Hollânske Wetterliny

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Ald Hollânske Wetterliny.

De (Alde) Hollânske Wetterliny wie in wetterliny foar de ferdigening fan Hollân yn de 17e en 18e ieu.

Neidat it ûnder wetter setten fan stikken lân yn 1573 (Alkmar), 1574 (Leien) en yn 1629 (de Utertse Wetterliny tusken de Sudersee en de Lek) al in effektive ferdigeningswize wie, waard yn it Rampjier 1672 in wetterliny boud tusken de Sudersee en de Merwede, om sa it Frânske leger fan Loadewyk XIV tsjin te hâlden foardat dizze ek Hollân ynnimme koe.

Yn dat selde jier hold de liny stân en krige it in mear bliuwend karakter. De aksessen (swakke plakken yn in wetterliny omdat se bygelyks te heech lizze om ûnder wetter set te wurden) waarden ferstevige mei tal fan forten en oare ferdigeningswurken. Oant de Napoleontyske Perioade waard de liny in pear kear nei it easten ta ferlein, sûnder de stêd Utert yn te sluten. Fan 1815 ôf waard in gehiel fan nije ferdigeningslynjes ynrjochte mei Utert as sintraal punt. Dizze liny wurdt sûnt 1871 offisjeel de Nije Hollânske Wetterliny neamd, om it ferskil mei de Alde Hollânske Wetterliny oan te jaan.

Oare wetterlinys[bewurkje seksje | edit source]