famylje De Haar, dêr't de namme Haarzuylens wei komt.[4]

Yn 1812 waard it gebiet part fan de gemeente Vleuten en yn 1818 waard De Haar in selsstannige gemeente, dy't de eardere gerjochten De Haar, Themaat, Themaat Engsgerecht en De Hegge op Themaat. Dy gemeente soe oant 1 jannewaris 1954 bestean bliuwe, doe't er yn it ramt fan in gemeentlike weryndieling om de stêd Utert hinne by de gemeente Vleuten-De Meern. Yn 2001 waard dy gemeente troch de gemeente Utert anneksearre en waard part fan de wyk Vleuten-De Meern. Haarzuilens hat lykwols syn status as offisjele wenkearn holden.[5]

It oarspronklik doarp lei tichter by it kastiel. It kastiel wie doe lykwols ferfallen ta in ruïne en it doarp ûntjoech him on de brink hinne. Yn 1890 urve baron Étienne van Zuylen van Nyevelt van de Haar (1860-1934) de kastielruïne fan syn heit Gustave van Zuylen (1818-1890). Étienne boaske op 16 augustus 1887 yn Parys baronesse Hélène de Rothschild (1863-1947), in erfgenamt út de Frânske takke fan de rike bankiersfamylje Rothschild. Mei tank oan har rykdom koe Étienne syn foarfaarlik kastiel gruts ferbouwe litte. Foar it fannijs opbouwen fan it kastiel socht er de help fan de ferneamde arsjitekt Pierre Cuypers, dy't nau mei syn soan Joseph Cuypers oparbeide. Hja wurken tweintich jier lang oan it projekt.

Om de tunen om it kastiel hinne oan te lizzen, moast it doarp Haarzuilens ferpleatst wurde. Yn 1898 waard it gânse doarp, op de tsjerke nei, ien kilometer nei it easten ta ferpleatst. It nije doarp waard ek troch Pierre Cuypers ûntwurpen. It nije doarp waard kreksa as it âlde doarp opset as in brinkdoarp. Sûnt de opbou yn 1898 is it doarp mar in bytsje feroare mei útsûndering fan hjir en dêr in bytsje nijbou, lykwols bûten it sicht fan de brink.[6]

Monuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Haarzuilens binne ferskate ryksmonuminten. It doarp is in beskerme doarpsgesicht. Op it terrein fan it kastiel stiet de âlde tsjerke mei it slotkapel.

Wapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wapen fan Haarzuilens bestiet út fjouwer parten. Twa parten besteane út sulveren ruten op in reade skyld fan de famylje De Haar en reade pylders (zuilen) op in sulveren skyld fan de famyle Van Zuylen.[7] It wapen waard yn 1932 de gemeentewapen fan Haarzuilens, dochs de gemeente yn 1954 by de gemeente Vleuten-De Meern yndield waard, waard it wapen oernommen yn de gemeentewapen fan Vleuten-De Meern.[8]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Haarzuilens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
  2. Gerald J.W. van Berkel, Kees Samplonius, Het plaatsnamenboek: de herkomst en betekenis van Nederlandse plaatsnamen. Van Holkema en Warendorf, Houten (1989). ISBN 90-269-4321-0.
  3. www.haarzuilens.net/het kasteel de haar pag-1
  4. www.haarzuilens.net/'t wapen van haarzuylens
  5. Ad van der Meer en Onno Boonstra Repertorium van Nederlandse gemeenten 1812–2011, KNAW, (argivearre), siden 75 en 133.
  6. www.haarzuilens.net/het dorp
  7. Wapen fan Haarzuilens
  8. Gemeentewapens/Haarzuilens
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Haarzuilens fan Wikimedia Commons.
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
wizigje