Springe nei ynhâld

Vleuten-De Meern (gemeente)

Ut Wikipedy
Vleuten-De Meern

Loftfoto fan Vleuten en De Meern yn 2017
flagge wapen
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
gemeente Utert
sifers en geografy
haadplak Vleuten
ynwennertal 19.430 (1999)
skiednis
oprjochte 1954
oant 1954 Haarzuilens
Oudenrijn
Veldhuizen
Vleuten
opheft 2000
opgien yn Utert
no part fan Utert
oar
tiidsône UTC+1
simmertiid UTC+2

Vleuten-De Meern is in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert. De gemeente waard op 1 jannewaris 2001 part fan de gemeente Utert. De gemeente bestie út de kearnen Haarzuilens, De Meern en Vleuten. Yn 1999 hie de gemeente 19.430 ynwenners.

Yn 1811 waard út de eardere gerjochten Themaat, De Haar, Vleuten en De Meern, Ouden Rhijn, Heijcop, Papendorp, Galekop, Veldhuizen, Reijerscop-Kreuningen en Reijerscop-St.Pieters fjouwer gemeenten foarme: Vleuten, Oudenrijn, Veldhuizen en Haarzuilens. Ut dy gemeenten wei ûntstie op 1 jannewaris 1954 de gemeente Vleuten-De Meern. De eardere gemeente Oudenrijn waard opspjalte yn in eastlik part dat oan de gemeente Utert taheakke waard, en westlik part dat nei Vleuten-De Meern gie.De grins tusken dy twa gemeenten kaam op it plak fan de hjoeddeistige A2 te lizzen. Op 1 jannewaris 2001 wie der fannijs in gemeentlike weryndieling dêr't de gânse gemeente Vleuten-De Meern troch Utert anneksearre waard. Dy anneksaasje wie yn it ramt fan it nijbouprojekt Leidsche Rijn dy't doe oer de twa gemeenten ferspraat lei. Dat wie doe de grutste Vinex-lokaasje fan Nederlân en it like logysk te wêzen dat de gânse wyk oan Utert taheakke wurde soe. In grut part fan de ynwenners fan Vleuten-De Meern woe net, mar dochs waard de gânse gemeente troch Utert anneksearre. De nij keazen gemeenterie fan Utert woe de ynwenners fan de gemeente temjitte komme om de kearnen Vleuten, De Meern en Haarzuilens as offisjele wenplakken bestean litte te bliuwen. Dy doarpen waarden lykwols, mank mei de polder Rijnenburg, dy't troch de gemeente Nieuwegein oan Utert ôfstien waard, ûnder de wyk Vleuten-De Meern beflapt. Guon eastlike parten fan Vleuten en De Meern waarden de wyk Leidsche Rijn yndield, dy't ûnder de kearn Utert foel. Ek Rijnenburg falt offisjeel ûnder de kearn Utert.

Ear't der mei de bou fan Leidsche Rijn úteinset waard, wiene der op de ouwerwâlen fan de ferskate ôfspjaltings fan de eardere rivier de Ryn ferskate glêstúnboubedriuwen. Dy binne ferpleatst of binne opholden te bestean. Yn it midden fan it eardere glêstúnbougebiet is no it Máximapark.

Sûnt de gemeentlike weryndieling yn 2001 is Vleuten-De Meern yn tweintich jier woeksen fan krapoan 20.000 oant mear as 50.000 ynwenners. It eardere gemeentehûs fan Vleuten-De Meern yn Vleuten tsjinnet hjoed-de-dei as in siktarij fan de gemeente Utert en as wykburo.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vleuten-De Meern fan Wikimedia Commons.