Marco van Basten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Marco van Basten

Marcel (Marco) van Basten (Utert, 31 oktober 1964) is in Nederlânske âld-fuotballer en âld-ynternasjonaal.

As jonkje skreau er op it buroblêd fan syn keamerke yn Utert: 'Ik ben de beste, Op mij na'. Spile as skraal jonkje út Utert by UVV en Elinkwijk. Syn heit wie in bikkelhurde ferdigener by profklup DOS, syn mem Leny ( 1932 ) komt fan Ljouwert. Marco hat in broer Stanley en in suske Carla.

Tusken 1981 en 1987 groeide Van Basten út ta in fedette. Goreograaf Rudi von Dantzig brocht yn 1987 in oade oan him doe't er syn bewegings fergelike mei dy fan balletdûnser Rodolf Noerijef. De Italjaanske miljonêr Silvio Berlusconi helle him nei Milaan. Yn desimber 1986 krige Marco in slimme ankelblessuere. Trijeris waard er Europeesk fuotballer fan it jier, en ien kear de bêste fan de wrâld. Marco van Basten waard wrâldwiid bekend troch syn goal op it EK fan 1988. Op 17 augustus 1995 naam 'San Marco' ôfskied fan it fuotbal by AC Milan, mei in gûlende trener Fablo Capello op de bank. Neidat de ankelblessueres fierder fuotbaljen ûnmooglik makken naam er ôfstân fan it fuotbal. Nei fiif jier kaam er werom as bûnscoach fan it Nederlânsk Alvetal en dêrnei waard er trener by Ajax. Yn 2009 stapte er op as trener omdat er himsels net goed genôch fûn. Begjin febrewaris 2012 tekene in in kontrakt foar twa jier as coach by SK It Hearrenfean.